| |
| |
| |
R. Brolsma:
Mearke fan de molktaper
Der wie ris in earme mar lykwols flitige molktaper - hy wenne yn in greate stêd, sahwat oan 'e bûtekant - dy koe stoepe op-stoepe ôf reizgjend en in goed tal klanten bitsjinjend mar amper oan 'e kost komme, hoewol 't elk him priizge om syn warbrens en syn geskiktheit om mei de minsken om to gean.
Hy liet him troch de deftige klanten ‘melkboer’ neame en troch de plattere Date, hwant sa hiet er. Hy sloech oan foar de mefroukes en gekjage mei de boaden en de wyfkes fan de nearingdwaenden en hantwurkslju, koart sein, it wie in rêdsumen keardel en mei der tiid soe er dochs sels ek in fikse boarger wurden wêze. Sa nei in tritich jier taepjen hied er grif rjocht hawn op in rigelmannich goede wurden fan de Direksje en dy efter in listke oan 't lewant, in briedstoel, in gongelstôk, in knappe oerjas en swarte klompen mei learkes.
Molktaper ‘in ruste’ - mar.... de stikken binne oars op 't boerd skikt, meidat de oarloch útbriek, de minskewrâld trochinoar konfoaid waerd, en de iene better toplak rekke as de oare. Somliken wolfoldien, somliken pûlemûlkjend en net ûntofreden, mar oaren forbiten yn har hâlding en op in distânsje.
Mar Date, fan bitinken dat it ivich-erflike geswalk mei de molkkarre en it stoepe op-, stoepe ôf reizgjen him net ta wolfeart bringe koe, miende dat nòù syn gouden ûre wankte en bijoech him by de drysten, dy't net om 'e hurd skikten mar bûtendoar stean giene, de mouwen opstrûpt, alhiel wach om nei it earste greate trelit en de forbjustering om't it Lânsregear ôftriek, de wrâld yn to setten.
Lâns hokfoar paden en wegen de reis liede soe wist er net, mûlk soe er sels Hollân yn moatte, mar de wylde jacht om bisit taestte him sadanich oan, dat er blyn en dôf wie foar alles dat nei illinde sweemde.
De legers geane op mars, kolonnes motorweinen raze oer de wegen, de loft wurdt fortsjustere fan fleanmasinen,
| |
| |
diktators towille moatte miljoenen minsken hússté en lân forlitte en swalkje nei fiere oarden, net foar tiid en gelegenheit, mar om der to wenjen.
Date waerd dêrtroch net ynkommandearre, dy fielde mar ien driuw; it ‘ei sjoch ris’ en ‘hwa hie soks tocht’, dat safolle fan syn meiminsken yn 'e mûle bistoarn lei, hied er net ienris erch yn. Bisit, bisit! Wûnderlik (en ek wer net neffens it greate barren fan dy dagen) rekke er út syn gewoane dwaen en it wie ivich forsein, dat er him wer thús en gemiensum fiele soe mei de treflike boargers hwaens libben alhiel bistjûrd wurdt troch distribúsjepapieren en dy't gjin oare sinsaesjes hawwe as it útlotsjen fan de skuonbon en de letter fan de bon foar fytsreparaesje.
De drysten, hja libje noch sa't hja libje wolle en de delgong yn de lêste beide jierren binne hja ryklik treast.
Date, alle dagen by de wei, jimmer ûnder de minsken mei syn taepjen, en bûtendat net slûch, sa'nien is oanwiisd en ûtforkard om it foarste plak to bisetten, dat is ien fan dyjingen, dy't de houtsjes weisline en it earst in dam hawwe en dan oer alles hinne slagge.
Date syn opmars to biskriuwen soe in griis fan 't papier en de muoite wêze, alhoewol om to lêzen selsum singelier. Mar wy binne allegearre sêftsedige minsken dy't net witte wolle fan út-'e-bân-springers, wy bigeare styl en logika, gjin dwylsin, gjin erotyk, mar knappe, gongbere forhalen. Goed. -
Date syn wei laette lâns nuvere wegen, tsjustere wegen: autoritten by nacht, slachtsjen by nacht, slûkjen by nacht, grou jild fordwaen yn kafé's en huorrehuzen; hy foroare wol fan bistek en wêzen, mar it doel dat er him steld hie kaem er likegoed oan ta: hy waerd in jildman. De mâlle rite hie lykwols net alle goede út him weireage, sûnder op 'en nij to priuwen fan de beam fan goed en kwea koe er bihoarlik op forhael komme. Syn bryk karreskouder wie noch it meast, dat syn eardere needrige steat tekene. Mar hy biwenne in knap deftich hûs, wie in tige achtenearre persoan yn 'e wettersport en op simmermerken en hy en 'e frou togearre op 'e bybanen by 't winter; ek sieten hja alhiel foarenoan of op in goede distânsje, as der greate kunstners op 'e planken kamen
| |
| |
yn 'e stêd. Wolfornoege is er, en as de mindere man him mei gleone eagen munsteret en seit: ‘Dat is Date-molktaper, dy hat him rekke!’, dan leit dêr in lofutering yn bisletten en alhiel gjin skimp of oergunst. Yn in omsjoch binne de greate bern toplak en alhiel nei 't sin - hoe soe it ek oars? - en sa binne hja, fiersto gau, wer mei har twa-beiden togearre en nei de jierren fan wyld aventûr en fordivendaesje wankt nou hast alto hommels de iensumens en (ûn) frede fan in alto rêstich bistean.
Frede - ja, wierliken: de swiere lêsten, hoewol net noflik, dy wiene hja wol treast, hja hiene kasten fol liifdracht, foar de lekkere mûle hiene hja swietekou en ek wol in hertlike flaubyt, alles om en yn it liif wie der planteit. Fryslân en bûten Fryslân hiene hja simmerdeis mei auto en boat ta har foldwaen, en winterdeis koene hja noflik by de waerme buiskekachel sitte en de earmelju bûtendoar gadeslaen.
It mearke fan de molktaper is hjirmei lykwols net út, hwant dan soe it alto simpel wêze. Nettsjinsteande alle wielde koene hja har net alhiel deljaen sa lyk as de echte rikelingen dogge. Né, gjin gejeuzel oer stellen guod, dêr mei net oer praet wurde. Date hie handel dreaun en neffens de seden en wizânsjes fan de tiid. Fan datoangeande pleage harren neat, it wie hwat oars. It beart nuver, mar hja hiene altyd noch de freze dat hja oan 'e krapperein komme soene. Itselde ‘ynstinkt’ dat harren dreaun hie yn de earste oerstjûre jierren, dat wie jitte altyd net dwêste; wol hwat saksearre fansels, mar sa goed net of it soe him op 'e slach wer oppenearje sadré't der - echt of sabeare - reden ta wie.
En sjoch, it oppenearre him by 't simmer, sagau't de kranten eat fornijden oer misbitearde beantsjebouwerij en dat de griene earte it raer sitte lieten en al sa mear. Date syn wiif - Kee - stiek de earen op en pinfiske by de ‘melkboer’, fan âlds ûntsach hawwend foar dy man syn biwittenheit op alle gebiet.
‘Mefrou,’ sei de taper, ‘ja, it is inderdaad sa.’ (‘Inderdaad’ sei er om't ús radio-omroppers dat wurd sa hiem hawwe fansels, en om't de Fryske knoffelhakken it krekt sa neibauwe mei in i.e. dertusken.) - ‘Inderdaad, mefrou, it stiet
| |
| |
der net sa bêst foar, mar mefrou hoecht gjin noed to hawwen, myn sweager út 'e Wâlden...’ It kaem dik yn oarder en de molktaper krige boppe de kommisje dy't er syn dierbre sweager ûntfytmanne noch in bêste-bêste foai oer de heap hinne, dêr't er mei de hiele húshâlding lange wiken fan beantsje-itende bliuwe koe.
Mei de griene earte kaem it ek klear. Date hie in goefreon to Frentsjer bûten de Doanjumerpoarte en dy hie kunde oan in boer út Healbeam en dy bisiet in stik bou, net safier fan it binnenpaed nei Winaem, mar ûnder Healbeam, en dêr hied er in frucht griene earte boud. Men wit, de griene earte ûnder Healbeam hawwe in aparte eartesmaek, o sa besûnder just dêrre. Hja krigen se, goed lêzen - gjin swarte of tofrettene - in baeltsje, dat út dy noed wiene hja forlost.
Grouwe earte slagge Date oan fan in boer út it Bil dêr't er wolris mei biljertte yn 'e klub, ek in baeltsje - it soe healwiis wêze om der nou noch oer yn to sitten dat hja net burgen wiene yn dit stik. Allicht soene der guon oan 'e krapperein komme, mar hja net.
Spek... o, mar dat hie Date net op 'e ronge slepe litten, dat hinge sont Maeije al yn in kjessenssloop op 'e ‘mangelkamer’.
Nou wie der noch ien punt dêr't hja oer harsenskrabben, nammentlik de ierapels, de echte Readstarren. Alles hiene hja in oar tabitroud, mar nou moast Date sels yn 't spier.
Hwant de wize molktaper - net dy út it mearke, mar de echte - sei: - Se ‘bistane’ net mear, mefrou! en hy lei wiidweidich de situaesje út; dat der wol readeftige, mar gjin echte reade ierappels mear boud waerden. Hy praette fan Furores en Isel-reade - dy woeksen oan 'e igge fan dy rivier - allegearre lykwols neimalke waer, nouja, dy't perfoarst reade ite woe, dy moast de wrâld yngean en sykje se sels, de echte.
En mefrou woe se ite en se tante Date hoe't dy it naem. Date hie de gek dermei en sei: - ‘Nou, dan gean ik sels; it soe de earste kear wêze dat ik net krige dêr't ik it op bigrepen hie, jawis, dat moat bisocht wurde.’
- ‘Mantsje, mantsje’, sei de frou, ‘soene jo dat wol yn 'e
| |
| |
macht hawwe? Kènne jo de echte wol? En as jo mei de wein komme, dan meitsje jo dy boerelju alhiel oremus.’
- ‘Mei de wein’, sei Date, ‘mei de wein? Né, dat sil Date oars fortoane.’ En hy sei fornimstich dat er him forstrûpe soe foar dizze tocht, de klean oantsjen dêr't er simmerdeis mei op 'e pôlle forkearde. Bûsgroen en pet en piip en klompen, mei in foech skânsloper der oerhinne, sà soed er poalshichte nimme yn 'e bou. Dan kòè it ommers net misse. Safolle snoadens en tagedienens wie 't wiif hast oermânsk, mar hja bidibbere him net. De puike reade ierapels, né, dy moasten se har net ûntkomme litte.
Op in moarntiid yn 'e lette hjerst siet er yn 'e bus, mette gjin kunde, en jage de Noarderbou yn ont der om him hinne gjin greide mear to bikennen wie; doe stoep er út en teach it gea yn.
De hjerstige natûr, noch de lânsdouwe biachtsjend, trêdde er op in pear arbeiders ta, dy't dwaende wiene mei in heapsté.
‘Dat binne gjin readen,’ sei er goochem, om praet oan 'e gong to krijen.
De mannen seine: - ‘Né, it binne borgers, mar pûrbêste.’
Hja praetten in kertier, hwant mei minder tiid kin in deugdsume ierapel net ta; doe utere er de twade frage: - ‘Bìnne der noch wol reade, èchte reade?’
‘Readstar,’ sei de arbeider, ‘dit stiet faei; dat se der nèt binne sil ik net sizze, mar ja, jo moatte rekkenje, it is in pleiter.’
En folle wizer makken hja him net. Doe gie er fierder, it gea út - it fjild yn, op nei de sédyk ta. De skel roppende séfûgels binearen him, de stive wyn fan de sékant koe er kwealik hurde yn syn fakânsje-habyt, en hy smookte net ienris. Hy hope inkeld dat er slagje mocht.
Op in boerehiem waerd er, nei koart biskie, ûnskiklik bijegene. Pas op 'e lette neimiddei krige er fan in arbeider op 'e sleatswâl in fingerwizing. - ‘Dêrjinsen,’ sei dy, ‘dêrre, dat spultsje mei in slach yn 'e nael, dêr moatte jo wêze; dy âlde dêr, dy bout se alle jierren en it moatte bêste wêze.’ Soe de lêste loop slagje?
In âld minske wie allinnich thús en hy mocht yn 'e hûs
| |
| |
komme; hja stoarre op him om sûnder folle praet; op 't lêst sei se: - ‘Dêr komt er oan; hy is al oer de sawntich, mar sa krigel, o sa krigel. Sjoch mar dat jo mei him akkoartsje, o fij....’
Sa moete Date dan in tsjalskonkich âldmantsje dêr't er gâns wurden oan kwyt moast mar net folle fan weromkrige, bihalven hwat ‘just, jawol's’ en ‘ja, krekt's’, lyk as wenst is ûnder it warbre folkje dat alle dagen net yn stêd komt. Dus hy hie bistek op Readstar, nou... hy makke de bûthúsdoar los, en dêr, op in lege stâl, lei in mânske heap, sa't it lân se opleveret. - ‘Readstar,’ sei de âlde koart.
Date - hoe koe it hast ek oars - forknoeide daelk de hiele handel. Hy krige in pear hanfollen en stoep nei de bûtedoar en stoarre sabeare oandachtich. Doe frege er: - ‘En binne dit nou èchte?’
It mantsje seach binijd, hoewol noch net brimstich, en sei: - ‘Ha, hoe, hwat woene jo sizze?’ En Date sei, hwant hy fielde dochs hwàt en bisocht it gau oars: - ‘Ja, jawis, it bìnne echte.’
It gernierke hâldde lykwols oan en frege moai skerp: - ‘Ja, mar hwat woene jo sizze?’
- ‘O, winliks neat ju,’ sei er... ‘Komoan, jo wolle my wol leverje n'twier?’
- ‘Dat sit noch,’ sei it mantsje en knikte twaris mei de holle. ‘Woene jo der op út dat ik jo bidrage soe? Ja, helje der mar net omhinne, ik haw it wol fornommen.’
- ‘Né... né... né...,’ sei Date, ‘né wier net, buorman, wier net.’
- ‘Jo myn buorman,’ sei de gernier, nou lulk... ‘Jo myn buorman... né, jo binne in neigeande sneuper, dêr't ik gjin gedonder mei hawwe wol. Dizze bêste ierapels, dy't ik by 't iere Maitiid set haw út eigen setguod en dêr't ik de hiele simmer mei ompield haw en dy't ik sels ek noch dold haw, soe ik dêr immen mei bidrage?’
Date blafte: ‘Freegje mar dryst jild! Acht - njoggen goune, àlles, ik wol akkoartsje foar alles dat dêr leit en de fracht en noed foar my.’ Hy hie it fier-fierwei forspile.
't Mantsje loek de doar ticht en gong yn 'e hûs. 't Ald
| |
| |
minske frege en hy sei: - ‘Och, der wie sa'n blast út 'e stêd, tink, dy woe my alles ôfkeapje foar swier jild.’
‘Foai, foai,’ sei se, ‘hwat binne der al nuvere ûnbiroaide swalkers. Kom, it iten is ré, sille wy de hannen gear nimme?’
- ‘Mantsje, mantsje,’ sei Date' boerinne, ‘hoe hawwe jo dit sa hawn? Binne der gjin echte readen mear?’
- ‘Hja binne der noch wol,’ sei er noartsk, ‘mar se binne net mear to keap.’
(Rjochten foarbihâlden).
|
|