haedoffysje sjen, moat ek oar wurk dwaen, b.g. lesjaen, yn it amusemintsbidriuw arbeidzje, ensafh. Dit bitsjut ek dat hij mar in diel fan syn tiid oan it orkest jaen kin foar riptysjes en útfieringen. Wij moatte dus yn Fryslân alteast de kommende jierren net tidigje op in goed biset fakorkest. Dat is spitich, mar wier.
It doel is, dat G.O.V. en L.O.F. ankomme winter, ûnder auspiciën fan de foriening ‘Kunst aan Allen’ to Ljouwert in rige konserten jaen sille yn Ljouwert, Snits, Frjentsjer, 't Hearrenfean, Boalsert, Drachten en mooglik ek noch op oare plakken. Dêrneist sil it L.O.F. de bigelieding fan alle oratorium- en sjongspul-útfierings op him nimme. Mei de biskikbere middels liket mij dit optheden de gaedlikste oplossing ta, dat it wurkfjild fan de beide orkesten nou ôfbeakene is, dat der kontakt lein is tusken de bistjûren en dat in ûnfruchtber provinsjael-chauvinisme op dit mêd gjin kâns mear hat.
It wurd is nou oan de Fryske muzykleafhabbers. Men kin wol hurd roppe om in Frysk orkest, mar dan moat men ek sjen litte kinne, dat der wierliken forlet fan is. De subsydzjes fan de oerheitsynstânsjes skeppe de mooglikheit foar dit experimint. Mislearret dit, dan wurdt it in poepetoer om de saek yn 'e takomst to bihâlden. M.o.w.: komme der gjin minsken genôch op 'e konserten, dan bistiet de kâns dat de subsydzje ynkoarten of alhiel ynlutsen wurdt. Dêrmei is dan foar Fryslân de mooglikheit op in ûntjowing fan it muzyklibben foar jierren ûnwis wurden. En dan hawwe wij ek net better fortsjinne.
Der moat dus hwat barre, binammen yn de plakken dêr't orkestútfieringen jown wurde sille. It liket mij needsaeklik, dat men dêr in kearn fan minsken yn in foriening bij inoar swilet. Dizze pleatslike forienings kinne har dan yn in federatyf forbân oanslute bij ‘Kunst aan Allen,’ de organisaesje dy't op him nommen hat, it tarissende wurk foar alle konserten to dwaen. Mar de forantwurdlikheit moat net yn Ljouwert lizze, mar yn 'e plakken sels, dy't der bilang bij hawwe.
Der leit op dit fjild in dreech stik wurk op ús to wachtsjen. It giet yn wêzen om it bimasterjen fan in stik kultuerbisit,