De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 18] [p. 18] Sjoerd Spanninga: Wurd dystou biste Mûlk duorret dit libben in ûre, in dei, En faeks wol in moanne of jierren, Mar nimt my de Dea op syn wanneling mei Nei de blinkende nacht fan it stjerren, En wurde de spegels fan d' eagen bihongen, O, truerje dan net yn it klaed fan de rouwe, Mar wurd dystou biste en wês op dyn gongen In sierlik gedicht as in hart yn 'e dauwe. Libbensgong De leafde, dy't de beitel skout En hammert mei it hert, De bylden út binearing houd, Hwa fan ús ken se net? Mar ear't de stien ta libben skuort En bernet ta syn wyt, Nimt soms de dea it ark en 't wurdt In sark fan rea granyt. Itselde liet, in oare wize En de poepelearzens dy geane noch As byâlds oer de minskene siel, En hja traepje, traepje, traepje troch, De hakken en soallen fan stiel. Wy hawwe it sont de bifrijing field, En wy fiele 't fan ier ont let, De iene bitellet mei laitsjend jild, En de oar mei it skriemende hert. [pagina 19] [p. 19] It wûnder Dou kinst hûnderten gedichten skriuwe, Mar sûnder wearde is dyn rymlerije, As djippe neden net dyn wurden driuwe, Allyk de foltsen fan de woastenije. As net de stienrots fan dyn herte Birierd wurdt troch de wûnderstêf, Ont wetters springe út dyn smerte, En 't libben opstiet út dyn grêf. It fers It wurd is it gêrs fan myn siele En de rook fan myn blossemjend hert. It is fan myn sinne de striele En it koeljende skaed fan myn blêd. It wiuwt as in wyn oer de lichten En de bergen fan lijen dy sille It lok, dat kliuwt nei de hichten, As in bern op har skouders tille. De gardenier Doe hat de nacht my noege oan de finsters, En yn it hôf dêr gie de moanne wiuwend om; It beamte blosseme fan stjerreglinsters - Sa bloeit op wite weagens 't brosse skom Of blinkt de snie oan tûken stille sier -, De toerklok klonk as yn in glêzen romte, En lâns de paden roun it lok, in gardenier, De swietrook fandeljend fan gêrs en blomte. Vorige Volgende