De Tsjerne. Jaargang 3
(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 63]
| |
Fryske nasjonalistenPraet jim de tonge wurch, de strôt ta heazens,
it is omdôch, 't is wetter nei de saed:
dit sleauwe brod fan Skerpensyl ont Peazens
stjert foar syn dea oan brein- en libbenleazens.
| |
Nijsblêd foar it Fryske folkJow hjoed it keatsen, moarn de CAF in plomke,
sparje de lêzers, hún den Haech in kromke.
0 diel morael op 20 kritenijs -
rintnierje warber, o senile omke.
| |
RomanskriuwersBreidzje tûk fierder oan jim âlde sokken:
de boererampen, 't kealjen, houliksbrokken.
Priizgje fan 't plattelân seden en geuren,
en hâld kultuer en harsensport yn stokken.
| |
StudintenHâld heech de Kleare, en de Fryske Trou,
bâlt jimme striidfjûr fan de Aldehou,
wês fûl en skriuw as trouwe bureaukraten
ien jierforslach per dei: rju stof ta praten.
| |
OpfiedersPastoar en domeny en boppemaster,
hja hawwe 't kwea fan fierrens yn 'e noaster.
Op alles hwat hja preekje, drige en straffe
is Hollâns tael in sêft en suver plaster.
| |
[pagina 64]
| |
EkonomenWy hawwe fan kultuer gjin lêst, mar ús rapporten
bin dreech en deeglik, wis en sterk as forten.
In statistyk? in plan? in kaertsysteem?
dossiers? wy stome 't ré yn ús retorten.
| |
PoliticiWy haetsje Holl... hm... haetsje is it wurd net.
Mar sjoch, den Haech hat ús sa faek foar skut set,
dat wy nou lang om let, sjoch, sels... mar ssst,
hwant in goed boutsje moat net al to hurd bret!
| |
BounSjoch hjir ús avant-garde, ús extremisten,
de skrik foar boargerman en earber Kristen.
Dit striidber hear, mei 't karbrief as pistol,
forkeapet spjeldtsjes oan dy't noch net wisten.
| |
SelskipEala it legioen kritebistjûren,
gerniers en winkellju, ûntfangers, boeren,
ienriedich pypkjend en ienriedich smokend
weitsje hja foar ús heilsteat alle ûren.
| |
EinbislútO wês net hurd, Hear, lit se sêftkes stikke:
earst noch hwat sinne, in briedstoel en in blikke,
foar nju in Tetman en in Abe Brouwer,
foar romantyk in bjinstap en in hikke.
|
|