is de heros Simson, dy't tûzen fijannen mei in ezelskakebien delhout, mar dy't rjuchtfeardige wurde wol as foarrinder fan de heilân Christus, dy't himsels oan it krús spikerje lit. En dêr is ek de leavjende Simson, dy't sà finzen is yn syn leafde foar Delila, dat er har syn djipst geheim iepenbieret om der troch ûnder to gean.
De striid fan Simson, dy't troch de oarlochsjierren in bisûndere klam krige foar de al foar dy tiid mei it concept pielende skriuwer, is forwoechsen ta in lange, machteleaze praterij. Faeks soe it mooglik wêze, in stik to componearjen oer dizze âldtestamentyske forsetshelt, dat it wòl die. In stik mei mear Dagon en minder Delila. In stik dat him net forlear yn tofolle bidoelingen.
Hwant Schurer lit in twade Simson yn dit drama omkuijerje, Simson de pro-Christus. Net allinne de officialia út 'e bibel moatte dizze oerienkomst biwize, lyk as it útleverjen fan Simson troch syn eigen folk oan 'e Filistinen, of it forrie fan Delila, dy't foar dizze prestaesje sulverlingen fortsjinnet. Schurer lit ek jit Kenaz de Judéër by it útleverjen fan Simson prate fan it offerdier dat troch syn dea, de dea fan it edelste en it bêste, syn folk rêdt; hy lit Simson, as de sterke man nei it forslaen fan de Filistinen útdroege fan toarst op 'e groun leit, útroppe: ‘Myn God, myn God, hwêrom forlietstû my?’ As de helt yn Delila's keamer finzen nommen wurdt, freget er har forwitend: ‘Forriedstû my, Delila, mei in pea?’ En as er dan fuortsleept is en Delila it bloedjild yn hannen hat, smyt se dat de ôfgeande foarsten nei mei de wanhoopsskreau: ‘Ik ha forret, forret ûnskuldich bloed!’ It wol my net oan, dat men dizze parallel úthâlde kin. It stik makket dat alteast net oannimlik. Is Simson yn djipste wêzen ek net krekt de antagonist fan Christus? Simson, de geweldige, de sinnelike, de wraeksuchtige - Christus, de warleaze, de geastlike, de genedige. Simson dy't syn útein fynt yn it forrieden fan syn ropping - Christus dy't syn ropping folbringt troch syn útein. Faeks sil men oankomme mei it sizzen, dat ek Simson troch syn dea de oerwinning bifocht. Mar hwat in ûnderskie tusken de spirituele oerwinning fan it krús en dizze éclatante oerwinning fan de opstân! Ommers, hiel Simsons libben wie ien gloede fan opstân, forset, terrorisme en extre-