De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 319]
| |
XXVIIDe wrâld is wreed en dom, en hurd as stiel,
Mar ik bin ryk en optein mei myn diel:
Ik foun dyn stal, sa't gjin cypres hjir waechst,
Dyn antlit, klearder as in moannestriel.
| |
XXVIIIO dû, myn dream, myn langst, myn iene treast,
Wyt fan myn hert, formeits fan sin en geast,
Ik leavje roazen, stjerren, reade wyn,
Floiten en sang, mar dy, mar dy it meast.
| |
XXIXDe lêste berch, dy't ús jit skaet, foarby,
Leit moarn it paed nei leafde' wente frij,
Dû wachtest my mei blommen yn it hier,
Ien nacht jit, breid, en dan bistû fan my.
| |
XXXSalomo's wysheit silst by ús net fine,
Gjin wetten fan de Koran kinn' ús bine,
Wy sjonge yn skurve klean mar ien goadinne:
Fan Leafde' blyn biwâld foargoed forbline.
| |
[pagina 320]
| |
XXXIDe greate Skaker set ús op it boerd
En wy forskouwe nei't syn hân ús stjûrt,
Wy wurde ien foar ien nommen en slein
En gean wer yn de doaze, moarn of hjoed.
| |
XXXIIRjuchts, lofts, lyk as de keatser slacht, sa sjit
De bal de baen oer en hy freget net,
En Hy, hwaens hân dy opsloech yn it fjild,
Hy wit hwerom en hoe - Hy wit - Hy wit.
| |
XXXIIIDe finger, dy't de rekken fan dyn dagen
Skriuwt, skriuwt mar troch, hoe't ek dyn herte klage,
Forstân, noch geast, noch démoed kin dit keare,
En al dyn triennen ha gjin wurd útfage.
| |
XXXIVDû, dy't de wynstôk plantest op myn wei,
En strikken setst, der 'k machteleas yn lei,
As 'k dochs in túchje yn dyn hannen bin,
Jowst my myn rûs en fal as sûnde nei?
| |
XXXVDer is gjin hert, dat bûten Dy net stjert,
Gjin wysheit, dy't dyn suv're stim net heart,
Al lietst ús neaken yn ús langstme stean,
Wy sykje Dy, neat, neat oars, dat ús rêdt.
|
|