út 'e toer hellen en forkeapje woene, yn forbân mei de hege metaelprizen, in foarm fan ôfbraek dêr't Lindeman him tige tsjin forsetten hat).
De doedestiid goed forneamde toaniel- en resitearforiening ‘Ons Genoegen’ hie Lindeman ta direkteur. Gauris kaem hij ek foar it fuotljocht mei syn partikuliere sjongklassen en mei de heechste klassen fan syn skoalle, om dan sjongspullen op to fieren, lyk as Assepoes, Sneeuwwitje, Blauwbaard, Michiel de Ruyter.
Foar de koaren dêr't er dirigent fan wie, biwurke hij mennich moai âld Nederlânsk of Flaemsk liet fjouwerstimmich. Foar de útjower De Liefde to Utert, dy't om 'e fjirtjen dagen mei in nij muzyknûmer kaem, skreau Lindeman gauris in stikje, b.g. in piano-arrangemint fan ‘Faust’, in ‘Bolero’ foar piston en piano ensafh. Oars is der fan syn wurk omtrint neat útjown. Wol útfierd. Syn gelegenheitsmarsen, de kantate ‘De Starrenhemel’ op tekst fan Hiër. van Alphen, de troch himsels ynstremintearre âlde en nije komposysjes foar syn ‘strijkje’ Polyhymnia etc.
Lindeman wie in man fan syn tiid. Hij siet tige yn 'e learlingen (piano en oargel) en hâldde de goaden heech fan dy skynber probleemleaze dagen, de greaten: Mozart, Beethoven, Haydn, Schubert, Mendelssohn, Chopin en Tschaikowsky, sawol as de lytsen: Strausz, Lanner, Waldteufel, en de komponisten fan de Frânske opéra-comique.
Yn 1898 kaem Lindeman mei twa moaije gelegenheitslieten foar de kroaningsfeesten to Snits. Ien hjirfan is ‘Nêerlands Volkslied’ dat op oranjepapierkes printe waerd en sa forspraet. Op gâns skoallen waerd it songen, ek (b.g. to Snits) jierren letter noch. Oan 'e Keninginne stjûrde Lindeman twa exemplaren en it die him goed, letter út it partekulier-kabinet tankbrief Nû. 1 to krijen.
De auteursrjochten op 'e melodij fan 'e gelegenheitslieten hie Lindeman, nef fens de âlde wet, forsikere. Letter koft R. van der Velde to Ljouwert in permisje om de melodij to printsjen. Hjirtroch koe it net opnommen wurde yn Nederlânske bondels, lyk as ‘Kun je nog zingen’ en dêr hie oars wol kâns op west, meidat ‘Neerlands Volkslied’ yn wearde fier útgyng boppe it gewoane gelegenheitsliet.