De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 72] [p. 72] Anna Gerritsma: Frou (Foar Ary) Op de grins fan goed en kwea draecht hja har skientme troch de strjitten en wit har djipten nea noch mjitten en al har wielden jit net sein. Hja wit har lichem brutsen brea en wurdt sels fan in blik al skeind. Op de grins fan goed en kwea leit hja - tonacht - yn djippe dreamen, en djipper as de dream wit hja har bloed jit streamen: hwant heger as de himel legeret hja. Al rikt mans died dy hichte nea: gean as in leauwge nei har ta. Kear as in hillige ta har yn, wol net har wielde-dreamen skeine mar lit har dizze ierdske seine: nim har bigearte-sillige lea. Lit har net gean, yn reade skyn oer de grins fan goed nei kwea. Jow al har ûren harmonij fan geastesmienskip, goudoergetten - dan wurdt sels de ivichheit bisletten - twa sielen floeije ta ien bea - binn' God en himel tichteby en fier de grins fan goed en kwea. Nim har dan mei dy op dyn wei, Jei as de wolven fan de wâlden, troch al de wiidten fan de wrâlden, foar God op bút, fortroud de dea. Wês ta Gods bylden al den dei Op de grins fan goed en kwea. Vorige Volgende