intellekt. Is it mei dêrom dat Jou wurk sa modern oandocht? It mist it pathos fan de gefoelslyryk, mar it is ek absolút frij fan rhetoryk en oerdriuwing, saeklik, sober, folslein echt as it is. Der leit gauris in mylde en wiisgearige glim oer hinne, op 'en moaisten yn 'e fersen, dêr't de wiisheit net opsetlik yn socht wurdt; in lichte, fine humor giet dêr ornaris lykop mei. Dat stille, mimerjende petear mei Josels, dat koele bineamen fan de dingen, hwat stiet it altiten op in heech plan en hwat is it altiten troch ende wer troch suver.
Hwer loeken de dreamen Jo al weroan hinne? Al wer nei Fryslân, lyk as it dêr leit yn 'e eigenheit fan alle tiden fan it jier en fan alle jierren nei de tiid; nei de Fryske minske, fol forskaet nei birop en wêzen en dochs ien troch it komôf. Sjocht men skerper ta, dan is it winliken mar ien kontrei, dêr't Jou herte hinne loek, as Jo de dream oer Jo komme lieten:de krite om Makkum ta,de kontrei fan Jou jonkheit, in keale flakte, soene in hopen sizze mar dy't Jou fantasij al weroan oanklaeide mei kostlike moaijens. Leafst hawwe Jo ús dit stik Fryslân tekene, lyk as it dêr leit yn 'e koestering en blinking fan maitiidsljocht en simmergloede, mei de fûgels yn 'e loft en mei de warbere minsken yn 'e ûngetiid. Jo wurk hat sadwaende hwat ljochts en mylds, lyk as ek de Snein, dy't Jo withofaek yn Jou fersen foar ús oproppen hawwe, sa'n eigen sfear hawwe kin.
Kin yn sa'n lyts bistek in greate kunst ûntstean? O jimme moderne dichters, dy't de hiele wrâld ôffleane moatte om stoffe foar jim skriuwerij to finen, lit jim fan Postma bileare, dat yn in wetterdrip de hiele wrâld en de hiele himel har wjerspegelje.
Dr. Postma, de kontrei fan Jou jonkheit meije Jo yn Jou wurk in ûnforgonklik stal jown hawwe, Jo hawwe mear dien. Fryslân, dat wie foar Jo ek it skier forline fan ús foarâlden, dêr't Jo graech ris toevje mochten, Fryslân, dat wie foar Jo ek it gebiet, dat ienris Frysk wie, West-Fryslân, Grinslân, Eastfryslân, Noardfryslân - Jo reizgen de terpen bylâns en setten fan de dichters út oare Fryske lânsdouwen oer. Romantyk, dat toevjen by eigen jonkheit oan yn it fier forline? Jawis, mar it hat Jou eagen net minder iepen makke foar it libben fan hjoed-de-dei: de fleanmasine fan Clement van Maasdijk, de auto dy't lâns de libbene bazaltblokken Jo delset foar de trein fan 11 ûre 11 nimme Jo like goed oan as de terpen en pleatsen yn it âlde lân.