De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 29] [p. 29] Jan Wybenga: It wûnder It wûnder is: Jo skeppe in nije wrâld en myn foreale each sjocht it allinne; in djippe gloed glied oer de ierde hinne as nij en sterk biwiis fan Jins biwâld en nimmen wit it, God, as ik allinne. As yn de nacht de molkwei triljend gloeit yn 't fjild, dêr't alle blommen iepen binne, fiel ik in beevjen troch de blêdden rinnen fan de folmakke roas, dy 't oan Jins amme ûntbloeit, har bitterswiete rook forspriedt foar my allinne. Ha Jo my dizze bliere breid dan jown om út har flinterlicht' en fûgelrêdde wêzen de ljochte djipten fan Jins eigen hert to lêzen? Ha Jo ús opnaem yn Jins lyts forboun, it folk ta spyt, dat mient Jins fâld to wêzen? Jo joegen, God, Jins toarstich bern de wyn, dy lûkt as lotterjend fjûr troch alle sinnen. De rook fan d' ivichheit driuwt oer myn hiemsté hinne, Jins hunichbrea leit yn myn skeamele spyn, wylst yn myn lytse hôf Jins kleare wellen rinne. Fjildtocht Dou bist it lân - ik Gisel Gods. Mei greate macht sil ik forskine en hwat dyn rom en rykdom wie sil 't swurd forslaen, it fjûr forsline. [pagina 30] [p. 30] Hoe warleas leistou, keine rôf, yn 't ljocht, dat nea meilydsum wie. Myn hert is hurd, ik skein de roas, dy't lokjend yn myn dreamen stie. Heech loegje ik myn weinen op en driuw de spoaren troch dy hinne. Sa wurdt dyn wielde dyn tortuer by 't skroeijen fan myn gloarjesinne. Dan, nei de rôf, de rêst yn 't oare lân, ûnder in loft, to leech foar myn fortriet en tsjuster troch de reek fan fiere brân yn it toheistere lân, dat ik forliet. Vorige Volgende