| |
| |
| |
[Nummer 2]
G.N. Visser:
Feest
Der is godlof jenever yn ús glêzen,
Hwa friss'let krânsen foar de bruorren Bols?
Wy laitsje wyld, wy resitearje fersen
En kopje mûs oer hwat ûnbidich dols.
Ien flirtet al mei in oerripe dame
Dy't heupedynjend om ús hinne draeit,
Hja prottet mei de boarsten as reklame
En smeket om in hân dy't knypt en aeit.
Mar wy ha 't nou oan tiid net, né, wy sjogge
Extatysk nei ús theolooch dy't bliid
- Hy, hy, dy't parkemint fret as in brogge -
Syn romer swaeit oer in ûntuchtich liet.
En yn my riist fjûrread in feestballon,
Mar Dionys, ien klimaks kinst jit skinke:
Jow my in blauweknoper, dat ik om
Syn meagre kiel myn hân liz; hy sìl drinke.
As der fan hope en treast gjin sprake is, dokter,
As tryster falle hyltiten de nachten,
As God de God dan fan de wrake is, dokter,
Syn grime treft oant yn in sawnde slachte,
En as der dochs neat fan my oerbliuwt, dokter,
As wêzenleazens en in fier leech glimkjen
En as de kaert dy't suster byskriuwt, dokter,
De suster dy't jin klaeit, to kuij'rjen nimt jin,
Hwat is dan better, jins ellindichheit
Forlost en fredich yn 'e dûnkre ierde en
Rúzjen oer jin, de bistindichheit
Fan guodlik rûzjen, as mar stil to skieden,
| |
| |
Of dit: to sjen yn ien lucyd momint
Fan razend leedzje hwat jo wurden binne,
In bern, dat wetter om 'e mûle rint,
In wrakke gniis, in knipp'rjen yn 'e sinne....
| |
It bêd
(Aryan sprekt)
Moast Venus hjir net lizze.
Moast hja net glimkje en sizze:
En net as amme oer glêzen
Wylst op de swarte platen
Syn dreamen en syn langsten,
It swiidste en it bangste
Moast Venus hjir net lizze?
| |
Twa susters
Suster sjoch, gjin man is ta ús kommen,
Net in man alteast, dy't hage ús.
En dochs ha w' in hûs yn grien en blommen
En is 't blier en ljocht fan sinne thús.
Mar wy litte ús de dream net nimme
Suster, wiestû ea tofreden dan
Mei in geast binypt, in hurde stimme,
Mei in hânrêch rûch, mei Caliban?
| |
| |
Sims wol ús de langst oermachtich wurde,
Mar dan gripe wy it taei raket
En yn wikselspyl fan linich-hurde
Slaggen tinkst om dûnker langjen net.
Dit, it tennisfjild, en 't wide wetter,
O de mar dy rûst en treastget wol,
Swimme wy wer út, twa susters, letter
Bistû fan in koele sterktme fol.
En dochs moat ik wolris om dy skrieme,
Meitsje w' ús wer furdich foar de nacht,
Sjoch, sa'n skjintme is yn dy foriene,
Sok in ranke lea, sa'n eagepracht,
Dat ik moat wol skrieme by 't bitinken
Dat dit allegear forbloeije sil.
Kaem, o kaem er nou dochs by it sinken
Fan de nacht - 'k bin klearebare wil -
Hy, de Prins, dyn mûle mocht er nimme,
Die er it, syn mûle patte my,
En om my wiest dûnker fan syn stimme,
Suster, hwant ik hâld, ik hâld fan dy.
|
|