| |
| |
| |
Sjoerd Spanninga:
Gamelang-muzyk
It is de ûre fan de kalong;
In reade moanne stiicht oer de djatti-bosken en kanarje-beammen,
De imerkes fidelje op har fioele,
Glindmiggen hâlde in raeidouns fan gloeijende fonken om de waringins.
Dyn lichem glânzget as it jong fan de karbou
En freget om oanhelle to wurden;
Ik fiel my roerdend nei oan it geheim fan it libben
En wurd wer ienfâldich en sljocht as de harten,
Weidzjend yn it gêrs fan de stilte -
Myn drinken is dauwe út it paradys, delsprinkele oer griene falleijen.
Dou bist sa fris en suver as it wetter,
In wjittering, in treast foar de toarstigen nei skientme;
De blanke melati bloeit yn de nacht fan dyn hier.
Myn hulde dounset dy boartlik tomjitte
En springt yn sierlike bôgen oer dy hinne,
Biidzjend it koeze wurd fan dyn lippen
En de mylde tank fan dyn eagen.
De delten hingje as kostlike kuorren fol swietrook tusken de fjûrbergen -
Hearlike, bûntfearrige fûgels, loftige libellen, prielje mei wiuwende kleuren;
Yn de breidskeamers fan de natûr
Jowe de blommen har hert en neakene wielde oan wjokjende wûnders.
Sa iepen en earlik mei ús eigen bruiloft wêze,
In flinterteare boask fan goudstof en azûr,
Dochter fan de frede, yn dyn batikke sarong.
Dat myn namme as in skrik troch de kampong en it alang-alang gie;
In tigere rôver, mei grousume tosken, en neilen, skerp as in klewanghou.
| |
| |
Ek wie ik wol in amokrinder, skombekjend as in bandjir;
Dan sidderen de dessah's en beefde de buffel by de rysfjilden
Foar myn stoarre loaits en it flime ljocht, dat flitste oer myn kris.
Hwant tjirge fan de minsken
Wurde de wreedste ynstinkten yn ús wekker,
En hja hawwe my sûnder ophâlden jage, mei stiennen en spearen,
Fan it iene plak nei it oare, oant in kûgel my rekke;
Ik haw it op 'e dea ôf helle.
Sa hastou my foun by it wajangspul fan skouwe skaedbylden;
De waeijerpalmen stiene útknipt tsjin de kopergloede fan de joun,
In stream fan bloed farve de rivier efter de bamboe-skermen.
Mar der trille hiel gjin eangstme yn dyn lûd
En dou kaemst mei in moedich bitrouwen op my ta;
Doe wist ik, hja wol my neat gjin kwea, mar inkeld goed
En myn freeslik wapen, slipe ta forwar, stiek ik biskamme wei.
Under de toverlampen fan dyn antlit wiksele myn haet ta leafde,
Hja birierden myn heimelikste wêzen mei har tsjoen
En de binearing fan de waensin liet my los, as foel in slange fan my ôf -
Sont steane alle dieren fan de dsjungel noed fan dy.
Ja, dyn lytse hân hat myn wounen genêzen en dyn laits myn siele better makke,
Har jefte wie mear as de blinkende freugde fan in sulv'ren sirihdoaze -
Mar de oaren mij ik noch altyd as ien, dy't yn 'e wyldernis opwoechsen is.
| |
| |
| |
De magier
De joun rint as in kalme stream troch it eilân
En de wurge wyn slommet alré yn de berchkleauwen.
It barnende sinnetoeljen liket in forstilde tyfoan fan wyldforwaeide flammen,
Mar fierders is hiel de himel oertein mei in teargriene tint,
Dy't har klearte spegelt yn de sé;
Fiskersboaten en wjokprauwen driuwe troch de prieljende romte nei de kust.
De lome, balsemike loft is swoel fan swietrook -
Gjin koeltsje kuijert yn de kokostunen en ûnder de muskaetbeammen.
Jachtflugge sweallen flitse troch folterwolken fan feninige stekmiggen;
Fûgels en kapellen fan wûndere skientme,
Swaeije en swiere oer tichtfortize strûken;
In tropenfeest fan gleonhjitte en útgloeijende kleuren.
Oant skymrich skaedzjend yn 'e fierte
In skip mei skiere seilen oan de kym forskynt,
Dat lûdleas as in dize neijersylt
As hie der nea in blakte west;
It lit de gloede út de dei
Noch as in triljend ljochtspoar nei.
Dan nimt in magiër de moanne fan de mêst
En dinet nei it strân mei syn lantearne;
Syn klaeijing is in tovermantel, dy't mystike tekens siere.
En sjoch, de ranke palmen wurde ta bifêrzene fonteinen -
It alchimistysk skynsel fan syn lampe
Doopt alle dingen yn in floeiber sulver,
En oer de reidene retorten en 't glêzich glinsterjen fan gêrzen,
De parkeminten blêdden en formules fan de fearren
Spoeket in ûnrêstich fjûr,
As dreau de tsjoender nou syn seldsum en biswarrend wezen
Yn tsjustere, forhoalene forbliuwen;
Heech oan it firmamint skriuwe de stjerren
Syn geheimtael yn it boek fan 'e ieuwen.
| |
| |
| |
Brahma
Ik bin it linich bamboe en de tigerprint,
Ik bin de reuzekat, dy't troch de reiden rint,
Ik bin de moanneskiif en 't wint'ljend sinnerêd,
Ik bin de kamferbeam, ik bin it wiuwend blêd,
Ik bin de fûgel en it liet, de flinter en de orchidé,
Ik bin de reinboi en de wolk, de romte en de wide sé,
Ik bin de hillige en moardner, de leafde en de haet,
Ik bin yn timpel en yn finzenis, yn ljocht en skaed,
Ik bin de slang, it krûpend djiert, it dounsjend hart,
Ik bin de gleone gloed en skroei de gêrzen swart,
Ik bin it rysfjild en de palm, de risping en de plant,
Ik bin de buffel en de panter en de oaljefant,
Ik bin de skuld, de soen en it forjowend hert,
Ik bin de helt, ik bin de leffert, dy't him hat forret,
Ik bin fan lotosfivers de ûnierdske rêst,
Ik bin de libbensflam, ik bin it, dy't him dwêst,
Ik bin de rûzige rivier, dy't fan de bergen springt,
Ik bin de earn en flibustier, dy't troch de loften swingt,
Ik bin de rintfear yn it oerbosk en it prieljend blomt,
Ik bin de geast, dy't him al iepenbier jende formomt,
Ik bin de jager en de bôge, de wjokslach en it wyt,
Ik bin de klinte fan de klûz'ner en de hearremyt,
Ik bin de kunstner en de bouwer en de stien,
Ik bin yn tûzenen fan stalten troch de ieuwen gien,
Ik bin de skepper, dy't syn eigen skilderij fornielt,
Ik bin de skilder, dy't it doek opnij pinsielt,
Ik bin de hearban, en it stridend folk, dat falt,
Ik bin de fredebringer en fan kriich de skald,
Ik bin de radjah, dy't him ryk stelt oan de earmen,
Ik bin de paria, dy't minder teld wurdt as de wjirmen,
Ik bin it flonk'rjend diadeem en bin de gouden spanje,
Ik bin it skip, dat útsylt mei de dea op de kampanje,
Ik bin de tsjoender fan de nachten, gurdle mei de diereriem,
Ik bin de skurve dei, en foar syn bleate soal de flym,
Ik bin it fjurkjen fan de dauwe en it sparkjen oer de leaven,
Ik bin de mielder fan de pauwen en de wielde fan de skeaven,
| |
| |
Ik bin de dichter, dy't de skientme fan syn fersen seit,
Ik bin de Logos en it rhythme fan de ivichheit,
Ik bin fan it forskaet de oarsprong en de djippe sin,
Ik bin de ein fan 't dsjungelboek, ik bin it oanbigjin,
Ik bin de fisker, dy't syn netten útsmyt yn de smelle baei,
Ik bin it buorljend spoar, de skerpe fin, de felle haei,
Ik bin de brânning, dy't de rotsen en it rif birint,
Ik bin 't korael, dat wetterfloeden brekt en har oerwint,
Ik bin de spegeljende stream, it floeijen fan de foarmen,
Ik bin yn steppen en woastinen, yn de stilte en yn stoarmen,
Ik bin it, dy't de seilen foar de oertocht fan de sielen taent,
Ik bin de Bhikshu en de Yogi, dy't yn my toraent,
Ik bin de frou, dy't oan har boarsten drinke lit as út in krûk,
Ik bin de harte, dy't hja widzet yn har holledoek,
Ik bin it bynsel en de ynhâld fan leginden en forhalen,
Ik bin it wynsel fan de ienfâld op har houtene sandalen,
Ik bin it wrydsk ornaet, dat hinget om de skouders fan de tiid,
Ik bin it âld, forsliten klaed en spin de nije tried,
Ik bin it, dy't dyn kismet yn geheimskrift skriuwt,
Ik bin it karma, dat dy nei oertinking en foltôging driuwt,
Ik bin en bliuw deselde yn alle wiks'ling en foroaring,
Ik bin it each en triljend ljocht, de weage en de skoaring,
Ik bin de leelje yn it glânzjend hier fan jonge fammen,
Ik bin it net to neamen wêzen, dat men toait mei iidle nammen,
Ik bin de boetling, dy't syn skurft ûntgaspet op de strjitten,
Ik bin de wize, dy't him neaken útlûkt foar it heechste witten,
Ik bin it, dy't yn neare need en yn fordrukking stammert,
Ik bin it, dy't út leed de wapens foar de frijheit hammert,
Ik bin de wjerklank en it lûd, de tsjinstfeint en de master,
Ik bin de skittering en wollust yn paleizen fan albaster,
Ik bin de wyn, dy't as in antilope strûst troch de fallei,
Ik bin de spylder op de toverfluit en de meldij,
Ik bin it flechtich wyld, dat men yn wurden koait,
Ik bin it, dy't de traeljes fan de kouwen iepengoait,
Ik bin de brêgeman fan de natûr, de breid yn bûnt gewant,
Ik bin de lampe, en de oalje, der't de pit op brânt,
| |
| |
Ik bin de godlike Erbarmer, dy't it Al omfiemet,
Ik bin it, dy't yn smerten lâns de ljedder fan bigearten triemet,
Ik bin it reine langstme nei ûntbining en foriening yn de fromme,
Ik bin 't lemierjen nei de tsjusternis, de ûre fan de tromme,
Ik bin de wierheit en de waen, de ienheit en it mannichfâld,
Ik bin de hamsa en it Aum, ik bin de swan en bin it hâld,
Ik bin it Tat Tvam Asi fan de Veda's en Oepanishaden,
Ik bin de hoeder fan de hoerde en de siedder fan de myriaden,
Ik bin 't ûnsjenber Atman, dat biskûl giet yn symboal en likenis,
Ik bin de kleur en geur fan Maya en de wale fan de heimenis,
Ik bin de Palitekst der dingen, ynskrast op in magysk blêd,
Ik bin 't biwegende bigjinsel, dat him boun hat oan de wet,
Ik bin de boer, dy't mei syn oksespan de djûre ikkers ploeget,
Ik bin it, dy't de fruchten laitsjend op de weinen loeget,
Ik bin it, dy't de jiske fan 't bistean as grize moude struit,
Ik bin it, dy't dy skrieme lit en dy't dyn triennen druit,
Ik bin de himel, dy't in wolbihagen yn it goede hat,
Ik bin it oardiel en it kwea, dat oan himsels fortart,
Ik bin de dûker, dy't de pearels út de skulpen hellet,
Ik bin it, dy't de pine en de peinje útbitellet,
Ik bin it, dy't de freon forballet en de grime fijân mijt,
Ik bin it, dy't de tsjeaf toskande makket en de skoft kastijt,
Ik bin it droanjen fan de tonger en de flikkerjende spear,
Ik bin it moanjen fan de honger op de paden fan de bear,
Ik bin de soune, sobere petiele, de syktme en 't ûnkearber ûnk,
Ik bin it wûnder fan de striele en de sier fan eltse fûnk,
Ik bin it brûzjend skom, de fuottenwasker fan it pylg'rjend sân,
Ik bin it boat, dat as in núnder leit to sliepen op it strân,
Ik bin de ynderlike wil en wei fan alles hwat der ammet,
Ik bin it writende gewisse fan de leagen, dy't him skammet,
Ik bin it spuisel fan forachting, en de snie, dy't it hat dutsen,
Ik bin de biddeltekken oer de karling en it leauwe lutsen,
| |
| |
Ik bin de offerjefte, en de reek, dy't opstiicht yn gebet,
Ik bin it, dy't de moarn en joune ta myn tsjûgen set,
Ik bin de wachter op de omgong fan de stjerrestinzen,
Ik bin de sjonger by it kampfjûr oan de blauwe grinzen,
Ik bin it wijhôf fan it swijen en de meditaesje,
Ik bin it, dy't oprjochte sikers seinget mei myn graesje,
Ik bin it lyts forstân, dat wennet yn de learde,
Ik bin it great forbân, dat alles jowt syn wearde,
Ik bin de rôver en de bút, de kever en de snebbe,
Ik bin de krêft, ik bin de stof, de wever en de webbe,
Ik bin de wiele fan de kosmos en it jern,
Ik bin de Heit, ik bin de Mem, ik bin it Bern.
| |
Amerijen
Mei liuwen wie ik yn de wiidwiuwende steppen,
En mei tigers en panters, klaeid yn keningsmantels,
Swurf ik troch de dsjungels en it heechstâllich gêrs,
As in nomade fan de wyldernis.
Ik ha de neger west en de slaef fan de planterijen,
En komselden hie de swipe in amerijke lins.
De waensin fan de stêdden haw ik sjoen,
Dêr't de rykdom laket en him tjirget op 'e nekke fan de earmoede,
En de wrotter op it lân yn reinige hjersten,
Dy't kjeld skipet foar in hongerlean.
De arbeider yn minen en fabriken waerd myn kammeraet,
En mei opstannelingen roun ik efter de reade flage,
Dy't kleurd is mei it bloed fan fortrape herten.
Yn de binearing fan de finzenis
En de ellinde fan it konsintraesjekamp
Foel de momkape fan ús ôf as op it slachfjild en yn de fjûrliny;
De moedige en de leffert, de ynbannige en de swetser
Toanden hjir bytiden har wiere oantlit.
Mei spande seilen bin ik oer de séën flein,
Jage fan byljende stoarmen en troch waeijend skom;
Oant it needlot my oermast're - de leste kaptein... -
| |
| |
Doe dreau de wanhoop yn de dining om.
Myn kamielen ha trêdde troch it gielstouwend sân fan de woastinen;
Nóch hear ik it getyngel fan de klokjes yn de hoare stiltme,
Wylst boppe ús de karavaen fan himelljochten reizge troch de nacht.
Doe't de bisons byldhoud stiene tsjin de kimen fan ûnthjit,
Haw ik de pioniers yn harren kreakjende oksekarren
As paedwizer biselskippe troch de prairie,
En hold ik gearsit mei harren om it lôgjend kampfjûr.
Ek ha de weagen fan marren en rivieren my widze as har bern,
En bin ik troch tsjustere bosken en sompich reidlân fearn.
Mei in hymjend hounespan teach ik nei it hege Noarden,
Lâns de paden fan de wolven en de grizzly;
Gauris waerden yn de rouwe tael fan de herbergen
De skelen fan rûchburdige goudsikers bisljochte mei it pistol of flikkerjend mês.
Ik ha myn fortún út de groun dold,
En myn fortsjinst út it wetter wosken,
Mar alle bodzjen wie om 'e nocht,
En myn bisit rûgele my troch de fingers as idel stof.
By de wizen fan it Easten en it Westen
Haw ik my spegele yn de koele klearte fan de lotosfivers
En toeve ik op de wite berchhichten fan stille ekstase.
Under de greate bylders en filosofen fan Hellas haw ik myn jonkheit tabrocht.
De Nyl en de Ganges witte alles fan my ôf,
As wie ik in soan fan de sinne en doopt yn har glinstering.
Machtige timpels toanden my har swide of grousume heimenissen;
Keningsgrêven en pyramiden hawwe har forsegele mûle foar my iepene.
Yn miniaturen haw ik de skientme fan brânglêzen ruten heind,
En troch Gothyske kathedralen pylgere ik nei de mystyk fan de Midsieuwen,
Dy't boppe byld en wurden is, en efter tael en teken;
Dêr't de geast him bifrijt út 'e bitizing fan de sinnen,
| |
| |
En op benedijde en loksillige mominten
De minskene wil deldûkt yn de ivige wjittering,
Om, forglidend yn it djipste sels,
Foriene to wêzen mei de Oerwil fan it Al.
Skôgjend haw ik de skiednis folge yn har martelgong,
En seach ik har strampeljen nei it fiere doel,
Mar nea foun ik op dizze ierde noch in plak,
Dêr't it rjocht net skeind waerd,
En men de earme syn gerak joech,
As yn de leafde fan in Mem.
| |
De wachter
In bern allyk, dat slommet yn in koer
- It string'le flechtwurk fan syn earmen -,
Sa jowt de leafde har it libben oer
En om har lûkt it skaed syn skermen;
Twa waerme herten yn in kâld hielal.
Mar sjoch, in trouwe wachter, ingelljocht,
Stiet tusken de gerdinen, stil en rjocht,
En leit in blinkend swurd by harren del...
| |
De riddertiid
De beide pages fan de sinne,
De reade loft, de blauwe joun,
Drage de waeijers fan de minne,
Hja hat har gouden hier ûntboun
In mantel fan trochskinend fjûr,
Yn wikselgloed en sydne pracht,
Hinget syn eale wjerglâns oer
De roune skouders fan de nacht.
| |
| |
| |
Conté cruel
De opstân giet de fjilden lâns, -
De wanhoop wurdt de lêste skâns
Dy't fjochtsje mei de mitrailleur
Mar foar ús ha wy de terreur
| |
Hieve away for Rio...
As in séfalk op 'e weau en
Sierlik saeijend boppe weagen,
Is de wjokslach fan de brauwen,
Bûtsjend útslein oer dyn eagen.
Kom, wy kliuwe yn de touwen
Fan de leafde, sterk en broas.
Touterjend mei wetterdouwen,
As in miuw en in matroas.
| |
De wyngert
Lâns de bergen, oer de klingen,
Waechst yn sinneskyn it lok.
Lykas bloeijende seringen
Hingje druven oan de stôk.
Oant de boarsten fan de ierde,
Mei de soppen fan it hert,
Yn de wynpars fan de smert...
| |
| |
| |
De mynwurker
Oan de lift fan stjerrestrielen
Daelt in mynlamp, moanneljacht,
Stil mei hammers en houwielen
Nei de gongen fan de nacht.
Printe yn de smelle pipen
Fan in stienkoaldonker wâld,
Docht de oertiid him wer iepen
En it hjoed wurdt ieuwen âld.
| |
De spylman
It wiffe boat glydt oer it glêzen swijen -
De stilte gondelt treurjend mei; - in breid.
It libben siket syn fordronkene meldijen
Tusken de stomme fluiten fan it reid.
Wy dounsje oer de djipten fan it lijen
En wynderje foarby - de spegelsealen slute.
Dan wurde wy fan finzenen ta frijen -
De Dea dy spilet pantomime op syn lute...
|
|