Mar ik hâld út dat in kritikus, dy't au sérieux naem wurde wol mei syn sentinsje: dat ek it stik sels biwiist dat ‘amateurs it faeks fier skoppe kinne, mar fier genôch net,’ m.o.w. dat Schurer him oan syn ûnderwerp fortild hawwe soe, - dat sa'n rjochter net by eltse stap dy't er docht oer syn eigen toga stroffelje moat, hwant dan slacht syn founis rjochtstreeks werom op himsels.
As Brouwer inkeld de technyske kwaliteiten fan it stik as toaniel-stik kritisearre hie, dan hie men him meiskien meistimme moatten.
En as er as biswier nei foaren brocht hie hwat Ype Poortinga yn ‘Frysk en Frij’ fan 20 Juny sein hat: dat it in nuodlik ûndernimmen is om in bibelske trageedzje to skriuwen, dan hie syn krityk de muoite wurdich wêze kind.
Mar nou't hjir as ‘des Pudels Kern’ Schurer syn opfetting fan Simson en dan spesjael de opfetting fan Simson as prototype fan Christus oanwiisd wurdt, en nou't Brouwer dêr sa ûnbiroaid mei de bile op yn hout en der sa finael by troch slacht, nou kin men it hast net litte en kom fanwegen en krij dizze jongkeardel efkes by it ear.
Hie Brouwer him ynsté fan fuort oan dizze krityk earst ris oan in lyts biwyske ‘cultuerskiednisstúdzje’ weage, dan hie er him fêst net sa raer oan dit gefal forknoffele. Mar fansels, dan hie de pointe der út west en de aerdichheid der ôf.
As men de saek fan de humoristyske kant bisjocht, krijt men fan dizze kritikus de yndruk fan in earste-jiers dy't in blunder makket en der sels gjin erch yn hat hwerom oft er útfloite wurdt. Nimt men lykwols oan dat er wit hwat er biweart, dan moat men him derfan biskuldigje, dat er docht as ien dy't in boek bioardielet sûnder de ynlieding acht to slaen, dêr't de skriuwer sels de bigrinzing en de praemissen fan syn wurk yn oanjowt.
It is ommers sa klear as de dei, dat Schurer de figuer fan Simson en syn symboalyske bitsjutting net útfoun hat. Hja wiene foar him ienfâldich foarhannen materiael, en dat net los fan inoar mar as ienheid: hie Simson foar Schurer inkeld Simson west, dan wie dit drama nei alle gedachten nea skreaun - it is ek yndied (sjoch de skôging fan Poortinga) gjin trageedzje yn 'e antike sin.