De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[binnenkant achterplat]
| |
De Reiddomp balt werDe mannichte nije Fryske boeken, dy't de útjowers ‘foar Sinteklaes’ oankundigje, binne - hoe soe 't oars - net Folle fersebundels bij. De ‘Reiddomp-rige’ lykwols fordigenet it poëtefront yn Fryslân jit en hat trije nûmers op nominaesje, dêr't twa fersebundels bij binne: ‘Jolm’ fan G.N. Visser, dy't ont nou ta net bundele en hwaens wurk grif ‘iepenbierjend’ foar de Fryske gemeente wêze sil en ‘Untwyk’ fan Klaes Dykstra, bikend troch syn publikaesjes yn Heitelân en Tsjerne. As proazanûmer sil útkomme de novelle ‘De Reedridder’ fan Anne Wadman. Der wurdt ús trochdien dat de dichter Wybren Altena sels in bundel útjaen sil: ‘Rûkersguod’.
| |
Oan de neitins fan Hein de Bruin
Under foarsitterskip fan Anton van Duinkerken is in komité foarme, dat to'n doel hat in boek forskine to litten mei in kar út it proaza fan de op 10 Juny 1.1. to Amsterdam forstoarne skriuwer Hein de Bruin. Hein de Bruin, berne yn 1899 to Drylst, wie yn syn bertelân binammen bikend troch syn Hollânske oersettingen fan guon fan Fedde Schurer syn fersen, mar ek syn bundel ‘Het ingekimde land’ (1932) foel hjir wol op. De tekst fan it boek sil keazen en forsoarge wurde troch Dr. K. Heeroma (Muus Jacobse), dy't ek in koarte libbensskets bijdrage sil. De om deselde snuorje hinne as De Bruin forstoarne protestantske essayist B. van Noort hat in folsleine bibliografy forsoarge, de typografyske forsoarging is fan Henk Krijger.
| |
Fusy ‘Podium’ en ‘Columbus’
De literaire tydskriften ‘Podium’ en ‘Columbus’ binne in fusy oangien en sille tonei forskine ûnder de namme ‘Podium’. De redaksje sil foarme wurde troch Fokke Sierksma, Paul Rodenko en Anne Wadman.
| |
Wurk fan Kafka
Bij Schocken Verlag yn New York binne fiif boeken fan de forstoarne Tsjechyske skriuwer Franz Kafka forskynd: ‘Der Prozess’, ‘Das Schloss’, ‘Amerika’, ‘Beschreibung eines Kampfes’ en ‘Erzählungen und kleine Prose’. Der steane tsien dielen (deiboeken, brieven, ensfh., dy't jit net earder útjown binne) op 'e nominaesje.
F.D. |
|