De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermdOp it harspit
| |||||||||||||
[pagina 352]
| |||||||||||||
brekkers, langer wurdt, hoe't hja harren ûnsmaeklike noazen oeral by foarenoan stekke wolle. Yn forbân mei dit alarmearjend skandael, dat de rêst en de feilichheit yn ús Fryske lânsdouwen earnstich yn gefaer bringt, in mannich fragen oan it Provinsjael Bistjûr:
Der is fansels noch in oare oplossing, mar dy hâld ik privé, foar it gefal ik sels ea nochris in G.J.-priis winne mocht: In massale tinte ôfhiere, dêr't neat mear oan to fornielen is, mei bybihearrende draeimounen, sweven, autoscooters, touters en wippen, in boksring, in sjittinte, cowboyfilms, in neger-dounsorkest, in slajut en in man mei toeters, pêpers en feestpetten. De tinte stiet yn telefoanyske forbining mei de Riedsseale, sadat de plechtige stiltme dêrre yn 'e tinte fan in lûdsforsterker tûzenfâldich forsterke, dúdlik hearber is. En it hiele komplex is mei soarch ôffrede troch ûnder stream steand kramtrie, wylst in swierbiwapene plysjedétachemint, mei bloedhouen en skynfetten elkenien delleit dy't der útnaeije wol mei de kenlike bidoeling om de aertsfaderlike stilte yn de Riedsseale to forsteuren. Pas dan sil de geast fan Gysbert Japiks, nou sa wreedaerdich opskrille fan dit goare njirrebrot, him wer rêstich deljaen kinne. Undertusken wachtsje wy yn greate spanning op it offysjeel andert op ús fragen fan it Provinsjael Bistjûr, en sprekke wy it bitrouwen út dat it ûngewoane fan ditsoarte plechtichheden diskear jitte tofolle fan harren organisaesjetalint ferge hat, en dat dit pynlik wjerfarren har tonei better op har iepenst wêze litte sil. Aux armes, citoyens! A.W. |
|