De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[binnenkant achterplat]
| |
Simson yn Hollân
It is nou safier hinne, dat ek yn Hollân sille skielk opfieringen fan Fedde Schurer syn drama ‘Simson’ jown wurde. In studinte-toanielgroep fan 'e Rotterdamske studinteforiening S.S.R. hat it (fansels de Hollânske tekst) yn stúdzje nommen. De regy birêst by de hear To Lutz.
| |
Fioele en Faem
Nei't ús trochdien wurdt, sil Anne Wadman syn roman ‘Fioele en Faem’ (dêr't wol in tige mysterieus waes om komd is to hingen, fral troch it wegerjen-om-út-to-jaen troch útjowerij Koster, Snits), forskine by de N.V Arbeiderspers to Amsterdam.
| |
Fokke Sierksma
Fan drs Fokke Sierksma, meiwurker oan ús blêd, dy't okkerdeis de Amsterdamske literatuerpriis (f 1000) woun foar syn essay oer Gerrit Achterberg: ‘Poëzie als Ernst’ - ek fan dit plak ôf ús hertlike lokwinsken! - sil bij A.A.M. Stols to Den Haech ûnder it pseudonym Frank Wilders in roman forskine: ‘Grensconflict’.
| |
Oersettingen fan Vercors
Stols kundiget ek it op-forskinen-stean oan fan trije wurken fan de Frânske skriuwer Vercors (auteur fan: ‘De stilte der zee’). Foarst twa oersettingen: ‘De Droom’ (oerset fan Clara Eggink) en ‘De wapens der duisternis’ (oerset fan Jo Boer). Fierder in Frânske útjefte fan ‘La marche à 1'étoile’.
| |
‘De vogel Phoenix’
Tagelyk sil bij A.A.M. Stols forskine de fersebundel ‘De vogel Phoenix’ fan de dichteres M. Vasalis. De oplage wurdt tige lyts: mar 1000 exemplaren. F.D. |
|