De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 9] [p. 9] G.N. Visser: * Sa libbe er fierder, iensum en om bar Oan 'e drank en froulju him bidrinkend. Hast lokkich wied er, as er wynynskinkend Jouns iensum siet, de jiergong fan syn kar Hevende wer yn 't stille ritueel En moanne joech de wyn jit ealer glânzen. O dize, pearelskyn, forgreate kânsen D' ierde to ûntkommen en syn pynlik skeel. Dan wie der yn dat hûs in keamer oer, It hillige der hill'gen, dêr't er laette De froulju dy't er wreed wer fan him staette, Kronken, brânmarke fan syn somber fjûr.... * Forlake, húnd, melaetsk, Sa dwael ik oan de rân Fan dizze mienskip en der is gjin hân Dy't mei my fûsket, 'k wie to min karaetsk. Der wie gjin sit foar my oan libbens dis, Haw ea ik it gouden oefte preaun? Hja stegeren my ôf, mar yn myn siele is bleaun In fjûr dêr't ik it slimste net fan siz. De swiere wyn, it fruchtfleis net foar ús, Foar ús de skilen en de bittre koarsten. Mar siz, hoe komme wy melaetsken thús? Lâns in inge, tsjustre pas.... dy't jim net oergean doarsten. [pagina 10] [p. 10] * De wrâld net sjen, de wrâld né net to sjen, Dus wenje yn 'e skaden, mar lit dy Biwoekrje net fan dûnkre leaven en Tusken de stammen dochs in plakje frij Dêrst útsjoch haste op de himel wiid, De kleare kym, dy't altyd dreamen docht En eangje net it gliden fan de tiid Mar skep út siele' dûnkerheit en ljocht In Fryslân, ealer as der ea bistie, In Fryslân sterk en frij, ûnstjerlik lân, En drúskje net, mar ris dy ta de die, De opdracht is dy jown fan hegerhân, En sjoch o sjoch hoe't alles helpe sil, De beammen en it rûzjen fan de wyn, De fûgels, dy't er meibringt en it stil Byld fan de fiver mei 't gewaechs deryn. Alles sil helpe, alles fiert dy ta De drege krêften ta it greate wurk, En yn 'e joun silst earnstige eagen ha, De lannen skôgje en it stille swurk En it sil wêze as in deugdsume frucht, En it sil wêze swier fan de idé En it sil wêze as in miuw dy't fljucht En as in rûzjend bosk, en as de sé. (Ut 'e bondel ‘Jolm’, dy't ynkoarten forskynt by útjowerij De Torenlaan to Assen). Vorige Volgende