De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 36] [p. 36] Jan Piebenga: Wurden op wizen 1. Ik seach dy.... Ik seach dy op in winterjoun Yn nacht en tsjuster stean. Ik wie forlern en dou wiest foun, Hwa koe spoarbjuster gean? Mar 't wetter riisde heech omheech, It sûge en lokke swart, De loft siet ticht en dreau omleech, Hwat kloppe my it hart. Dou seist: Ik sjoch dy noait werom Mar ivich bist fan my, En as ik yn dyn dreamen kom, Dan, leafste, wurgje ik dy. Doe sonk de wrâld en Ijochte it noard, Har lûd trochdolge it ear. Op blanke ûnskuld grousume moard, Hwa 't die, wit nimmen mear. Sûnt sykje ik stees dy iensume rop, Dy hân, dat each, dat hart, En God wit goed en leit it op Hoe lang ik sykje moat, Yn maeijedei en winterjoun, Yn ljocht en tsjusternis, Har dy't, hwat ik dy nacht dêr foun, Foar ivich bjuster is. 2. Silst' de striid trochstean? Silst' de striid trochstean, Sust' dyn gongen gean, Sil it bliuwe dynt en mynt Hwat ek fordwynt? [pagina 37] [p. 37] Stoarmfloed bidriget dy Basterdbloed mispliget dy, Healens en tsjinstberheit Sjogge net hwat winst der leit. Draech dyn namme bliid, Bliuw alle tiden oer Sterk en steil en stoer. 't Grypt my nei de kiel, 't Baernt yn hert en siel: Is dyn frijdom hjoed of moarn Foar ivich stoarn? Weisakke yn 't sljocht gemien, Pleitet foar dyn rjocht gjinien. Tichtdien is 't wettenboek, Fryslân stiet foar sletten doek.... Folk, dyn ûre slacht, Striid dy troch de nacht, Leau yn de nije dei, Gean dyn takomstwei. 3. Feintesprek Sykje ik my in faem ta frou, Gean 'k op in Friezinne ou. Fryske fammen, kein en kwier, Jowe 't libben wille en tier. Kom 'k by har op Sneintojoun, Frij 'k de klok hast yn it roun. Fryslân leit yn stille rêst, Liz 'k mei har de knotte fêst. Bin ik ienris brêgeman, 't Wurdt in Fryske bruiloft dan. Tsjerne komt mei fleurich sin, Sjongt en spilet, sa't hy dat kin. [pagina 38] [p. 38] Win ik my in hûs fol bern, Takomst is myn folk biskern. Krêftich streamt it Fryske bloed, Jongerein fol kriich en moed. Wurd ik âld en wyt myn hier, Biidzje 'k bliid it nije jier. God jowt Fryslân tiid en taek: Us it wurk, foar Him 't gemaek. Liz ik yn it tsjustre grêf, Bin 'k forgien as moude en tsjêf, Bliuwt myn namme yn Fryslân stean, Sil myn folk net ûndergean. Vorige Volgende