De biwuste Fries is der jit altyd min ofte mear fan oertsjûge dat der út it Suden neat gjin goeds komme kin.
In reis nei it Suden stiet gelyk mei de ûndergong op Aeaea, oan 'e tafel fan Circe, de tsjoenster. Of, as it Suden, oer de bergen hinne by ús komt, is de fluenske keapfrou gjinien oars as de boaze keninginne, dy 't bisiket Sniewytke mei de forgiftige apel to forjaen.
Der binne jit, dy't de ‘súdlike kultuer’ sjogge as in slepend forgif, dat yn it earstoan wide dreamen jowt, mar letter geast en krêften fan de sterke, reine Noarderling nimt.
De ôfstjittende foarbylden binne machtich yn tal, mar hast ôfbrûkt. De Vandalen fan Gelimer, kening Redbad en de Dútske keizers fan it hillige Roomske ryk wurde brûkt as tsjûgen à charge yn in forjierre proses.
Mar goed, lit ‘it Suden’ op ús wurkje as in forgif en lit de earste drippen ús foarfaers min bikommen wêze. As wy it brûken leard hawwe sil it bliken dwaen, dat wy der net bûten kinne. Men kin it Suden de eare jaen, dy't it takomt, sûnder der stedskyn fan to wurden. Al jowt men bgl. ta, dat Frankryk de ivige fiedster fan 'e Jeropeeske kultuer is, dêrom hoecht men net ûnder to gean yn 'e swiet-dodzige dream fan ‘la douce France’. It hat gjin doel de noardlike phrase mei in súdlike slaen to wollen.
Sûnder dy boomerang to slingeren, kin men de bisjutting, dy't de Frânske kultuer ek foar ús hat evident meitsje. Hwant rounom, dêr 't it kulturele libben bloeit, kin men de Frânske geast merkbite, as de saed, dy't it wêzen jowt oan in mylde stream, dêr't Jerope syn toarst oan forslacht.
It is spitich dat hjir yn Fryslân de bilangstelling foar de Frânske literatuer net great liket to wêzen. Miene hja faeks Frankryk út 'e wei gean to kinnen? Hwa't de skriften fan Hollânners, Amerikanen of Ingelsken, fan Noaren of sels Dútskers lêst, fart hieltiten yn 'e delta fan 'e Gallyske stream. Men kin yn ús Westlike wrâld gjin smout herntsje fine, dêr 't it triomfantlik kraeijen fan 'e ‘coq gaulois’ net to hearren is.
Hwa't him yn 'e Frânske literatuer fan ús dagen jowt, kin Albert Camus net ûntrinne.