De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 73] [p. 73] Dam Jaarsma: De breid Yn glinstring fan satyn en tulen sluijer Tripket, in wite fé, hja troch it hôf. It wurdt hast tiid, mar dizze lêste kuijer Skeanoer nei pake's koe der krekt noch ôf. d'Ald man jowt him oerein, nou hat de sinne, Beevjend fan lok, him dizze wente socht. Mei sier en graesje draeit hja om him hinne, It each ien laeits, har hiele wêzen ljocht. De wurden hâldt er yn, ta 't lêst biwarre, Oer syn ier widnerskip fol ûnk en smert, Mar hellet, o, hy sil hjir lang op tarre, - Drôve oantins fan in al to ûntiidge dea - It boat fan diamant yn sulver set. Sêft, op har teannen, jowt se him har pea. Vorige Volgende