| |
| |
| |
Sjoerd Spanninga:
Karavaenliet
Sjoch, ik haw myn tinte bilein mei donkergloeijende tapiten
En bûntflamjende kleden út El Khahira, myn leafste.
It is my woltomoede by dy, freondinne.
Dêr't ik mei panderje oer de binnenhôven fan de meditaesje,
En myn forstienne geast wurdt ta in welle fan genede,
In suvere boarne foar de gazellen,
Dy't jeloersk binne op dyn jonglinige en lichtfuottige bikoaring.
Yn de fiere tiden fan it karboan hat de natûr de kleur mongen
Foar dyn swartfarve lokken,
Dêr't de geur fan it paradys yn wennet,
De swietrook fan kostlike krûderijen,
En myn langstme jerne fornachtet;
Nea hat in hynder fan de sheik moaijere moanjes hawn,
Dat him deljoech yn it skaed fan de oase.
Lit dyn hier troch myn fingers glide
As in bitsjoenend weefsel fan glânzjende side,
Dat út de fynste triedden fan oerstof spoun waerd op 'e wiele fan it hielal.
Op dyn wangen leit it brûns fan de noardelike hjersten.
Dyn tosken binne pearelstringen yn it forwiel fan dyn mûle,
En dyn earen as seldsume skulpen,
Fan in bûtsiker sammele oan sé, yn de farske printen fan de weagen.
Houtskoal tekene dyn wynbrauwen:
Twa lytse sichten, dy't de leafde rispje.
De minne sliept jit tusken dyn boarsten;
Lit my har dochs wekje, dochter fan it Suden.
Dou hast tige oanfallige earmen en de folsleine hals fan in gems.
Hokker juwelier hat sokke blierkjende sierstiennen as dyn eagen,
De fynbislipe diamanten, der't eonen oan wurke hawwe,
En dy't fonkelje as de Orion?
| |
| |
Ek barnt it mystike fjûr fan moskélampen yn harren,
As wiestou weiroun út de fortelsels fan Sheherazade.
Ja, dou bist in prachthânskrift fan de Korân,
En de ieuwen hawwe in wolbihagen yn dyn forskining.
By dy is de hearlike, ûntspande rêst,
Dêr't men jin bernlik burgen wit,
Dat heineballet mei sinne, moanne en stjerren;
De toarteldou en de falk binne yn frede delsaeid op dyn skouders.
De palmen forbliidzje har yn dyn ranke foarm en bûchsum bistek;
Alle beammen hâlde har reauntsjen yn en hawwe it blêdte op 'e lúster.
Under it heimelik petear fan ús herten.
Ik sil foar dy spylje op de tambura,
En swietlûdige lieten sjonge as in soan fan de woastine,
Hwant dou bist as in hart, dat oer de klingen dounset,
Flechtsjend foar de jager.
| |
Romantysk intermezzo
De stiltme pandert oer de paden,
Har wurden rinne op it moas,
Joun risselt sulver yn de skaden,
En frisselt hja de leafde los.
Ik ha my yn har hier biwuolle,
Ik rook fan roazen stiicht alom,
Har treasting hat myn holle kuolle,
En heimlik sûzjen waret om.
Al hwat oerdei to spyljen stiet,
De siedder, dy't de nacht lâns giet,
| |
| |
| |
Indian summer
Sit foar de wigwam fan de nacht to smoken,
En rikket de prairie en bosken fol skimer.
Dan nimt er syn rounstjûnige kano,
En set koerts oer de greate stjerrestream
Nei de blinkende mar fan de moarn,
Der 't de himel syn frede yn spegelt.
| |
De pelgrim
De nacht dy garret it lêste goud
En fisket it ljacht út de streamen - -
Hy berget syn offerskat wolbitroud
Yn it blauwe gewant fan syn dreamen - -
Dan wannelt er as de stilte op moas
Oer de eachbrauwen fan God's dunen....
En de dauwe glinstert, in stjerretros
Oan de teisters, it gêrs fan Syn tunen....
| |
Skaedbylden
De joun is rêst. Der sylt gjin wyn
De haven fan de stilte yn,
Dy't net ûntidich stjert,
Hwer't deis it lûde libben swetst,
Giet nou de rouwe om en etst
Rint ont de iere ûre fan de hoanne
Op de kantielen fan de nacht.
| |
| |
| |
De greide
Dit hert, sa toar en hurd as stien,
Brek it mei Jins houwielen iepen;
Meitsje it sljocht en smeudich grien,
Weidzje yn gêrzige greiden de skiep en
Unnoazele lamkes, dy boartlike dreamen,
De hynders, de kij en it skouwe wyld -
Lit harren drinke út libbene streamen
En patsje har eigen spegelbyld.
| |
Rispinge
Op dizze ûre haw ik tide - -
In minske roun foarlâns de sinne -
En om him fleagen, glâns en side,
De reine fûgels fan de minne.
Sa gyng er syn bitsjoende wei - -
De earmen fol fan skeaven ljocht -
En elts, dy't er syn groetnis sei,
Hat oan it eigen herte tocht.
| |
De wite nacht
Ik fiel my wer loksillich as in jonge,
Nou 't ik myn hannen om dyn holle liz.
De geal wol dy syn moaiste lieten sjonge,
Wylst ik myn leafde yn dyn eagen siz.
Dyn hier fait as in wijing oer dyn skouders,
En op dyn mûle is de rook fan roazen lein.
Yn alle leanen stjûrt de moanne har klabouters,
Hja binne mei lantearnen lâns de himel tein.
| |
| |
| |
Miniatuer
Lôgjende kym en barnend skip: de sinne -
De moanne strykt it rêddingsboat -
In flit roeit der mei gouden riemen hinne -
It stjirt' dat is de fiskersfloat - - -
| |
Lietsje
Ynienen strûst der út myn hert
In kloft fan fûgels yn de moarn,
En jubelt tusken blom en blêd
De Maeitiid yn de hagedoarn,
Oant eltse beam to sjongen stiet
Bylâns de wei en oer it gea, -
Al rint de roalder fan har liet
Ek fan it libben nei de dea....
| |
As de nachten bloeije....
It boat rint stil syn ljochte feart;
Blausulver blinke de forile fearren
Fan snilen lâns de moannesleat -
Wy farre suver troch de stjerren.
De himel tilt fan teist'rjend toaisel;
De ierde nimt syn byltnis oer.
It wetter sylt fan kosmysk bloisel;
God's bijen swarmje út 'e koer.
|
|