hwat oars is as praktysk: yn dat lêste opsicht past ús hwat biskiedenens) werom to kringen yn in soarte fan ‘boersk isolemint’, dat ek al gjin foet is om oer dizze dingen to praten.
En dan is der noch in punt. De hear P. hat it wol wakker oer Fryske ‘natuer, ienfâld, djipte en fêstichheit’, mar ien wurd forjit er wyslyk dat yn it ramt fan dizze kwesje dochs wol fan min ofte mear bilang is: it wurd niveau. En tsjinoer niveau wurde alle djipten, natûren, ienfâlden en fêstichheden, as men 't hat oer litteratuer, noch al irrelevant.
Dat hy mear natuer en ienfâld winsket is syn saek, al wit er nei gedachten wol dat it minsklik libben net sa ienfâldich is as boer P. al stikelstekkend op it Fryske mêd wol graech ha woe, en dat dêr't natuer de folle mjitte kriget, de kultuer soms oan 'e krapperein komt.
Ek dat de hear P. de djipte en de fêstichheit fan syn klaeikluten sykje wol, is syn saek, mar hy sil dochs ynskikke moatte dat oarmans djiptebigripen soms net strike mei sines, al sil hy faeks net sa ‘djip’ komme om to sjen dat it Fryske folk dêr't it op 'e kultuer oankomt wolris forlet ha kin fan hwat minder fêstichheit as dêr't it nou al sa'n jiermannich yn oergroeid sit.
By einsluten kin men jin noch ôffreegje hoe't P. sa ‘mei aventûr’ op dy djipte ensafh. ta wol, wylst it dochs foar de measte lju wol dúdlik is dat immen dy't hjir as dêr aventûrje wol, op syn kompas nou net alderearst oanhâldt yn 'e rjochting ‘fêstichheit’ (om fan de ‘djipte’ mar net to sprekken). Aventûr en fêstichheit fordrage elkoar nou ienris min.
Ik ûnderskat de yntelliginsje fan de hear P. net. Dat is nammers it bigreatlike fan de hiele saek. P. syn yntelliginsje is greater (‘djipper’) as er sels wêze wol. It is yn biskate rounte hjir yn Fryslân, dy't miskien minder slij is nei P. syn djipte, mar dêrom noch net ûnnoazel, in publyk geheim dat de hear P. sûnt er de maetskippij ûntdutsen en him fan himsels ûntdien hat, almar djipper bisiket it near op syn eigen yntelliginsje to lizzen, fanwege it ‘aventûr’, en him al dy djipte-dingen mar oanpraet om der ôf to wêzen en út namme fan it ien of oare quia absurdum, dat earne lizze moat yn 'e omkriten fan it ûntmoedigjend bisef, dat dit folk dochs foar neat ornearre is as om kuilbulten oan to lizzen mei de djipte fan syn klaeimodder.
Der is in oar quia absurdum, miskien noch absurder as sines, dêr't men lykwols, leau'k, miskien net djipper, mar faeks wol ‘heger’ en grif fierder mei komt. As ik nammers net de absurde oertsjûging hie dat dit lamme folk mei al syn djipte, ienfâld, natuer en fêstichheit ienkear oan hwat niveau takomme koe (sûnder dêrmei de kuilbulten farwol to sizzen, hwant dy dingen fordrage elkoar wol), bisparre 'k my bihalven in heap oare muoiten ek dizze fan tsjin it boersk défaitisme fan P. yn to kreauwen. Lykwols, salang't P. him hâldt en draecht as de man dy't, doe't syn klompen him to lyts blieken, syn teannen hwat bisnoeide ynpleats fan him in pear nije klompen oan to skaffen, salang sil ik myn lêste stealtsjes absurde moed-op-hwat-niveau brûke om reklame to meitsjen foar nije klompen, ek al moat men se út Hollân ymportearje.
A.W.