trien dit procédé fan journalistyk moralisme oan 'e oerflakte nedich, lyk as men ek forûnderstelle koe dat er dizze fragmentaryske komposysje, dy't fan it boek tofolle in rige momintopnamen makket, mei soms aerdige kykjes, aerdige perspektiven mei ‘tegenlicht’, in treflike sfearbiskriuwing (it priissjitten, s. 43), mar dochs in los gehiel, sûnder goed forbân, sûnder ôfrouning, frijwillich keazen hat.
Mar ik leau earder dat it in kar út need west hat, omt wy hjir stuitsje op v.d. Schaaf syn grinzen. Hy kin net ta de greate visy komme, foar in panorama sit er to ticht op syn stoffe, foar de close up kin er net ticht genôch bykomme. En tusken dizze beide bigrinzingen bliuwt syn roman hingjen.
Nou hat it boek syn sympathike trekken oan 'e selde omstannichheden to tankjen. Bg. dat it mei in lichte charme oer in heap dingen hinnehipt dy't foar in skriuwer fan mear ‘proporsjes’ as v.d. Schaaf gefaerlike oanliedingen ta melodramatyske spierforrekkingen en dérailleminten foarmje kind hiene. Fan Sipke Lammers bg., de tryste noat yn it boek, hie maklik in martelder wurde kind dêr't de sentimentelichheit mei kwitsen ôfdripte. Mar v.d. Schaaf syn ‘proporsjeleazens’ hat him dêr fan rêdden. Miskien is it ek yndie sa, dat v.d. Schaaf him dêrta to goed fan syn bigrinzingen biwust is, en dan is faeks dizze lichte, oerflakkige irony noch it bêste dêr't men mei wurkje kin.
Mar ek binnen dizze bigrinzingen: oan 'e iene kant net de greate visy, oan 'e oare kant net it minsklik close up, bliuwt it boek net op syn niveau, binne de mooglikheden net ta it uterste spand. De petearen b.g. binne gauris op 'e grins fan it banale, en net ienris nijsgjirrich, origineel of geastich. Ek de persoanen kin v.d. Schaaf net allegear oan. It dimmen masterke Walinga, dat dòchs by einsluten wit hwat er wol, it Berga's folk mei harren lek en brek, en party oaren krije as minsklike omskotten har gerak, mar de skilder Hoitema is net mear as in skema en ek mei Lamey bliuwt de skriuwer sitten as in ûnfortarde brok. En krekt fan dizze persoan, mei de amper oan it ljocht kommende dokter de Leeuw de iennichste fan de hiele cercle dy't de saek troch hawwe kind hie, en dy't men dêrom graech mei de skriuwer identifisearje woe, hiene wy safolle mear for-