De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 353] [p. 353] [Nummer 12] Johs. Couperus: Kom bidler... Kom bidler, dy't to skoaijen rint, Kom mei, en wurd myn maet. Ik bin as dy, in skurve fint, Ut minsk'ne mienskip staet. Ik bin allyk in rúd'ge houn, Dy't rounsneupt om in byt. Mar hastû ea in skinke foun By 't stjonkende forwyt? O né, ik leau net kammeraet, Dat soks ús weilein is. Wy binne 't folts, fan elts forstaet Ta wrâlds fordommenis. Mar ienris as ús libbensreis In ein fynt oan 'e dyk, Dan steane wy as bern fannijs Mei Keningsbern allyk. Hwant Hy, dy't is yn Ivichheit, Hwaens dwaen it al bistjûrt, - Hy ropt, ta nije Hearlikheit, Ek 't bidlersfolk fan hjoed. Vorige Volgende