De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 140] [p. 140] Geart Jonkman: Poètes modernes (somlike) Mei ‘wy bistean’ is leau'k wol alles sein; wy ha gjin libbenslear, gjin idéalen en bliuwe, kâld fan freonen en rivalen, in sek mei bonken op in wrakke wein. Wy dogg' ússels tokoart... yn ús forhalen, bilibje skiuwend tûzen kear de ein, mar ha ús siel yn de erotyk bilein en sutelje mei divanbêd-skandalen as soe der bûten dat gjin wrâld bistean! Mar taeste wy wer nei ús klamme klean, dan húv'rje wy fan iensumens, en blykt de frou allinne in simpel lotgenoat, de haven, dêr't it gammel boat in amerij syn skuorde seilen strykt. Diggels Ik wit net hwat ik hjir fan tinke moat, 't wie neffens my sa goed, wy hiene alles sein; en binne wy ris fan ús dwile hichten stoart dan ha wy beide op deselde pynbank lein. Us skrútlens duorre mar in hoart, doe binne wy yn 't hôf fan Eden tein en is de poarte fan de siel ús iepenflein, wy hawwe iten fan itselde board. Hat alles leagen west of boarterij?! Ik taest, oerfallen fan it springend tij jit as in drinkling nei hwat hâld. [pagina 141] [p. 141] Fortwiivle sykj' ik om de mêst dy 't niis ús flagge droech yn wisse rêst.... Ik slút de eagen en wurd stadich kâld. De klant Goed en Tsjoed, de twa rivalen, binne oer Jan Minske gear, toane him har hûs en hear oan de hân fan tûzen stalen. Jan lit út en troch in fear, Iêst syn namme yn d'annalen, yt forbjustre fan twa skalen en forslokt him kear op kear yn de brokken fan it leed; op it keine tafelkleed drippe stadich swiere triennen.... Jan fynt lang om let de ein; oer de kiste yn de wein rôlje fûl de dobbelstiennen! Vorige Volgende