De Tsjerne. Jaargang 3
(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 51]
| |
De lege lannenIt fjild is skier en oan de seamen
stean skiere beammen drôf to dreamen,
hjir is gjin god to finen,
faeks doarmet er lâns wider streamen:
dit lân is kâld en net to neamen,
lyts yn hert en sinen.
De boeren en de boargers rinne
deun om har eigen wenten hinne
lyk sedich-klaeide roeken;
it hânfol dichters dy't der binne
sjongt komselden fan de sinne
hwant eltsenien sjocht spoeken.
| |
AspiraesjesDit mearman's libben bin ik sêd,
it harsenskraebjen makket mêd,
ik wol net alles mear forklearje,
mar tusken 't minskdom my menearje,
my deljaen by in sljuchte taek.
| |
[pagina 52]
| |
En, Menno Simons of Ter Braak,
ik soe de keardels graech forjaen
as ik forlost waerd fan de waen
en fan Rodenko's sublimaet,
de boarger, dichter en soldaet
en Sierksma's gûcheljen mei wurden
en fan de mennich rûger burden
dy't hjir út eltse herne drige
en kamraetskiplik my bilige.
De new-god parst mei syn gepiel
de lêste drippen út myn siel.
It wankel moed jowt gau bilies,
o sanger yn in holle kies...
de pine wint fan dei oant dei,
myn skreau stjert yn 'e leechte wei.
Sa sykj' ik yn dit rottekleaster
omdôch nei d' ien of oare treaster
en rúdzje oan myn bêste fear;
Jo binn' de lêste útset, Hear,
lit my Jins hûs yngean, de deale
en net oer slang of apel meale
mar sljuchtwei ek myn knibbels bûge;
ik sil fan Kaïns wiif net tsjûge,
jow my mar ien mei tolve bern
en lit my op in hofke sjen
tofreden mei myn túntsjebaei.
Ik freegje Jo in skjinne laei
of: tsjoen my om ta mokseldier,
faeks hat sa'n bist ek syn fortier
en rûzjes mei de sibben...
mar siz: dit is it libben!
|
|