De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 325]
| |
De húlBy it bleek ûntweitsjen
wie de keamer in fijân,
har lea in frjemd, wyt ding,
it lekken in toroppe forbân.
Wy founen gjin wurd, gjin gebaer.
Neat as it neaken swijen
dat tusken fijannen stiet.
Hiene wy doarme yn lannen
arkadysk grien?
Wy hiene mei hastige hannen
de dream fordien.
| |
[pagina 326]
| |
To letDe gerdinen wurde sletten.
Ringen binne alle doarren ta,
de terrassen leech en forgetten.
De blommen fortoarkje,
liet en mesyk stjerre wei;
de skaden wurde langer,
de nachten banger.
't Is foarby, ik bliuw oer:
reiz'ger op in iensum perron,
foar de lêste trein to let.
To let?
Jit ien spoar, ien stasjon:
it forkearde.
Hwerom net?
|
|