Bernard Smilde:
Fragen fan in Frysk komponist hjoed-de-dei
Dy binne twadderlei: foarst dy fan 'e tiid, twad dy fan it plak. Hwa't him yn 'e tweintichste ieu roppen, dreaun, ynspirearre of hwat dan ek mar fielt om muzyk yn it wêzen to roppen en dy to boek to setten, moat goed foar it forstân ha, dat hij net de foarste is yn ús tiid, dy 't soks by de ein hat. Hy komt letter as dy't foar him west hawwe en hy stiet mids forskate oaren dy't mei him steane.
Soks mei in simpele wierheit lykje, it is dochs it achtslaen weardich. It set him ommers yn in wrâld fan bisteande muzykpraktiken en -wizânsjes. Dat hat syn foar en syn tsjin: hy hoecht net to bigjinnen mei it experimint, mar hy hat to sjen hoe't it iene slachte nei it oare it foar him dien hawwe en hoe't de lju fan syn eigen tiid it dogge. Hy hat stúdzje to meitsjen fan foarm en ynhâld fan hwat der al komponearre is dizze ieuwen fan (West-)Jeropeeske biskaving. Hy hat to krijen mei de groei fan ús tonael systeem, moat yn 'e kunde komme mei it suver einleas forskaet fan melodyske en harmonyske mooglikheden, mei de praktyske kombinaesjes fan it hiele vokale en ynstrumintale apparaet, en folle net genôch.
Syn muzikale oanliz sil him dêr fansels ek wol ta brocht hawwe (nammers, hy hie oars grif net oan't muzykskriuwen rekke) en it kin net oars of syn earste produkten sille altyd biynfloede wêze fan it muzikael formidden dêr't er weikomt; hja sille faek net mear wêze, as in op syn manear wèr jaen fan hwat er earst yn him opnommen hat. En as it dat dan noch mar is: op syn manear.
Hwant dêr sit nou krekt de oast: to witten dat hy der sels ûnderstrûpt, dat de ien of oare greate figuer him sa meinimt dat er ûnder de tsjoen fan dy syn muzikael idioom him dyselde uteringsmiddels oaneigenet en faek sûnder it sels to wollen dy syn tael jitris bigjint to praten. Mear as ien liket hjir net oan ûntkomme to kinnen. Hat it bg. Bruckner gjin striid koste om los fan Wagner to kommen?
Mar giet it goed, dan komt de tiid dat bliken dwaen sil oft