De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 347] [p. 347] Geart Jonkman: Tofriss'le... Tofriss'le is it lot fan lytse sleauwe dingen. Hoe soene wezelingen ek libje as in god? Mar hjoed bin ik oan bod, hjoed brek it út de stringen, kom, hâld dyn triennen, skat, en lit dat hannewringen. Wês nou ek greatsk en bliid as yn dyn glorytiid, de tiid fan ‘myn’ getsjantel. Nou stiest dêr yn de rein to skoaijen om in mantel... Mar mines is tonein. Machtleazens De tiid is koart en it fortier fan boargers, dy't de kranten lêze, it sit my hjir; it sleau gemier: skandaeltsjes en malaise. Kom... ienris by de leafste wêze en wuolje yn it bloune hier; ik wit, de dea is net safier, gjin wûnder sil my wer genêze. Hwat docht men tsjin de lavastream fan langstmen en in droege lever?! De flecht yn kranten of jenever fan harren, dy't ik net wer neam, is gjin remeedzje foar de frjemde smert dy't wennet yn in siik en iensum hert. [pagina 348] [p. 348] Ballade fan in motorrider Blaest de wyn út it West of wol út de Aest, Ut Noard of út Súd, Jan Harkes hat haest; Sjoch hoe't er nei flotter en gashjelte taest, In traep en it mûnster dat boldert en raest. Jan Harkes, de reizger, is jimmeroan blier, Hy gûlt troch de bochten, tichtby en wol fier. Sa'n razende motor jowt macht en fortier, Hy laket om Redbad, Tsjerk Hiddes en Pier. Hwa hearske fan harren oer tiid en oer sté As Jan Harkes, de reizger yn kofje en thé?! Hwaens hynst stiet by nacht en by ûntiden ré? Hy leavet syn motor, lyk boeren har fé. Mar as er in dei nei de eilannen giet, Bilaket de sé, hwant it wetter is wiet, Jan Harkes syn machtleazens en syn fortriet, Oant er wer dryst op 'e balstiennen stiet. Kwatrinen Al wurdt my aenst de lêste romer skonken, En leit myn bonkerak yn ierde-skerte sonken Dan hear ik dochs dyn fuotstap yn it gryn En wurd yn 't grêf jit fan dyn swietrook dronken. * Hwat libbet, Hear, is fan Jins hannen tele, 't Bliuwt tusken ús: hwat soe de minsken skele? It stik is foar myn krêften fiersto dreech, Ik sjoch allinne, dat hja har forfele. * Hear, harkje my jit ienris oan, hâld faesje En jow Jins idel bern in bytsje ynspiraesje. Bitink, al smyt men smeulsk mei fûle aeijen: It falt net ta to skriuwen foar sok naesje. * Soa, hat dyn buorman dy gemien forret, Syn wiif de blomkes wakker bûten set? Kom, gean yn hûs, myn freon, en slút de doar, En sneup ris yn dyn eigen jiskefet. Vorige Volgende