| |
| |
| |
Tsjerck Gaestra:
Lofttaxi.
It woe dizkear wol ûngetiidzje mei dy droechte. Doe't it lânwurk dan sa hommels birêdden wie, holden de boerinnen fan Sândyksterhoek al ier en bitiid har neisimmergearkomste. De troude froulju dêrre hiene - moat men witte - sa'n soarte fan streekrounte, ûnder elkoar, hwat gesellichheit oankweke, hwat mienskipssin stichtsje, goeddwaen, bystean en helpe byneed en alsa. En dan ienris yn it jier makken se der in útdei fan, by 't neisimmer ornaris. Op 'e ryd meastal en dan de mânlju mei, mar ek al ris in boatreis en doe de mânlju thús. It hie ek al ris yn 'e moune west dat se der in nacht by plakke soene, mar sa'n útstel hie doedestiids de meistimming fan al de frouljus-leden net helje kinnen op dy wenstige neisimmergearkomste, fuort nei 't heawinnen en neihaeijen, dy't men dan jierliks plichte to hâlden.
Der moat by sein wurde dat dy boerinnerounte nou krekt dit jiers yn groei en bloei stie. Boppe alderlei soarte fan lijen wie men nou einlings en to'n lêsten útriisd en it like hast wol oft dy snuorje fan de bernesyktmen oerwoun wie, sa't men dat algemien yn it dageliks forienigingslibben tsjinkomme mei. Dêr koe men tominsten op Sândyksterhoek ek fan meifortelle. Yn it foarige woe men hjir ommers net fan in streekrounte witte, en dan soks foar froulju, en dan noch foar boerefroulju al hielendal net.
Men moat ek witte - de Sândyksterhoeksters hawwe gjin skoalplein en ek net in toerdak of in skoarstien fan it ien' of 't oare bûterfabryk. Sede en learing moatte de Sândyksterhoeksters ynhelje en de molke - dy moaije wite molke - meije se fuortbringe. Is it wûnder, dat it streekforieninkjespyljen dêrre yn it earstoan in swiere sile to lûken krige? Né, de boerinnen hoegden wier net apart stean to gean. Hwat hie soks noadich? Wie it de tank altomets foar it forhurdzjen fan dy âlde sânreed oan de hoeke ta, hwer't ûngaedlike stikken lân en foege boerespullen mei út de need holpen wiene?
| |
| |
Och, it hie oars sa'n feart noch net nimme hoegd, mar it twadde boerespul fan 'e strjitwei ôf (en dan oan d' âlde sânreed) hie in opkeamer en dêr wennen de Liuwckema's, trije bruorren en ien derfan troud, en op jierren noch al. Mar dat hie in opskuor jown! Net dat de jongste fan de âlde feinten der in frommes by ynhelle, mar krekt sa'n ien - Juffer Lene, dy't yn 'e skoalle oan 'e greate strjitwei net allinnich grize hierren bimastere hie, mar rejael wyt wurden wie as in dou. Nou net langer skoalfeest mear op Keninginnedei yn 'e bocht fan de greate strjitwei, mar ienkear en net wer, ien Kroaningsfeest by de Liuwckema's yn 'e rige. Tusken dy burdmannen yn, oan de goede kant Aize, oan de oare kant Tette, en as hikkesluter Hylke. O, dy wytfearrige Juffer Lene út de skoalle oan 'e greate strjitwei!!
Al it oare oangeande oanbigjin, opkomste en fuortbistean fan it boerinne-streekrountsje op Sândyksterhoeke mei nou as bikend foarûndersteld wurde. Ja, ja, dy sigerige opkeamer fan de Liuwckema's, dêr waerd nou hwat oars ûnderwiisd as ivich langer dat bihaffeljen fan koukealjen, hyngstebilearen, murdejeijen of oare soksoartige boereopsnijerijen. Se hiene der lange lange jierren mei harren âlde mem buorke en se plichten der hwat graech sitte to meijen, hwat to smoken en to wiispraten, wylst de hjerstrein op 'e greate ruten klettere. Doe letter dat ivich gelij mei fammen of húshâldsters, dan wer in skoftlang neat gjin frouljushelp en op it alderlêst - hwa hie it oait sa útfortoane kinnen as krekt Aize - Juffer Lene!!
Greate foroarings by de Liuwckema's, hoe koe 't ek oars. As frou Lene de boerinnen by inoar swile, woene de bruorren alle trije wol retirearje. Soks moast wenne fansels, alhoewol dêr wie gjin oare útwei. Tette, de ynskiklike, hie him al ridlik gau mei dizze skaedkant fan de nije sitewaesje formoedsoenje kinnen en him der ek iepenlik - faker as ienkear - oer útlitten. Hylke, de ynbannige, hat it der gâns swierder troch krigen, mar hy liet him net kenne of woe gjin spulbrekker wêze. Sa'n ien as hy, Hylke, dy't yn it bêst fan syn dagen al net folle mear fan 't hiem plichte to kommen, dy waerd úthuziger en bigoun nou - hyngsteman, dy't er wie - al
| |
| |
mear en mear to swalkjen fan it iene tugen nei it oare hurddraven ta.
Lykswol, koart om 'e hoeke. Dy lêste neisimmergearkomste fan dit nijsgjirrige boerinnerountsje waerd dan útskreaun by de Liuwckema's. Juffer Lene hie se nei de opkeamer noege en de opkomst wie winliken mear as bifredigjend. Wie it by gefal om it trochnoaskjen fan in stikmennich húshâldlike saken, dy't op in eptich kladtsje oan de boerinne-leden trochjown wiene, of fanwegen dat útsûnderlike praetsje dat Juffer Lene meastal sels noch nei foaren to bringen hie? Né, it wie dat iene wurklistnûmerke dêr't muzyk yn sitte koe: Froulju Hwerhinne??? It soe wol hwat in bûtewenstige trip wurde moatte, sa tochten se der oer op Sândyksterhoeke. Amelân wist de iene, it Suderleech rette in oaren-ien en dan waerd in Sjipfabryk en it Dierepark noch neamd.
Juffer Lene wie fansels net ûndeskundich op dit stik fan saken. Hja hie tritich skoalreiskes úttocht, opsetten, meimakke, to'n útfier brocht en dan letter noch wiidweidich to boek steld boppedien. En op dizze grounslaggen fan it fakânsje-forkear oer de jongste tiid hie se mar fuort to bouwen yn har boerinnerountsje op Sândyksterhoeke. En hwat woe se dan nou? Ja, men moast de moed mar by elkoar sûgje om it der op dy hege opkeamer fan 'e Liuwckema's koelwei út to sprekken, mar.... fleane woe se.... yn ien dei hinn' en werom.... fan Ljouwert nei de Philipsfabriken.... fan de Philipsfabriken wer nei Ljouwert ta.
It waerd der effen stil fan yn 'e keamer fan de Liuwckema's, swije en in stikmennich strakke boerinnetroanjes. Allinnich it portret fan de âlde mem fan Aize, Tette en Hylke, dat portret dat glimke en as it skodholje kinnen hie, hie it dat faeks ek noch dien. De greate mearheit fan de hjir oanwêzige boerinne-leden tocht fansels: healwizichheit, mar Juffer Lene dy't to lang foar de skoalbanken stien hie om de brykste dingen net rjocht prate to kinnen, soe ek op dizze neimiddei de saken wol wer klearje.
Se bigoun út to pakken oer it mistreastige fan al dy boereekskursjes langer. Ien dei wie al net moai mear, nachten fuort dy mânlju to mâljeijen, sûpe en sline tagelyk. As it sa troch- | |
| |
gyng, soe it dêrmei wol op in wike útrinne. Né, der mochten noadich nije paden socht wurde op it stik fan 'e ûntjowing fan it boerebistean. De fynsten lizze der ommers foar it opkrijen, men moat der mar op komme en.... der op tataeste doare. Wolnou dan, neffens Juffer Lene, tiid is jild, ek foar de boer. En soe it dit dan net wêze foar de boerinnen? Och goede, hawwe ek jimme, troch jimme mânlju faeks, jimme al to gau en to maklik bliid meitsje litten troch it forhurdzjen fan sa'n foech eintsje sânreed? Slûgerts binne wy as wy ús inkeld mei soksoarte fan forbetterings wer in minskelibben lang de mûlen bine litte. Né, dan it loftnet fan wrâld ta wrâld en fan úthoeke ta úthoeke! Hwêrom soe it dan net ris oer ús hinne flappe kinne, en bihelje ús bygelyks ek mei yn 'e swietichheden fan it moderne libben?
It is hwat langer hwat mear in lijen mei dy transportmiddels to wetter en op it lân. It loftforkear binammen kin de ûngelegen plakken ek helpe, wol men it isolemint folslein en foar jimmer oan kant ha, wolnou de kânsen dêrta wurde ús nou bean. Mar men moat dy oangripe wolle sûnder omhael en mei beide hannen. Krekt foar ús minsken fan efterôf en bûtenút hat it loftreizgjen in aparte opjefte. De lofttsjinsten, sa't dy nou foar in great gebiet oer ús útspand binne, binne feilich en tagelyk net djûr. De KM.priis foar in lofttaxi kostet mar fiif en sawntich sinten inkele reis. De retourprizen binne noch wer binliker. Wie it eartiids sa, ien dei fuort en in heale wike forreizge, nou fljocht men yn in pear ûren hwer't men wêze wol en men stapt wer fris en monter út de kabine wei.
Sa helle Juffer Lene dy middeis de aldergaedlikste foardielen út in fracht fan pompieren wei, mar oan it ynboeken fan de boerinnenammen op in greate passagelist kaem it dizkear noch net ta.
‘Fuort mar mei dy kladde,’ sei âlde Tryntsje, dy't yn in wenbok húsmanne, ‘ik wurd der al loftsiik fan.’ En Aegje by it Slúske wei, prevele: ‘Fleane is noch dêr oan ta, mar om in oanloop to nimmen en dan wer del to kommen - it griist my winliken oan.’
Doe lei de passagelist in wike oardeheal op d' opkeamer fan de Liuwckema's. En sa tomûk op in skimerjoun lies dy
| |
| |
ynbannige Hylke de nammen fan de moedigsten ûnder de boerinnen fan Sândyksterhoeke en hy gnyske, in bytsje falsk. It boerinneboun hie wol twa trije listen fan leden útskriuwe kinnen, it hie dy deis fan de úttocht wol drok yn 'e loft wêze kinnen fan propellers en motoaren, mar de pinne fan Juffer Lene krige it net botte drok mei it ynboeken fan 'e gadingmakkers.
‘Sikersonk, dit wurdt neat,’ sei de ynskiklike Tette. Mar der kamen dochs trije frouljusnammen op it passagepompier to stean en Aegje fan it Slúske wie der sawier ek noch by. En de trêdde wie in tige tsjeppe jonge boerinne, dy't noch by Juffer Lene yn 'e skoalbanken sitten hie. Dus trije leden sterk en krekt genôch foar in lofttaxi. De dei waerd fêstlein en in reisbureau opskille. En hwat nijsgjirrich oandie, se krigen dy stoertske Hylke safier, hy woe de froulju dan wol nei it fleanfjild taride. Der stie in plankwein op goede gummy noch op 'e telle, opstrutsen en wol yn 'e gloede fan in opsichtige ferve, read it ûnderstik mei de diskustsjillen, hurd grien de sydplanken en dan swart ôfmakke. En Hylke hie ek krekt in nijkeap fan de Frentsjerter hyngstemerk helle, in blauwenien mei de moannen koart en de sturt kapt. Dêr woed er al ris sa graech mei ride.
It wie in dei út tûzen simmerdagen doe't it reau ynspand stie njonken de opkeamer fan de Liuwckema's. Dy roungeare Aegje by 't Slúske wei wie út har sels komd, mar de jonge boer brocht syn jonge boerinne en hie nou mei iens in moaije gelegenheit om it blauke fan Hylke noch ris goed op to nimmen. De beide froulju hiene al plak socht yn it read en grien, de jonge boer priizge it hyngsteforstân fan de ynbannige Hylke en wylst wie it wachtsjen noch op Juffer Lene, dy't doe ek al gau mei Aize en Tette foar hûs lâns kaem. En hwat stie it der by mei de Juffer Lene, as in Keninginne, suver as in Keninginne. Hylke holp gewillich by it opstappen, boerehannen kamen omheech ta in feestlik ôfskied. It kapte sturtsje weau ek al mei. Gjin lofttaxi koe sa noflik fuortfearje as dizze nij opstrutsen plankwein fan de Liuwckema's. Fan in útsje sa tusken de dagelikse bidriuwen troch is it earste fuortgean altiten moai, dûbeld plezierich koe wol dit aerdige ûndernimmen fan de boerinne- | |
| |
rounte wurde. En se reizgen nou ommers yn lyts komité, ien fan sin en ûnderhâldend, hast ûnder eigen folk.
En sa ried men optein en fleurich de forhurde sânreed del, troch de bocht op 'e greate strjitwei by de skoalle. De blauwe roun as it spoar, boerebern stouden fansiden en de hounen blaften tsjin 'e reade tsjillen. Al drokker en al drokker it gejacht en gejei fan de dei yn 'e mjitte. Yn fonkelnije Amearikanen roetsten de sakelju dit boererydtúch foarby. Mar fan kleuren of lakpatroanen praet, Hylke hie syn waerechte blauwe appelskimmel of syn goedsoartige buskeferve yn read en grien. Hiene syn tsjinlizzers it moarnskonsert op 'e blanke antenne, Hylke hie syn linige swipe en efter him rattelen dy trije froulju. Praet genoch ûnderweis en koene al dy oaren al in stap hurder as de blauwe, wachtsje mar, hwant de lofttaxi stie klear op 'e sintelbaen.
Mar oan dy twadde reisgelegenheit fan dit nijmoaderige forsetsje soe it hjoed net takomme. Hwant op healwei nei it fleanfjild ta barde in hiel oar ding. It wie drok dy deis yn 'e spitsûren en dêrre, hwer't se de strjitwei opbrutsen hiene om it rydflak wer hwat egaler to lizzen, dêr ried Hylke mei syn frachtsje troch in forkeard sein hinne. Hy hie op it lêst noch mar to kiezen, ûnder sa'n swiere sânauto mei plankwein en al of oer in stienbult hinne tusken de beammen troch yn 'e stikelhage fan in smûkskaedzjende dominystún. Hylke tocht oan syn blauskimmel it alderearst, dy't er goed yn 'e hannen hie en der lei him ek in bulte oan it heelhâlden fan syn plankwein gelegen. Mar it omtinken by de froulju hied er sasear noch net, dy âldfeint.
De straters hiene de hammers al dellein en hja waerden tsjûge fan ien fan de frjemdsoartichste forkearskomplikaesjes, sa't gjin film it harren noch oplevere hie. Wol de nuodlikste reis hie Juffer Lene noch makke. Doe't de plankwein by de stienbult opstuite hie se de sprong mar weage en oer de túnhage hinne wie se lawearre midden yn in parkje mei sierstruwellen fan sa'n woldiedige doarpspastorij.
‘Nou, dy fljocht dan tominsten en komt it alderearst to plak,’ hie Hylke al tocht. Aegje fan 't Slúske kaem ûnder de hage tolânne en rekke mei hwat skrammen frij. Mar de
| |
| |
jonge boerinne mankearre alhiel neat. De forkearspolysje forbea harren lykswol it fierder-riden mei eigen reau. Ien en oar moast earst ûndersocht wurde op 'e skuldfrage. En de froulju dan, dy moasten yn in healûre noch it fleanfjild helje? Mar dêr woe de skerpsinnige forkearsynspekteur fansels gjin grevel fan leauwe. Hynder en wein waerden net frij jown.
En op ditselde momint stige der in lofttaxi fan it fleanfjild op. Mar mei oare passagiers as dy trije leden fan it boerinneboun op Sândyksterhoeke. Aize en Tette sieten op it hiem to wachtsjen. Doe't se de motor hearden, seagen se skean ûnder de pet wei en alle freondinneleden fan de streekrounte loerden it loftrom ris oer.
‘Och, och, dy Juffer Lene,’ skodholle men hjir.
‘Healwizichheit,’ suchte men dêr.
En de jouns hearde men de forhalen fan ôfsetten, opfleanen en delkommen.
|
|