De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Sjoerd Spanninga: De brêge De lette riemen flamje fan juwielen, It boat dat byldet himselm op de feart. De joun dipt yn it wetter syn pinsielen, En skilderet in brêge, goud en read. Under de kleuren, woun út bloed en sinne, Roeiket it libben mei syn melodijen Fan herte' freugd en leafde' smerte hinne - It is de ûre fóár de nacht fan swijen... [pagina 62] [p. 62] Hoe lang noch? It sil noch wol efkes oanhâlde, tink, Ear't it safier is, Dat wy de swiere pânsering fan de ieuwen fan ús ôfsmite, En de wichtige dracht fan de oerlevering útlûke, Om wer neaken as in bern To baeijen yn de hearlike gloeden fan de joun En it moarntiidsrea fan nije mooglikheden. Wy sille der wol to ûnseedlik ta wêze, haw ik soarch, Yn de doffe eagen fan it boargerlik fatsoen, As wy it weagje mei de kleare glinsteringen fan de sinne en de sé, En de hertslach fan de leafde yn it libben, Ont der kosmyske streamen troch ús hinne spiele. Hwant nóch binne wy hast folslein de finzenen fan de tradysje, Al wurdt by inkelden de klaeijing fan gewoanten Ta in skomjend witten en in wolkich waeisel, Dat om de frije geasten, de ruters op de reinbôge, Bitsjoenend wiuwt as wynd'rjend noarderljocht; Har himelske siele dounset de wûnders fan de ivichheit. Mar hoe lang sille wy de ierdske ellinde noch dounsje moatte, En de martelgong fan de minske, Under de helske forskrikking fan eigen domheit en selssucht, Ear't it mei ús safier is, Op ús pylgertocht troch de bibelske dagen en babelske nachten fan de folken Nei de fiere oarden fan it ûnbikende, Dêr't de waen fan 't âldbiwende syn forlossing En de wierheit fan de greate sjenners har foltôging fynt? It sil noch wol efkes oanhâlde, tink, Ear't wy it mystike oerljocht, it hillige fjûr, Wer yn ús drage as barnende lampen, En de skientme wannelt oer de weagen fan de djipste ienfâld. Hoe lang noch? Vorige Volgende