De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 65] [p. 65] [Nummer 3] Dr. O. Postma: Kwatrinen I. Nea hie er noch fan God - en leafde? - dicht, Doe hat er 't klaed, dat him fordiek, hwat licht. Mar, o, it wie gjin God om oan to sprekken; Myn freon, myn freon, dan nea mei d'eagen ticht? II. Sa binne wy dan oan de leafde ta; In earsum harker mei dêr diel fan ha. Mar as dy leafde lei al ûnformomme Yn alle dicht? Myn freonen, nim it sa! III. It easterse kwatryn hat sa syn eigen wêzen; It wol dy twinge yn 't djipste ik to lêzen, Mar wês dan fêst, of 't nimt dyn skut dy wei, En iepen leit dyn skande foar de glêzen. IV. Net jimmer hoecht in dicht nei 't iv'ge ta to rinnen, Ek tichter by is dichters stof to winnen; Dêr is de leaflikens fan ierde' tún, En 't stille omgean fan hwat deisk biminnen. V. Der is sa eat - ik kin it net bineame, It sil syn sté ha oan biwittens seame - Is it fier ôf, de wurden haww' gjin macht, Mar by syn oanreits silst dyn sillichst dreame. [pagina 66] [p. 66] VI. Dan sjoch 'k de dichten oan dy't ik gearbrocht ha. 't Is goed, 't is tsjoed, mar hwerta tsjinjc hja? - In jonge earne, en in wrâld giet iepen, De sinne, mem... It doel? Dan kòmt it sa. Bylden Linnen dat klapt op 'e wyn, de line tusken twa stammen Fan wylgen, en in giele heap sân, Dêr't de kroade op troanet: Koets op in heap fan goud. In apelbeam op in tapyt. Ik lústerje nei d'acrobatemuzyk fan it linnen; In fûgelskrik-clown stiet to kriten, Twa earmen en in hoed. Douwen fan 't dak - ballen dy't stjûre Fearkrêftige strielen omheech nei de himmel - Nim jimme' flecht, 'k bin mar inge systerne, Mei syn rounte nou wiid yn 'e sinneskyn. Nei Franz Hellens. Vorige Volgende