as men wit dat men mei twa psalmoersetters to dwaen hat. Yn in algemiene enquête soene hja grif ûnder de heechste tsien sakje. Men soe dan oerhâlde: Schurer-Tamminga-G. Brouwer-Wadman-en it trijetal J. Brouwer-Postma-Dam. In rol sil de kristlike ynslach spile hawwe by Schurer (èk psalmfortaler) en by G. Brouwer (idem). Fan Schurer is it wol to forwachtsjen dat er yn in algemiene enquête ta foardiel fan Tamminga sakje soe, mar oft dizze him foarbystribje soe, stiet noch yn 'e kiif. Fan G. Brouwer is it opfallend, dat dizze dichter mei syn iene bondeltsje dochs sa heech komt: faeks wer troch syn psalmoersettings? Tsjinstridich is it dan lykwols wer dat in paganist as Wadman noch sa heech komt, ek al seit de J. derby, dat de negative wurdearringen (bitsjûgingen fan antipathy) nèt ûflutsen binne. Toloarstellend is it plak dat Postma ynnimt, en dat op gjin fuotten en fiemen nei yn oerienstimming is mei syn bitsjutting. It cerebrale fan syn dichterskip sil hjir de wichtichste faktor wêze. Optheden, nei syn publike erkenning mei de G.J. priis, soe Postma grif hegerop komme. Nei alle gedachten soene by in algemiene enquête ek feguren as R.P. Sybesma, D. Kalma, J.D. de Jong en D. Kiestra mear nei foaren komme. It soe ús tige nij dwaen as fan it wurk fan dizzen sa'n bytsje hingjen bleaun is as men op groun fan de J. syn ûndersiik opmeitsje soe. Spylje hjir politike faktoren in rol? Fan de jongeren soene by in algemiene enquête ek M. Sikkema, G.N. Visser en Sj. Spanninga kansen krije.
In minder twivelich resultaet jowt de definitive list fan de ‘moaiste’ = de favorite romans (s. 24-25). It is in list fan 7, dêr't diskear de negative wurdearringen fan de positive ôflutsen binne, sadat it netto resultaet is:
1. |
De sûnde fan Haitze Holwerda |
(142) |
2. |
Peke Donia |
(71) |
3. |
De Hoara's fan Hastings |
(60) |
4. |
It Jubeljier |
(28) |
5. |
De gouden tried |
(24) |
6. |
De gouden swipe |
(23) |
7. |
It Heechhôf |
(17) |
Hjir sjogge wy soartgelikense forskynsels. Haitze Holwerda skynt yn it proaza sa likernôch Fedde Schurer syn dichterskip to fortsjinwurdigjen, de romans fan Haisma de gedichten fan Tamminga. Yn in algemiene enquête soene hja elkoar faeks ek minder ûntrinne. De Gouden Tried (opfallend dat dit posityf-kristlik boek it dochs noch forliest fan in dreech en hast net to bisetten boek as It Jubeljier!) soe wol legerop komme, wylst grif Brolsma syn romans heger kamen (wer politike faktoren?). De romans fan Poortinga en v.d. Schaaf binne noch net yn dit ûndersiik opnomd, wylst it dochs wol dúdlik is dat ek de aktualiteit meispilet, al soe men dat mei it each op dizze list net sizze: de Gouden Swipe ommers is it nijste fan dizze 7 favoriten, mar op ien nei leechst taxearre, en datearret fan 1939. Men soe hast de konklúzje oandoarre fan litteraire secundairiteit by (alteast dit part fan) it Fryske lêzerspublyk.
Myn (tajown: ek riskante en boartsjenderwiis jowne) korreksjes yn algemiene sin, biwize wol, dat yn it boekje fan de Jong net de forhâlding ‘Folk’ en ‘Boek’ tekene is, mar dat men der heechstens in litterair psychogram út opmeitsje kin foar it rjochtsinnich lêzend folksdiel. Prinsipiëel stiet in enquête as dizze nea sterk. Kin men bg. ea sizze hwa dichter men it leafst lêst? Is dat net yn striid mei de appresiaesje fan it dichterskip? Hinget it net fan hiel momentlike faktoren ôf hwa't de favoryt is, fan ien fers, ien rigel soms?