| |
| |
| |
[Nummer 1]
Anne Wadman:
Humor op libben en dea
De gedichte-stream fan Gerrit Achterberg, dy't nou al in jiermannich mei mathematyske en hast kâldmeitsjende wissichheit oanhâldt, liket op it earste gesicht fan in ‘deadlike’ earnst bisiele. Men kin ek al slim oars forwachtsje yn in poëtysk oeuvre, dat sa tige bihearske wurdt troch, fan wearskanten, de hypnose fan dea en libben, - dat sa tige ynspirearre is op 'e patrouillereizen yn it Nimmenslân efter de lêste stellingen fan it minsklik bistean. Lykwols kin men by neijer bisjen hjir en dêr sprekke fan in droege, koarsterige, tsjinstribbige humor, dy't alhiel net losstiet fan de wêzenlikheit fan dit dichtwurk. Dizze humor op libben en dea is om sa to sizzen organysk oplost yn Achterberg syn fascinearjend aksint, sa tige dat men fakentiden earnst en humor net mear apart bineame kin, sa krampeftich hâlde hja elkoar binnen de kûgel dy't it wurd is omklamme. Prof. Donkersloot spriek op in kandidate-wurkkolleezje yn dit forbân fan ‘bijna-humor’, gefolch fan de ‘sec-heid’ fan Achterberg syn aksint, in kwalifikaesje dy't men wol oanhâlde kin, as men mar foar eagen hâldt dat ek dy ‘bijna-humor’ humor is, en men dus eins better sprekke kin fan ‘krekt-gjin-earnst’. De dea en syn driging twinge ta dizze sydsprong nei it ‘krekt-gjin-earnst’, dy't sawol de driging aksintuearret as de ûnmooglikheit om der 100% it slachtoffer fan to wurden.
It humor-bigryp lit him mar tige mei lijen yn in definysje biflappe. Dat docht bygelyks al fuortdaliks bliken oan de mannichte wurden dy't de ien of oare nuancearring fan it bigryp oantsjutte (grappich, geastich, komysk, komyk, koartswilich, humoristysk, en men folje mar fierder oan). Men kin wol oansetten komme mei deadwaners oer de útwurking fan de ûnforwachte tsjinstelling, it brike, tsjinstridige, mar dêr hat men allinnich it resultaet, en dan noch net folslein, yn gearfette, en net it momint sels, omt it suver net dwaenlik is en kom de humor op it ûntsteansmomint oer't mat. Ommers: al by de lêste phase derfan: de realisearring
| |
| |
fan de fûnk yn it wurd, is men bilânne yn it gebiet fan de earnst en hwat dêroan foarôfgiet, giet forlern foar ús bisef, of kristalisearret him ta sokssahwat dizenichs als in ‘die fan bifrijing.’
It wêzen fan de humor binne gâns earnstige dingen oer sein, en dat sprekt net foar de earnst, likemin foar de humor fan dyjingen dy't der oer gear west hawwe en sizze, dat it probleem harren lûkt. Altyd ommers wurdt troch hokker analyse of forklearring ek, de humor binnen it gebiet fan de earnst lutsen, dus ûntdien fan syn wêzenlikheit. In fisk op it droege is gjin fisk mear, mar in om lucht happende of yn 'e dea forstive substânsje, - omdat er út 'e situaesje weilutsen is, dy't de iennichste bitingst is foar syn himsels-, dus fiskwêzen. Yn wêzen is dus de humor ûngrypber salang 't wy him net in loco, dus ‘ûnder wetter’ bitraepje kinne. Faeks kin men dêrom de humor mar it bêste koartwei definiearje as: datjinge hwat altyd krekt ûntkomt oan 'e earnst. Der hat sa to sizzen in faek amper waer to nimmen aksintforskouwing of -forspringing pleats.
Humor is it krekt-net fan de earnst. Sadwaende is net trochstrings dy humor de bêste en de ‘raekste’, dy't it fierst fan de earnst ôfleit, mar hâldt krekt it elemint fan it kanteljen de humor frij fan de grouwéligens dy't ûntstiet as er him to frijmoedich distantiearret fan syn skepper, de earnst, syn alter ego, soe men hast sizze kinne. Dy kanteling wurdt toweibrocht troch de yntelliginsje, dy't aloan út is op it toweibringen fan soksoarte fan kantelingen, bywize fan foarbihoedsreflex tsjin de swiertekrêft fan de earnst.
Hokker nuvere konsekwinsjes as it ta liede kin, as men tout court de humor fan de earnst lossnijt, as in apart libbensgebiet, liet him foar in skoft moai sjen oan 'e publikaesje fan Joop Klant syn roman ‘De geboorte van Jan Klaassen’, propagearre foar en biskôge as in ‘humoristyske roman’, fan dy gefolgen dat it boek binnen de earms fan in ‘genre’ en sadwaende yn 'e hannen fan in op grappichheden en nuvere gritsen longerjend Sinterklaze-publyk bilânne. Ek yn dit boek fungearret de humor as foarbihoedmiddel tsjin de earnst en syn konsekwinsjes, is hy de útrêdding yn de binearjende wrakseling om frijheit foar de siken.
| |
| |
Earnst en humor bisteane allinnich by de graesje fan elkoar, en by de graesje fan it draeipunt, dat mienskiplik is en dêr't de kantelingen har om biwege. Hja hâlde elkoar yn 't lykwicht yn dizze kanteling.
Itselde gefaer foar forkearde appresiaesje fan de funksje fan de humor wankt ek by de saneamd ‘humoristyske’ (men nimme dit wurd cum grano salis) gedichten fan Achterberg. Ek hjirre fungearret de humor as middel om oan de deadlike wurking fan de earnst to ûntkommen. It blykt it klearst út de beide gedichten ‘Dood paard’ (bondel ‘Osmose’) en binammen ‘Graflegging van een oud vriend’ (‘Eiland der Ziel’). Men soe sprekke kinne fan in ‘deadlike’ humor, miskien fan galge-humor (mar dan sûnder de wenstige skeinde eigenleafde dy't dêr ornaris yn trochskimeret). De koartôfbiten, navrante earnst kin allinnich libje op syn eigen grinzen, dêr't er yn in tige labyl lykwicht forkeart en algedurigen kantelet:
‘zijn gele tanden briesen
tegen die hem den dood in bliezen.
De vilder komt hem halen’ (Dood paard).
| |
Graflegging van een oud vriend
Zie hoe hij slaapt voor twee.
Hij weet niet hoe hij heet.
geen woord aan zijnen vree.
Hij neemt ons nu voor eeuwig beet.
| |
| |
Yn dit gedicht fan in hertforskuorrende neakenens is de earnst allinnich bisteanber by de graesje fan de humor, de humor allinnich by de graesje fan de earnst. Achterberg syn ‘droegens’ makket dan ek dat men amper fêststelle kin oft de deadlikheit humor of earnst is. Men kin hast sizze fan gjin ien fan beide, dat men to dwaen hat mei in tredde gebiet dat gjin ien fan twaën bislacht en dochs de eleminten fan beide yn him opnaem hat. It gedicht liket op it doffe, droege, ridikúl-deadlike tikjen fan in mitrailleur oer in forlitten slachfjild by skimerjoun. Dizze horribele útwurking wurdt noch stipe troch it feit, dat men ek fersen as dizze op 'e slach yn forbân lûkt mei it haedthema fan Achterberg syn poëzij, al hawwe se mei dat haedthema: it ‘over-spel’ mei de forstoarne frou, dochs net mear forbân, as dat de dichter dêr yn ‘de deade’ mei de attributen, de koulizen fan ‘it deade’ relief jowt.
It hoecht gjin nij to dwaen, dat dizze humor krekt trochbrekt oan de grinzen, oan de perifery fan dat haedthema. Nammers de humor is in kwesje fan grinsgebieten, dêr't kantelingen en forspringingen (de slûkerssaekjes fan de geast) mooglik binne. De earnst biwiist syn bisteansrjocht troch it bistean fan dy grinsgebieten, sûnder dyen is de earnst in abstraksje, lykas de steat sûnder grinsgebieten (Sudeten, Irredenta, annexaesje....) in abstraksje is.
Itselde: humor dêr't de earnst tokoart sjit en gripe moat nei syn alter ego, signalearje wy yn ‘Beumer & Co.’ (‘Eiland der Ziel’), dêr't de neakenens fan it útklaeide en skeinde hûs allinnich syn aequivalent fine koe yn it op himsels grotesk byld: ‘De vloeren schamen zich dood’ en dêr't de eangstme him krôlje moat yn it obsedearjend byld fan
En ek yn de oangripende greatens fan ‘Reiziger “doet” Golgotha’ (‘Eiland der Ziel’), dêr't it aksint fêstlein wurdt troch de grandioaze boarterij-mei-de-tiid: it barren op Golgotha oerpleatst yn it moderne wrâldbyld, biseten fan publicity en efficiency:
| |
| |
‘Maria moet gestameld hebben: Heere!
Er zijn ook visschers, die beweren:
Hij heeft met ons gegeten bij de meren.
Maar dit is van bevoegde zijde wedersproken.
Men late zich geen knol voor een citroen verkoopen.’
Sels yn dy gedichten dy't àl fuortdaliks op it sintrael thema boud binne, brekt soms de ‘bijna-humor’ troch, bg. yn ‘Vergif’ (‘Dead end’):
‘Een brakke droom vannacht: je nichtje had omstandig
geschreven, dat je na veel lijden
was heengegaan (om van mij af te wezen)’,
dêr't de nochtere, droege, konstatearjende toan stadich, mar mei in tergjende determineardens evoluearret nei de mei in ûntsettende spanning ladene ein:
‘doch een schot weerklonk
uit het verleden, toen je nederzonk.’
Yn ‘De dichter is een koe’ (‘Eiland der Ziel’) is de humor oer it hiele gedicht hinneslein, dat de earnst der djip en swier, by wize fan in kou, soe men hast sizze wolle, ûnder bidobbe leit.
De dichter as de sabeare-domme produsint, de goedhertigens sels (men moat tinke oan de guodlike réwilligens fan Achterberg by it ôfstean fan fersen foar publikaesje), dy't sels de ynklauwerige boer (moat men hjir yndie tinke oan ynklauwerige útjowers en tydskriftredaksjes?) gjin forwiten docht, omt it melken sels sa ‘zalig’ is en hy boppedat himsels feilich stelt yn de nachtlike dream, ‘dat ik een kalfje ben, dat bij de moeder rust.’
In riskant gedicht, monstrueus faeks, mar dochs 100% Achterberg, sûnder dat men presiis sizze kin hwerom.
Datselde byld fan de dichter as kou, moetsje wy nochris wer yn de klandestyn ûtjowne bondel ‘Sintels’, it fers
| |
| |
| |
Melkknecht
‘Hij legt het spantouw om de pooten van het beest,
zet zich neer op het melkblok, plaatst de emmer
onder de uier en omvat de memmen,
waarna de eerste melkstraal op de bodem sjeest.
Koe-aardig herkauwt oogendicht het beest.
Vliegen verslinden onderwijl zijn huid.
Met 'n luie staartzwaai is het al weer uit.
Hij heeft van alle dier Geduldlichkeit het meest.
En in de emmer rijst het zachte feest
van zingend schuim op witte overvloed.
Het is vandaag weer goed en veel geweest;
hij geeft zijn melk als dichteren hun bloed.’
In swak, om net to sizzen mislearre gedicht, mei in forkearde titel (net de feint, mar de kou is ‘haedpersoan’), dêr't gâns en eins to folle yn weage wurdt: ‘sjeest’, ‘koeaardig’, ‘Geduldlichkeit’, ‘is het al weer uit’, - mar in fers dat it dochs om 'e ien as oare reden ‘docht’, faeks om de net-útsprutsen ôfkear fan de konsumint, de lêzer, dy't de dichter hjir sêftkes stikelet, faeks ek om de yn dizze ieu fan technyske folsleinheden, ek op dichterlik gebiet, sympathike geste, de Unverfrorenheit dêr't Achterberg in min fers mei skriuwe doar, sûnder him fan 'e wize bringe to litten troch de subtile aestheten fan ‘it juste wurd op it juste plak’ mei harren tearen yn'e holle en yn'e broek.
Itselde: as fers mislearre, in soarte fan miswoeksen foetus, jildt foar de ‘Kleine Kaballistiek voor Kinderen’, dy't alhiel op himsels stiet en opnaem is yn niisneamde restante-bondel ‘Sintels’. Dit gedicht, as men it in gedicht neame mei, jowt in hiel oare Achterberg as dy't wy oant nou ta koene. Hjir is de humor inkeld en allinnich assosiatyf, sûnder oare neifolgbere funksje as himsels, al sil men ek hjirre de earnst der faeks ûnder wei ‘tsjutte’ wolle. It is in brokkelich en brutsen gehiel, tagelyk geraffineard en bernlik, fan in greate ladenens en spankrêft somstiden, mar ek net mear as in flitsend boartsjen mei de matearje.
In gedicht dêr't men folslein mei oan is, omt it by einsluten
| |
| |
allinnich as forskynsel, mar dàn ek tige bilangryk is, en as gedicht in rariteit, dêr't allinnich psycho-analytici hwat oars mei útheve kinne, as de spieren fan de humor gelegenheit jaen. Mar as men oan'e ein alle biswieren ôflutsen hat, blykt it dochs noch wer slagge to wêzen ynsafier dat it ús hwat docht, al witte wy sels net hwat. It gehiel driuwt om barren op lûd-, byld- en bigrypsassosiaesjes, dy't soms it geniale byneikomme, soms net mear to folgjen binne en dus alhielendàl gek. De ein is fan in ûntwapenjende bernlikens dy't ús tobinnenbringt de greate rol dy't it bern yn Achterberg syn earste bondels spile hat:
‘30 gevraagd een flink chauffeur
met een kleur als een bellefleur
van een vuile Turk met een geel gezicht
ik hoor je weet er weinig van
hij noemde een maand een jaar om fijn
we gaan alleen tot 100 kind'ren
hoe bedonderd je 't ook moogt vinden.’
As men nou it oeuvre fan Achterberg yn syn hiele hear en fear oersjocht, sil men de resultaten fan in ûndersiik nei de ‘humoristyske’ eleminten deryn kwantitatyf toloarstellend
| |
| |
achtsje. De essinsje fan Achterberg is hjir net yn grypt. En dochs miskien ek wol wer, foar in great part: as men dit wurk sjocht as in grandioas spul op libben en dea, dêr't de hege ynset gjin wapen misse kin, ûnforskillich oft it nou Wodan is of in modern lofteskader, - dan ûntdekt men binnen dat spul ek it spul fan de humor, dat like slim to trapearjen is as yn it ‘libben’ de greate ûnbikende dy't ‘libben’ hjit, mar lykwols iderkear hast tergjend ûngrypber oanwêzich, omdat yn de striid om it liet de humor in stielhurd wapen wurdt. Hwant yn dizze fersen, bynei sûnder útsûndering mei har pylken op 'e dea rjochte, kloppet it libben fûl, konsintrearre oant op 'e neakene kearn.
|
|