| |
| |
| |
Anne Wadman:
Glaciael Relaes
Problemen
It bigoun yn myn iere jonkheit. Doe kroaske ik skrippend en stinnend efter in stoel mei in reidene matte oer de sleat, de fuotten nei binnen ta omteard, as hiene se it rjochtlik forbân mei de skonken forlern, en in pear Sinterklazeredens oan sloppe bannen der ûnder oan bongeljend, dy't by elke skek in kletterjend lûd makken op'e iisboaijem. De stoel en ik laetten elkoar en it wie net út to meitsjen hwa't fan ús twaën it measte to kedizen hie oer it forrin fan my glaciael aventûr.
Hoe'n feguer as ik doedestiden makke haw yn myn kwaliteit fan iisridder, ik wit it net. Haw ik doe daliks al bliken jown fan folsleine stompsinnichheit yn dit stik? As ik nou lytse bern op sleatsjes avensearjen sjoch en ik kin efkes myn forline objektivearje, dan haw ik oanstriid om mysels ek noch wol in kâns to jaen, al is it dan to let. Yn alle gefallen, it sil net lije kind ha en sprek fan útsûnderlik talint op redens, as bern al.
Ek út dy earste tiid ware noch in pear feiten as printsjes, omkringele fan in dizenige gefoelssfear, yn myn oantinken om. Sa, hoe't men my thús yn 'e waerme keamer opboun, net to stiif, net to slop, ynpakte en hoe't ik dan op in sterke earm droegen waerd nei it sleatsje efterút, dêr't myn stoel noch fan in foarrige deis op my stie to wachtsjen. Dan sette men my by de wâl del, dat ik mei de kachelwaerme wanten yn 'e hurde sniekwalster stiek, en liet my los. Folgen fan 'e wâl ôf de wenstige oantreastings en oerstallige warskôgingen fan net to fier en net by de wekken komme en oppasse foar de jonges fan dy en dy, dy't jin sa gemien tsjin 'e groun ride koene mei in machtige brike streek fan har redens ûnder tergjend spatten fan iissplinters. Ik floddere dan brykskonkich nei de stoel, dy't by it oanreitsjen âldmannich kreake omt er yn it iis biferzen siet.
| |
| |
Ear't ik fan 'e ein sette, seach ik myn hear oer. De sleat dêr't ik it ûnbigrinzge en ûnoantaestber rjocht op hie, wie in tweintich meter lang. As men net to ticht by it stikeltried kaem, mei syn forriederlike en forrustke punten en syn ûnskuldige plôkken skieppewolle, in bytsje mei fordrach om de gêrspôllen en stikken kroas hinnesylde en goed oppaste by it goatpypke fan ús buorlju dêr't algedurigen in flutsje molkeeftich wetter tanút dripte, dan koe men hjir mei de bêste wil net forûngelokje. In blabberfoet wie it greatste ûnheil dat men der opdwaen koe.
Trochstrings achte 'k mysels oan dit trajekt boun. Allinnich as it iis extra sterk wie, krige 'k frij om myn sneuptochten út to wreidzjen nei de fuortsetting fan myn sleat, de bocht om, dêr't mear berneguod efter stuollen mei reidene matten oanskeuvele. Ik koe dêr twa wegen lâns komme, oer iis, troch handich tusken hwat omkearde potten en amers sûnder boaijem troch to sljurkjen, dy't yn earder tiden ta de útris fan de timmerman heard hiene, en oer lân, dat al sa maklik wie, klunend dwersoer en de sleatshoeke ôfsnijend. Dit détail is stomme únbilangryk, lyk as mear détails út dit forhael, mar ik kin de oanstriid net baes om it to neamen, omt de kar hokker wei doedestiids in stik fan myn problematyk wie.
As de jonges fan dy en dy dêr omsloegen, kearde ik my om en joech my mismoedich ôf nei myn eigen keninkryk. Wiene hja der net, dan sloech ik foar master op mank lytse famkes mei snotnoaskes en greate tûmwanten dy't noch net goed prate koene.
Op dizze twa einen sleat spilen myn earste iistrageedzjes har ôf: tsjin 'e groun saeije, plat op 't gat sitte, better opbine, noassnute ûnder knoffelich geheister mei wanten, oerjas en halsdoeken, prykjende fingers. Lang duorre myn healbakken aktiviteit ornaris net en it mei my net hûgje dat ik ea troch ûngerêste âlden by skimerjoun nei de breatafel sleept bin. Nei in ûre, as 't slimme moai waer wie oardel ûre, skopte 'k de redens fan 'e fuotten, roun hwat stiif en mei ûndereinen dy't har ûnwennich op 'e hurde kluterige groun delsetten, nei hûs, smiet de redens kletterjend yn 'e gong del, hinge de wanten om 'e kachel en joech my del yn it libben en tankber
| |
| |
bisef fan hjoed alteast myn plicht wer dien to hawwen.
Hwant dêr't ik fan jongs ôf oan mei tangele siet, dat wie it leauwe oan de ûnûntkombere needsaek fan reedriden by iiswaer. Der bistie in ûnbiskreaune wet fan Meden en Perzen dy't ynhie dat in minske winterdei net oars as syn plicht die mei him op redens to biwegen ynpleats fan op klompen, skuon of gummibannen. Soks hearde ûnforwrigber fêst by syn plicht as steatsboarger en by syn soasjael fielen, of leaver by it feit dat er sykhelle en boerekoal iet. Gjin geastlik soun minske koe him dêr oan ûntwine, of hy moast der al op út wêze om foar in nuverenien to gean en foar minskeskou.
Elke middei dat ik my oan myn plicht ûntwynde, wist ik myn gewisse biladen mei de flok fan de dûknekkige húshin, dy't syn plichten skeinde. Ik wie suver bliid dat in middei iisfrij myn gewisse dêr fan ûntlaedde. As master in frije middei joech om to riden, waerd it in kwesje fan hegere ethyk. Sels reedslypjen wie dan gjin foldwaende exkús en ik avensearre de hiele middei lang opfallend ticht by master syn hûs, dat oan 'e fierste ein fan myn sleat stie, dat de man mar fral sjen soe, ik naem syn gunsten yn tankberens oan. It wie net to forantwurdzjen dat ik iisfrij toneinbrocht mei printsjeknippen of platen kleurjen, dat ik oars al sa leaf die as krassen yn biferzen wetter meitsje.
Wie it to kâld of hie ik in oar forlechje dat my gelegenheit joech om yn 'e hûs to bliuwen, dan brocht ik de middei tonein mei my yn to wrotten yn de tragyk fan iensumheit en minderweardichfielen. Oan 'e superioriteitsgefoelens fan de geastlik libjende minske kaem ik net ta, en dochs hie 'k soms in eigenwiis glimke fan superieurens om 'e mûle. Ik wit fan in riderij foar skoalbern op 'e mar. It wie teiwaer, der stie in tombré wetter op it iis, it reinde. Myn hope op útrêdding forfleach: de riderij gyng troch, masters en juffer swaeiden mei dielnimmerslisten en neamden ús by foar- èn efternammen, it fanfarje spile dinderjende marsen yn in earmetierich miggelreintsje op. De flagen hingen slop en útweakke.
Myn earste reed gyng tsjin in fûleindich klauwer. In jonge dy't my yn 't learen lang gjin treast wie, mar dy't it winterdei net mei syn gewisse op in kachelakkoartsje plichte to smiten. Hy ried my der finael ôf, mei in selsbiwuste humor- | |
| |
leaze grimmitigens dy't my sear die. En dochs wie 'k net ûnfortúnlik, hwant healwei de baen moete myn reed in sinaesapeleskyl op syn tipelsinnich paed. Myn foet heakke, skeat yn oarwei, ik forlear de lêste stealtsjes kontrôle oer mysels, glied del en slierde plat op 't gat in meter of hwat troch it wetter. Spûntaen skreau myn grimmitigens dit échec ta oan in ûngemakje. Ik forbyldde my, dat der faeks wolris immen oan 'e kant tsjin 'e touwen styng, dy't rekkene dat ik it oars miskien noch wol winne kind hie, hie 'k net sa bare ûngelokkich west.
Ik forstoppe myn skamte yn in eigenwize troanje, in hân op myn wiete broek en in kreupeljende gong en hie in jildich motyf om nei hûs to gean, demonstratyf as in mislearre Poalreizger, dy't syn fiasco oan it waer, it ark of in oar mystearje to tankjen hat en sels folslein en oertsjûge frijút giet.
De oare moarns, doe't it foargoed teiwaer wie, kaem der op 't skoalleplein in gelegenheit om sa by de noas lâns it praet op dy sinaesapeleskyl en de ûnfortúnlike reed to bringen. Alhiel moai wie 't doe't in jonge dêr't ik oars net sa bare bêst mei opsjitte koe tsjin my sei: ‘Jonge, dou wiest ek net botte fortúnlik, juster, wol?’ Ik anderje, skouderlúkend: ‘Och, elk hat wolris sa'n ûngemakje, myn redens wiene ek to skerp foar dat iis.’
Sa riisde myn ynwindige gloarje, en fielde 'k my wer de gelikense, lyk as de biljerter mei de ivige krûme keu.
| |
In eroticis
In bern wurdt greatminske. It giet mei lijen en skande. Men rekket fortiisd yn problemen, alles wrimelet trochinoar: goede en faeije mominten, mominten fan lytse gloarje, mominten fan djippe skamte om misse setten. De pubertaire iisflaters bliuwe mannichfâld, mar krije in diminsje méar as de nije greate ûntdekking komt. Hwant dit is in nuodlik soarte fan ûntdekkingsreize troch gefaerlike Poalkriten dêr't in iensum minske hifke wurdt en mear as ienris noch to licht bifoun.
De greate ûntdekking: de Ingel dy't men jin dreamd hat yn lange jouns-op-bêd-fantasijen dêr't nimmen fan wit bihalven it holkjessen, - de keine en prûse prinsessen dy't men út
| |
| |
'e rivier hellet of rêdt út 'e kloeren fan tigers, rôvers of soldaten, fynt in tichtbije forwurkliking yn it ta faem wurden wêzentsje mei in snotnoaske en to greate tûmwanten út earder tiden.
Myn ûntdekking fan dizze waerme rykdom yn it minske libben wie in iisfeit. Dat allinnich kin de needlottige ôfrin forklearje dy't myn earste reis ‘mei froulju’ biskern wie.
It wie itselde buorfamke dêr't ik winters oanien op 'e sleat mei manlik bravoure de baes oer spile hie as de jonges fan dy en dy har al trainden yn it kaperjeijen tusken âldere mannen op 'e baen. Deselde dêr't ik soms krúslings mei ried en dêr't heit en mem my mei pleagen. Ynienen falt der oer sa'n bisteantsje in nij ljocht. Men giet yn 'e stêd op skoalle, heart it praet fan oare, greatere jonges, riedt en kombinearret feiten en formoedens, follet it oan mei stikum sneupen yn diel-S fan de Encyclopedy by in omke en mei klandestyn lêzen romantsjes út 'e tsjustere kast. En hommels saeit it yn jins eigen libben del as in frjemde fûgel dy't men nea kend hat en dochs efterôf wol lang tichteby witten, dy't men eins al jierren ken, sa leit er op 'e slach in trie fan logika tusken ûnbigrepen wurden en dizenige dreamen. Alles wiist nei de realiteit ta.
In weake joun fynt men triljend fan spanning en gloednije sensaesje in waerme mûle op jins', de dream wurdt wurklikheit, in wrâld giet iepen, de iensumens kriget sin en doel. Men wit dat it hwat fan alleman is, en dochs hat men de yllúzje fan de iennichste to wêzen dêr't dizze wrâld foar iepenwaeit. Pas it learboek oer de puberteitspsychology sil fan dy yllúzje genêze, mar ek dat sprekt dan fansels.
Hja hiet Metsje, waerd letter tsjinstfaem by dokters en sil noch letter de trouwe en ruftenspielende bûksweargea wurden wêze fan in timmerbaeske, in bakker of in frachtautosjauffeur en my yn in forgetten hoekje fan har oantinken biwarre hawwe. Hja hie ljocht hier, feninige wite tosken, blauwe eagen en in fyn lûd, mei in lyts aksint fan heazens, dat paste yn it ramt fan myn jongesdreamen. Sa is der efterôf oanstriid om har to idealisearjen, mar dat lit ik sa, men kin net yn alle yllúzjes it mês sette.
Wy rieden in middei togearre ont yn 'e skimerjoun en
| |
| |
wiene mei fan 'e lêsten dy't op hûs yn setten. It iis wie sterk as in dyk en ik âld genôch om myn âlden net ûngerêst to meitsjen. Faeks ha hja tocht dat ik lang om let de guit fan riden krige of altomets aenden hja eat fan myn ûntdekking. Alden fiele skerp yn sok ding.
Metsje en ik rounen togearre nei it doarp, ik droech har redens as in ûnbiwust galant ridder, se kletteren sêft metalich tsjin elkoar, dat lûd wie as in nij muzyk yn myn earen, in iepenbiering fan greate forwachtingen. Foar har hûs bleauwen wy stean. Myn hert bounze, doe sei ik:
‘It is sok moai waer, sille wy noch in slach de Tsjerkereed om?’
Swijend rounen wy fierder De moanne opponearre him roun en gol boppe de kym, as klaeide 'r him ûnbiskamsum út út 'e wynsels fan in wolkebank. Op 'e Tsjerkereed knapte de snie noch froastich ûnder ús fiet. In stuit bleauwen wy beide tagelyk stean, as wie 't sa bipraet.
In frjemde driuw walme djip út my omheech. Wie it in rigel út in romantsje fan 'e tsjustere kast dat my ta hanneljen oansette?
Ik lei myn mûle op harres. En fornuvere my dat it samar gyng, sûnder tsjinwar.
‘Metsje,’ flústere ik heas, en triljend fan 'e spanning.
Hja swei en seach nei my op, mei greate eagen dêr't ik omdôch in forwyt yn socht. Doe tocht ik: 't Is ommers ek sa, dit is leafde, dan giet it sa.
(Fragminten út 'e novelle ‘Reedridder’.)
|
|