fynst dien, in oanwizing dat er muzikale oanliz hie. Hieltyd krijt men it gefoel: hwat spitich dat dizze oanliz net troch fakstúdzje yn goeije banen laet is, hwant hwat hie dit moai wurk wurde kinnen, as hy de macht hawn hie syn bidoelingen to realisearjen. Ek út de melodyske gong sprekt syn oanberne muzikaliteit. Dizze is oer 't algemien lyrysk, soms foar ús hjoeddeiske bigripen tò gefoelich, op it sentimintele ôf. Syn styl is troch ende wer troch romantysk.
It lit him licht bigripe, dat Dr. Schepers mei syn hyperromantyske teksten syn leavlingsdichter wie. Ek fan Rixt hat er twa dichten toanset, fan Piter Jelles in trijetal út dy syn ‘Jongfeinte Lok en Lijen’, fan O.H. Sytstra it ‘Jounliet’ en fan Jan fan 'e Gaestmar it jubeljende ‘Der út nou!’, in lyryske biskriuwing fan it oerdiedige maitiidsfeest, dy't de bûtenman mei syn natûrleafde fansels tige lûke moast, en dy't him dan ek ta ien fan syn bêste sangen, ta in swietlûdige fleurige meldij ynspirearre hat.
Dat Dokkum ek gefoel foar humor hie, docht bliken oan syn liet ‘De groote Hond en de kleine Kat’ op 'e geastige tekst fan Alb. Verwey. Yn in ienfâldige forteltrant slút de meldij him hjir - binammen yn it foarste part - wûnderlik goed oan by de wurden. Bûten dizze tekst ken ik fan Dokkum mar ien oare Nederlânske toansetting, foar solosang: de ‘Jongeling aan de Beek’, op tekst fan Schiller, tige ûndichterlik en mei falsk sentimint biwurke. It hoecht skraechwurk sein to wurden, dat sa'n tekst gjin oanlieding ta in heechsteande komposysje wurden is. Yn de ûntjowing fan Dokkum syn muzyk sille wy dit ta ien fan syn earste prebearsels rekkenje moatte. Lang net alle nûmers dy't ik efterhelle haw, binne datearre. De pianokomposysjes lykje my yn elts gefal ek jeugdwurkjes.
Foar safier't jiertallen bikend binne, is myn konklúzje, dat hy bigoun is mei lieten yn 'e trant fan Schubert, Schumann en Brahms: swietlûdige, sjongsume meldijen dy't wol yn haedsaek de sfear fan it liet werjowe, mar net bipaelde wurden dêrút neijer ûnderstreekje. Yn dizze styl binne b.g. skreaun ‘Ljeafde’ en ‘Der út nou!’
Yn syn lettere lieten dêrfoaroer, lyk as yn Piter Jelles syn ‘Dû naemste myn romer’ en ‘Ierde en Himel’, mar binammen yn ‘Yn't wâld’ fan Rixt, is hy mear de deklamatoryske kant