| |
| |
| |
Jan Wybenga:
De dichter
Hwat lytse boekjes, fersen en forhalen,
binne it ienichst spoar, dat fan him bleau.
Forslach fan syn tournoai mei God en Divel,
de dûbele saed fan it langstme, dat him dreau.
Twa machten, mei ien ôfgesant: de frou -
ivige krite, dêr't se har krêften mjitte -
Mei lokjende eagen, swart of himelsblau,
kaem se him, fluensk of koel, tomjitte.
Dochs bleau er iensum yn in lege wrâld,
of't er yn 't Noarden wie of ûnder palmen.
Hwant rounom wien' de herten lyts en kâld
en idel bliek elk wurd en alle lampen walmen.
Hy skoep yn dreamen 't fier en izich ryk,
dêr't haet en leafde ta ien koele krêft forfloeije
en fan de ierde naem syn geast de wyk
djip ûnder sé, dêr't wieren út de wrakken groeije.
Hy kokettearre graech mei huorren en piraten
en die soms - út forfeling meast - in brike set.
Mar hoe't er 't ek bisocht mei rauwe maten,
hy bleau in boarger mei in skipperspet,
al foun er himsels ek fiersto goed
foar wrâld en minsken, dy't syn hert forlitten hie,
binypte wêzens, hwaens forwettere bloed
nea yn it rhythme sloech, dat sines wie.
Men skoude him, de grânzerige houn
dy't bile om nuvere gesichten.
Syn bangens, ûnrêst en forlangen foun
in boekegrêf: de sammele gedichten.
| |
| |
| |
Brief oan X.
Myn bêste X, ik koe sa goed mei dy:
wy praetten oer dyn wurk, dyn wiif en soan.
En nea hie jit ien misse toan
forret, dat ik dy út noch yn net mei.
Yn dwaen en litten stiestou boppe my:
gjin frou is dy in bline muorre wurden,
dou hast it ûnrant út dyn strjitsje wjudde,
nou is 't foar ivich skjin - gelok dermei.
Dyn warbrens strielet as in stille gloed
oer al dyn dagen en wurdt fêst bileanne.
Mei nocht en iver rinstou yn de greate tsjerne
yn 't rêstich tempo fan dyn nea ûnrêstich bloed.
Och, toffelje mar troch, rju eabele freon!
Dyn boeken sille jimmer boeken bliuwe,
dy wurd-en-sifer-stream gjin kwea ûntdriuwe,
farkje mar rêstich troch, fan neat of nimmen dreaun.
Dan wurdst net dronken fan in swiete namme,
of ropt in klank of byld it slomjend langstme op,
of boartet - leaflik byld - une chère et petite madame,
dy by it tinken troch de jimmer kleare kop.
Dan klinkt ek nea it twingend lûd fan snaren
troch blauwe tropenacht en driuwt dyn hert
de bjustere paden op, dêr't wille en smert
lûd wurde, as yn 't sjongen fan gitaren.
Ik winskje dy it bêste ta, myn freon:
in fikse stap nêst de biwende paden,
gean yn de sinneskyn, forlit dyn skaden
en priuw it wûnder en dyn hert wurdt gleon.
| |
| |
| |
In griene joun yn Maeije.
De joun wie ljocht fan stjerren,
de koekoek liet him hearre
swier oer de raeijen lei.
It wie gjin bêd fan roazen,
mar lekkens, wyt as snie,
dêr 't blanker jit as roazen
Yn 't lân, dat oer de hege
de fuotten fan myn breid.
blank hart, yn kleare skyn,
djip dronk ik út har eagen
Har eagen wiene tsjilken,
oerfloeijende fan ljocht...
de laefnis dy 't hja brocht.
nije stjer yn 'e nacht...
Om oan har hert to sliepen
joech God ien Maeijenacht.
| |
| |
| |
Janine.
De moanne giet, great en oranje,
op, efter de reachfine franje
It moas biedt sêfter bêd as fearren,
de ierde riist mei wite stjerren
út ierdes tsjustere dream.
Janine hat tofolle lêzen,
oars soe 't har nou net mûglik wêze
en dat der Heger Dingen binne,
in koele dauwe foar ús sinnen
En hja leart my: sels Baudelaire
fynt leafde yn 'e groun misère,
Janine sil der nea ta komme
har oan de dwylsin fan in domme
Hja hâldt it hjitte langstme finzen,
strang, tusken selsforkeazen grinzen
al spegelje har gleone eagen
it djoeijen op 'e griene wegen
Al mei har rike, greatske bloeijen
de eagen ta forblining boeije,
Janine sil net wankje of wykje
omdat it fûl, forgees bisykjen
| |
| |
| |
Sonnet
Al priizge ik wol dyn eagen of dyn lea,
ik wit dat oare jit folsleiner binne,
dy't, oer de wielde fan dyn lichem hinne,
myn langstme lokje nei in swiet're dea.
Sil ik mei dy strak nei de koarte dea
fan eltse nacht it libben nij bigjinne?
Hwat soestou by myn lyts bidroch wol winne,
ek as myn wurd it kwea fordriuwe koe mei kwea?
O, tryste wielde fan dyn ljoch te hier,
glânzgjend oer eagen, great fan smert om my.
God straft dy, foar myn wyldsin, swier.
Ik bûgje my hast skriemende oer dy
en fiel, dat hwat ús boun neat wie
as doffe wjerklank fan in kleare melody.
|
|