| |
| |
| |
F.J. Bergstra:
Lof en blaem fan de anonymiteit.
Der hat in wikemannich gâns drokte west yn ús skiere Fryslân oer in anonyme brochure. Nou hat de Fryske Biweging al in fyftsjin, tweintich jier lang har bêst dien elke fortinking fan separatisme to ûntrinnen, hat forskate reizen, sûnder dat der in needsaek foar wie, har loyaliteit oan it souvereine Westlân hieltyd wer forklearre en forsekere, net sjende dat hja de sliepende hounen der krekt mei wekker kraeit. En nou komt my dêr in yn it Westlânsk skreaune brochure noch wol mei in eask fan Fryslân frij en baes yn eigen hûs, mei in radikaliteit yn it konkrete en saeklike, dy't dúdlikernôch net út de rounten fan de Fryske Biweging yn ingere sin stammet. De klassike Biweging wist sokke aspiraty's altyd noch wol yn in ûntaestbere mythologyske dize to bimanteljen, yn in healskimer fan Germaenske en Nordyske dit- en datten, der't nimmen fan sjen koe oft hja op it forline of op de takomst útwoene. Dat it officium dy Fryske Biweging dochs nea net fortroude, en it altyd nedich achte om tsjin it separatisme, der't wy gjin spoar fan in opset ta hiene, stelling to nimmen, moat dan ek alhiel op rekken skoud wurde fan dat Westlânske rationalisme. Ommers, hja koene har dêr yn har klearforljochte stêdden en studearkeamers mei de bêste wil oan dy hiele Fryske Biweging neat earnstichs en earlik-miends foarstelle, as der net in kromke fan in strekking ta steatkundige selsstannichheit yn meibidoeld wie. Fansels leit dat net oan ús, biwegende Friezen; it komt allinne mar fan dy Westlânske dommens, dy't gjin bigryp hat fan de djipten en ûndjipten fan ús Fryske komedianten- en tragedianten-siele.
It is dan ek in aerdichheit om to sjen, hoe't krekt dy Fryske Biweging nou op de brochure ‘Friesland op de Tweesprong, door enige Friezen’ reägearret. Sa min mûglik yngean op it konkrete, op it saeklike, inkeld in bytsje sâlt op de sturt fan in detail, mar fierders in forbjusterjende ienriedichheit yn it ôfwizen fan de anonymiteit as striid- | |
| |
methoade, in ienriedichheit yn it negative dy't jin inkeld wrantelich makket, dat wy yn it positive net like ienriedich wêze kinne.
Hwerwei dizze sa lûd biliden leafde foar de striid mei it iepen vizier, der't alle critici sa fan opjowe? Steane hja allegearre sa to springen fan ûngeduld om in earlike, de uterste ynspanning fergjende kriich oan to gean, dizze ridderlike stjûrlju oan de wâl? Komt it faeks fan de iepen winter, út toloarstelling dat hja net yn 'e hurdridersbaen kinne, dizze koartebaenkampioenen? Ik wit it net, mar ik wol in andert op dizze fragen bisykje. En ik nim it op foar de anonymiteit. Mar lit my earst precisearje hwer 't ik it oer haw. Ik haw it wurd separatisme neamd, en it yn forbân brocht mei de biwuste brochure. Dat soe de suggesty jaen kinne, dat dy brochure in Frysk separatisme bipleitet, dus in politike losmakking fan Fryslân út it Nederlânske steatsforbân. Dat is nou hyn ofte nei net it gefal. De brochure wol allinne de steatkundige forhâlding tusken Fryslân en it Ryk fornije op de grounslach fan in rjochtfeardich en paslik gefoel fan eigen-wearde fan de kant fan de Friezen. Dat is in suver saeklike oangelegenheit, dy't men it bêste suver en saeklik bihannelje koe. Mar de Fryske Biweging reägearret net saeklik en foaral net suver, om't hja it appèl oan de consequenty's fan har nationale bigjinsels dat dizze brochure bitsjut, en dêrmei oan dy bigjinsels sels, net suver fielt. Dy Biweging fielt har appellearre oan har eangst foar it separatisme as spûk.
Hwant lit ús nouris hiel earlik wêze, foar inoar oer, en foar ússels oer. De greate eangst foar it Fryske separatisme fynt men net by it officium, op it Hofplein, yn it Westlân, yn Den Haech, dy fynt men yn Fryslân, yn it folk en yn de ienling, en net it minst yn de Fryske Biweging. It officium is net bang foar ús, mar wy binne bang foar ússels, om ússels. As it officium syn warkskôgjend lûd hearre lit, de ‘finger opstekt’, dan is it net om't it him net wis fielt fan syn saek, mar om ús hieltyd wer opnij yn forwarring to bringen, om ús warleas oer to leverjen oan de spanningen fan it ûnformoedsoene konflikt yn ús eigen inerlik. En men kin oars net sizze, as dat de magistraten it klavier fan de Fryske folksconscienty masterlik bispylje,
| |
| |
en dat hja hast altyd de gefoelige snaer witte to treffen yn ús, ‘wanhopige boeren, door godsdienst en geweten streng gericht’.
Dy hiele eangst foar it separatisme as spûk is neat oars as de eangst foar de politike consequenty fan it Frysk-nationale bigjinsel, in consequenty dy't op har bar neat oars is as in consequenty fan it Fries-wêzen sels.
Stel nou, dat wy ús ris losmakken fan de steksjoggerige en lyts-sjoggerige atmosfear fan Fryslân en Nederlân, dat wy ris oer de boerearbeidershorizon fan Fryslân en de boargerhorizon fan Hollân hinne seagen en ús stânpunt en útsjochpost keazen yn in Europeesk forbân en op in Europeesk peil. Stel, dat wy stiene op de top fan de Mont-Blanc, en wy seagen nei it Suden en it Noarden, nei it Westen en it Easten, oer Europa en oer de wrâld. Oeral soene wy steaten en folken yn woeling en gisting sjen kinne, en wy seagen samar op tsien, tweintich plakken yn dit âlde toskuorde en dochs sa grandioos-respectabele wrâlddiel de minderheden krewearjen om ûnder de druk wei to kommen. Wy seagen yn Frankryk de Provençalen en de Bretons, yn Spanje de Catalanen en Basken, op de Greate Eilannen de Ieren en Welshmen en Skotten, yn België de Flamingen en Walen, en yn East-Europa in gewrimel der't nei dizze oarloch faeks gjin Westerling de wei mear yn fine kin, mar oeral minderhede-problemen, dy't gearfette wurde kinne yn it stribjen nei emancipaty en frijheit, de eask fan selsbistjûr en autonomy, it birop op it selsbiskikkingsrjocht fan alle folken, great en lyts. Wy soene ek sjen hoe 't yn ien lyts lân oan ús fuotten in harmonysk lywicht foun wie dat in fredich meiinoar-libjen mûglik makke fan dielen fan deselde folken, dy't nou al hûnderten jierren lang inoar op libben en dea bistriden hawwe. En yn datselde lân soene wy sjen hoe 't in lyts folk fan tritich-fjirtichtûzen sielen, sûnder in kulturele greatmacht efter de hân to hawwen as Frankryk, Italië of Dútsklân, de Raeto-Romanen, dochs baes yn eigen hûs wêze meije. En stel dat der dan ris immen ús oer Fryslân en de Friezen dy dingen fortelde, dy't oeral to wrâld as libbensfeiten biskôge wurde, mar dy't
inkeld yn Nederlân net sjoen wurde kinne, of biskôge wurde as ynbyldingen
| |
| |
en waenidéën, soene wy dan net yn ditselde Fryslân in taeije politike striid forwachtsje, in wrakseling om de stimbus, in fûl agearjende parse yn de lânstael, in bisiele intelligentsia en in ta elk offer rée jongerein yn eigen skoallen en sokols yn de frontline? En as wy fan dat alles dan hast neat founen, en ek gjin flechtlingen en finzenen om de nationale saek, mar ek gjin ûnderdrukkers, gjin revolutionnaire desperado's, mar ek gjin politionele frede op de punt fan de bajonet, en wy hearden dat dy hûndertjierrige Biweging it folk yn syn gehiel noch sa kâld liet as in stien, soene wy der dan noch wurden oan forgrieme wolle? In folk, dat libbet, bout oan syn takomst, mar in rjochtleas folk dat net foar syn rjocht striidt, bistiet net as folk.
Sa soene wy, mei ús Europeesk en mondiael stânpunt, yn Fryslân frijhwat ûnwennich stean to sjen. Wy soene in tsjinstridichheit opmerke der't wy yn earsten gjin wei mei wisten. Oan 'e iene kant soene wy by de Friezen alle ingrediënten oantreffe, dy't in mienskip ta in folk meitsje: in eigen tael mei in neffens de omstannichheden aerdich útwoeksene literatuer, in frij markant folkskarakter en in sprekkende nationale skiednis der't de heroyske mominten net yn ûntbrekke, en foaral in gefoelige en kwetsbere nationale greatskens en idelens. Mar oan de oare kant sa goed as gjin ûntofredenheit mei de stân fan saken, en in Biweging dy't yn de hûndert jier fan har bistean noch net iens forlet hawn hat fan in politike idé. Mei hokfoar rjocht, soene wy freegje, neamt dit him nou eigenlik in nationale biweging?
Wy moatte ússels neat wiismeitsje. De kwesje fan de anonyme brochure makket in latente, mar likegoed permanente krisis yn Fryslân, yn folk en biweging beide, iepenbier. De nationaliteit fan de Friezen is noch altyd problematysk. Alle passive elementen ta in eigen folksbistean binne oanwêzich, mar de intentionale ienheit, de wil om in folk to wêzen, is der net.
En dit jildt net allinne foar it folk, as ûnforskillige, ja fijannige massa, der't de Biweging tsjin stride moat, it jildt ek foar de Biweging sels. En dat soe neat lette foar de Biweging fan de foarige ieu, dy hie gjin hegere pretenty. Mar de Fryske Biweging fan de lêste tsien, tweintich jier
| |
| |
neamt har oer alle boegen nationael. Dat is in enorme pretenty, mar hat dy pretenty in sin?
It hat, sûnt it wurd nationael yn de Fryske Biweging yn 'e moade kommen is, net mankearre oan bisyksels om dat bigryp to definiearjen en it yn oerienstimming to praten mei de praktyk fan de Biweging. Yn de groun fan de saek wie dat allegearre selsforblining. It bigryp nationael hat yn it ramt fan de Fryske Biweging neat gjin forlet fan in definysje, mar alle forlet fan in forfolling. Wy witte as it der op oankomt allegearre mar al to skoan hwat dat nationale ynhâldt, hwat aspekt fan it persoanlik en maetskiplik libben wy op it each hawwe as wy dat bigryp hantearje. Meiskien is ek it nationalisme in foarbygeande trjimme yn de wrâld-skiednis, ik wit it net. Mar yn ús tiid is it ien fan de réëlste machten, dy't ús priuwt en hifket, en der't wy kleur ta bikenne moatte. Op de trjimme der't wy nou steane is it nationale like exclusyf en oergunstich as it religieuze en it erotyske; wy kinne mar kieze foar ien folk, lyk as wy mar ien bilidenis en ien frou kieze kinne. Dat de Fryske Biweging foar ús útgroeid is ta in nationale biweging, kin mar ien sin hawwe: allinne it Fryske is foar ús it nationale, allinne it Fryske folk kin ús de natuerlike en emotionele basis jaen foar dy politike en sociale foarmjowing fan it mienskipslibben, dy't wy it nationale neame. As wy dy basis ienkear yn it Fryske forbân acceptearre hawwe, dan kinne wy har net nochris wer acceptearje yn in oar forbân, oft dat nou Hollân of Nederlân of hwat dan ek hjitte mei. As dat net de sin fan it Fryske nationalisme is, dan hat it alhiel gjin sin om de Fryske Biweging nationael to neamen.
Foar de praktyk fan de forhalding Fryslân - Nederlân bitsjut dit, dat wy ús oan Fryslân forboun hawwe troch in unconditional surrender, oan Nederlân inkeld op contract. As Fryslân ús de naty is, dan is it ek ús Schicksal, en moatte wy it trou bliuwe yn opgong en ûndergong. Wy hâlde der oan fest, hwat der ek barre mei, mar oan Nederlân hâlde wy fêst salang as wy dat yn ús bilang achtsje.
De praktyk lykwols wiist krekt oarsom. Foar de oergreate mearderheit fan de biwegingsfriezen, ek fan de liedende figuren, is har bân mei it Nederlânske Ryk gjin kwesje fan
| |
| |
problematyk, en har Fries-wêzen gjin Schicksal. Hja binne op libben en dea Nederlânsk steatsboarger, en Fries allinne foar safier hja der gjin skea fan hawwe. It kriterium hjirfoar is maklik to finen: yn de politike partijen, dy't mei har grounslach yn de Nederlânske naty de politike oriëntearring ek fan de biwegingsfriezen djipper biskiede as de hiele Fryske Biweging it docht.
Der binne mar inkelde útsûnderingen yn de organisearre Fryske Biweging. Hoefolle tûzenen selskipsleden en krantelêzers der ek wêze meije dy't alle wiken de wurden Frysk en nationael mei in forbiningsstreekje der tusken to lêzen en to hearren krije, yn nationale sin is de Biweging lytser en minmachtiger as doe 't hja hûndert jier forlyn bigoun.
It is dan ek gjin wûnder, dat de Fryske Biweging it ûnforkwiklike byld fortoant, dàt hja fortoant. De mei de mûle biliden nationale oertsjûging, en de yn it libben reälisearre nationale bining binne op de radikaelst mûglike manier meiinoar in striid, hwant hja binne op twa forskillende objecten rjochte. Gyng it hjir nou om ûnbilangrike uterlike dingen, b.g. oft men leaver op brune of op swarte skuon rinne woe, dan wie it fierders folslein ûnbilangryk. Men die de iene dei brune en de oare dei swarte oan, as men net ien fan beide kieze woe. En wie men net bang foar it laitsjen en gnibjen fan de ljuwe, dan die men ien brune en ien swarte tagelyk oan.
Mar lyk as ik al earder sei, de kwesje fan it nationale is net ûnbilangryk, mar ien fan de djipste oangelegenheden fan ús tiid, in skerpe en gefoelige sneed yn it centrum fan ús existenty. As ik it byld fan de skuon noch efkes opnimme mei: de brune skoech fordraecht gjin swarten njonken him, net tagelyk, mar ek net juster of moarn.
As de minske sa, yn ien fan de djipste lagen fan syn wezen, in inerlike tsjinstridicheit yn him omdraecht, en nòch de moed, nòch de krêft, of faeks ek net it ynsjoch hat om der in ein oan to meitsjen, dan bliuwt him allinne dat oer, hwat yn psychiaterstael forkringing hjit. Dan moat er de eagen slute foar de iene helte fan de saek en allinne de oare helte achtslaen, mar hy moat dan mar ôfwachtsje hwat de helte, dy't er net sjen wol, him foar gridzen en potsen mak- | |
| |
ket. Ynsté fan in katharsis to wêzen wurdt de Fryske Biweging in neurose, in complex fan symptomen ynsté fan in bondeling fan geastlike krêften. Faeks dat hjir ek in oarsaek leit fan de opskroefde, hysteryske ûnechtens dy't hwat langer hwat mear it Fryske folkslibben en de literatuer bigjint to bihearskjen, de devaluaesje fan de wearden en de ûntmunting fan de wurden. De Fries hjit noch altyd ynbannich, mar om elk plat toanielstik laket er dat er skoddet. Kitsch en kunst kin er net ûnderskiede, alles fynt er like moai. Ut to foardragen gean neamt er Fryske Biweging, syn gepiel yn in kritebistjûr neamt er striid en syn sentimentele, infantile bining oan syn bertegroun sjocht er foar nationalisme oan.
Wy binne nou wol in hiel ein fan de anonyme brochure ôfrekke, sa't it liket. Yn wierheit binne wy der flak by. Wy hoege ús allinne mar twa fragen foar to lizzen: Hwerom is dizze brochure anonym? en: Hwerom is hja yn it Hollânsk skreaun? Op beide fragen is nou it andert maklik. It is net út eangst foar it Hollânske officium, dat de skriuwer(s) fan de brochure ‘Friesland op de Tweesprong’ de namme of de nammen fan ‘enige Friezen’ net neame wol(le). It soe har ek neat jaen. Stel, Hindrik Japiksma hat de brochure skreaun. Is der ek mar in kâns yn dit lytse lân, der't elkenien elkenien ken, det er der net op oansjoen wurdt? As de steat him der om krije woe, as er fêst wist dat er it skreaun hie, dan sil er it der net om litte, dat er it net fêst wit. As er amtner is hoecht er net to sollicitearjen, en as er sakeman of ûndernimmer is hoecht er net op in coulante bihanling fan ‘ynstânsjes’ en ‘Bureaux’ to rekkenjen. De steat is sels in anonyme macht fan demonyske ôfmjittingen, dy't gjin rekkenskip en forantwurding fan syn dieden yn soksoarte fan dingen hoecht ôf to lizzen.
Né, it is de delheljende sfear fan it Fryske libben en de Fryske iepenbiere opiny dy't ta anonymiteit en pseudonymiteit twingt. It kin Hindrik Japiksma neat skele dat Den Haech en it Hofplein witte dat hy de brochure skreaun hat; mar de Fryske men in the street yn Dokkum en Boalsert moatte it net witte. Hy moat oer de Weachstrjitte of de Dylikker stappe kinne sûnder dat elk him neiwiist: ‘Kyk ju,
| |
| |
daer gaet dy halwize fint dy't koaning fan Fryslaen wurde wil’.
En dat de brochure yn it Hollânsk, en bûten de Fryske Biweging om skreaun wurde koe, is it skerpste en pynlikste oardiel dat de Biweging de lêste tiid to forbiten krigen hat. It bitsjut dat, wylst de Biweging forsomme hat de politike consequenty to lûken út hûndert jier kulturele acty, in groep bûtensteanders, mar likegoed Friezen, de politike consequenty út it Fries-wêzen lûke sûnder dat hja dy hiele kultuerdrokte nedich binne. Hûndert jier biweging, en noch is der hjir en dêr yn Fryslân mar in hantsjefol dat Frysk skriuwe kin, en mar in inkelden-ien dy't it ek docht. Hûndert jier literatuer, en noch binne der yn Fryslân ytliken dy't der gjin forlet fan hawwe om der har herten oan to forwaermjen. Dêrfoar is dy literatuer ek to fragmintarysk, to iensidich, to flak. De skytskjinne eangst fan: ‘gjin polityk, dan krije wy it folk net mei’ hat yn al syn foarsichtigens foarbysjoen, dat it folk krekt op dy politike pointe siet to wachtsjen, omdat it dêroan allinne sjen kin dat it de Biweging earnst wie mei har stribjen. Dan hie der striid west, fûle striid. Mar net mear striid as der nou west hat en altyd jitte is, mar striid oer greatere en djippere dingen. En mei dy striid soe de Biweging yn dy hûndert jier gâns greater part fan it folk woun hawwe ek foar har kultureel wurk as hwat hja nou biskript hat. Dan soe nimmen der oer tinke, om wille fan de dúdlikheit en om in greater publyk to birikken, in brochure foar it Fryske folk to skriuwen yn it Hollânsk.
Né, dizze brochure moàst yn it Hollânsk skreaun wurde, hwant de skriuwer moast him losmeitsje fan de geast fan de rounte-Fryslân. De minske is yn syn existenty in variabel wêzen; sa't er dominearre wurdt troch de iene mienskip, sa is er; mar sa't er troch de oare mienskip biskaet wurdt, sa is er ek. De uteringsfoarmen dy't Jo brûke bipale Jo ta de geast fan de mienskip der't dy uteringsfoarmen oan ûntliend binne. Woene de skriuwers fan de brochure Frysk skriuwe, dan hiene hja Fryske biwegingslju wurde moatten, lju fan tuike-tuike en taktyk, lju dy't yn har hert perfoarst net wolle hwat har earm forstân bitinkt. En de brochure moast anonym forskine, net om de stoarm, mar om de motrein.
| |
| |
En hoe stiet it nou mei de recensenten, hawwe hja it rjocht en gloei en groei yn har eale grime om it sletten vizier? Stappe hja net sels ûnder in falske banier, jowe hja har net as ridders fan it folk, wylst hja dochs mar willige pionnen binne fan de steat? It is har noflik, de anonymiteit fan de wiere ridder to foroardieljen, hwant it laet de oandacht ôf fan har eigen pretentieuze pseudonymiteit.
Ik wit aldergeloks net hwa 't de birabbe brochure skreaun hat. En dêrom mei ik oer him meditearje, en him my foarstelle, hoe't it him nou to moede is, nei syn ‘Durchstoß ins Leere’. Hoe soe er himsels nou fiele, as in roppende yn de woastyn, of as Don Quichot midden de skiep? Lit ús dan bitinke, dat Don Quichot de wiere ridder is, en dat skiep der inkeld binne om skeard to wurden.
|
|