De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 131]
| |
Fokke Sierksma:
| |
[pagina 132]
| |
Dêrom sil ik oer Koestler skriuwe yn de ik-styl, dêr't dat nedich is. Syn boeken hawwe mij yn de kraech grypt. As kunstner superieur, hat er mij mei syn problematyk wer de fragen foarset, dy't minsklike gemaksucht hjir as dêr yn myn efterholle weistoppe hie. Ik wol se net wer forside tropje en skriuw dus, hwer 't dat nedich is, ik. Hwant miskien komt der ienris in tiid dat ik akademysk oer him skriuwe kin. Mar nou is syn problematyk myn eangst, en ik forpof it om dy yn literatuer to fortsjustermoanjen. Myn iennichste en mea'gere treast is, dat Koestler, as ik syn wurk goed bigryp, ek noch net al syn eangstme deaskreaun of deastoarre hat.
Ornaris binne skriuwers sa ynteressant en sympathyk net as harren wurk, - steld dat dat wurk fan bitsjutting is. Neffens C.G. Jung libbet de kunstner fan geastesregionen út wei dêr't de boarger gjin binul fan hat. Dizze djipperlizzende lagen sûgje lykwols de persoanlikheit fan de kunstner greatdiels yn har op. Foar syn partikulier libben bliuwt sadwaende net folle oer, dat hij is meast in ûnmûglik, egoïstysk en genietsuchtich mins. Dat is ek in theory, mar hwat wichtiger is: it libben fan in kunstner hat troch 'en bank gjin of mar in binaude lyts bytsje symboalyske wearde. Lit de bûtensteander froulju en drank tige ynteressant, typearjend en bilangryk achtsje, bij mij binne se, bihalve aerdich en noflik, like typearjend foar in kunstner as foar Jansen, trije heech, mei in âlde kleare en in trijehoeksforhâlding (de lêzer fornimt, dat ik oer froulju en drank nèt yn de men-styl skriuw). Mar it libben fan in kunstner is net fuortdaliks symboalysk, as hij mei deselde kwalen oanklaud sit as syn buorman. Froulju en drank is in kwesje fan mear of minder, bihalven bij gehielûnthâlders. Wol in kunstnerslibben symboalwearde ha lyk as syn wurk dat hat (ha kin), dan is dat net in kwesje fan mear of minder, mar fan: sa en oars. It libben fan Koestler is ‘oars’. Hij is net lyk as oare skriuwers in literaet, sa as syn meiboargers ek spesialist binne fan skuonmakker ont propaganda-minister, mar hij docht in taest nei it ‘oare’, nei it totael. Wenplakken: Boedapest, Wenen, Jeruzalim, Cairo, Parys, Sovjet-Ruslân, Malaga (finzenis), Sevilla, Lûnden en noch sa'n nustje. Affearen: limonadesutelder, | |
[pagina 133]
| |
Zeppelinreizger, oarlochskorrespondint, fredeskorrespondint, tydskrifteútjower, politikus, soldaet en romanskriuwer. Dat docht in avonturier ek, mar hij docht it net yntelligent. Koestlers libbensrin bringt my iderkear wer Hellas' greatste dramaturch yn 't omtinken, Aeschylus, dy't de Agamamnon skreau, ‘dizze kathedrael ûnder de trageedzjes’, mar dy't op syn grêf sette liet, dat de Perzen yn de slach bij Marathon syn spear field hiene. Foar ús is it noch wichtiger, omt wij dwaende binne mei literaire wetterhollen to bipopkjen. Dizze oandwaenlike soarchsumens is net sa slim, mar al slim is it dat wij it sa gewichtich achtsje om in wetterholle to hawwen. Bij einsluten fokt alle spesialisme in wetterholle. En dy dingen binne yn alle gefallen ûn-aesthetysk. Allinnich al út aesthetyske motiven wei liket it mij de moeite wurdich ta, dat der in espeltsje skriuwers nei foaren kaem is, dy't net allinnich skriuwe, mar ek fleanmasinen stjûre, efter in bren lizze, illegael wurkje, politike aksje fiere en har drok meitsje oer harren meiminsken: in Koestler, in Malraux, en ek in Hemingway. Soksoarte fan lju lykje wer hwat mear op in minske, en ha dat foar op it munster-mei-wetterholle dat kunstner hjit. Hja ponearje: earst libje, dan pas skriuwe, - primum vivere, deinde scribere. Bij mij is dat moaijer as souderkeammerke-poëten en kafé-artysten. Ek moaijer as dichters, dy't mei merkeweinen op sjou geane en har ta LIBJEN oanstelle. Ik fyn dizze wetterhollen ûnsjoch, mar hwat jowt it mij, hwat ik fyn. Ik wol op 'e men-styl ta. En dus freegje ik: ís in gewoane holle ek wierder as in wetterholle? ‘Men’ kin sachts hwat filosofyën gearstalle oer harmoanyske struktuer, totaliteit, organysk libjen, ensafh. Yke Boonstra plichte dan mei syn net to forfangen aksint to sizzen: Auch eine Philosophie.... Mar yn alle gefallen, bij mij is in literaire wetterholle rounút ‘raer’ en Koestler in keardel. En bij einsluten is in froask op in gouden troan dy't syn poel forgetten is, net allinnich ‘raer’, mar ek ridikúl. En ik hoopje, dat men dat in goede dei ek sa sjen en sjen litte sil.
Hwat is skientme yn it wurk fan Koestler? Mar alderearst moat in oare fraech steld wurde: haw ik skientme nedich? Né, dat net. Alteast net, bijhwannear't skientme lyksteld | |
[pagina 134]
| |
wurde moat mei ‘moaijens’, lyk as alle soarten fan moderne dichters en proazaskriuwers, dy't it foar 't sizzen hawwe, my wiismeitsje wolle. As skientme ‘moaijens’ is, d.w.s. luxe, is 't foar mij sa likernôch it selde as Lucky Strike en Jamaicarhum. Ik nim dy dingen yn, haw myn geniet der oan, mar praet der net to folle oer. En der in essay oer skriuwe liket my alhielendal kolder. As ik dus oer skientme skriuw, haw ik dêr nèt ‘moaijens’ mei op 't each. Of it moast al wêze, ik fornim ynienen dat in skriuwer dy moaijens nedich hat as syn brea, dat hij der net sûnder kin, omt syn hachje der bij op it spul stiet. Sjoch ‘Bid voor Camille Willocq’ fan Cola Debrot. Dan hat ‘moaijens’ ynienen in funksje krigen, is ta.... skientme wurden. Hwat skientme is, wit ik net, mar ik wit wol, dat skientme foar mij in funksje ha moat. Ik moat sjen hoe 't in mins fan myn slach har brûkt. Dus is skientme minsklik, foar mij. Filosofen en sa hawwe de lêste tiid ornearre, dat in kunstner de minsklike problematyk pynlik stelt, mar har yn skientme stabilisearret en pynleas makket. Troch de skientme akseptearret men de pine en formoedsoenet jin der mei. Dan is Koestler sinen gjin skientme, hwant hij hat bij mij op in âlde woune moai ûnmeilydsum sâlt wetter getten - it docht fordealde sear. Dochs fortsjintwurdiget syn wurk foar mij skientme. De komposysje fan syn boeken docht mij tinken oan forienfâldige stielkonstruksjes. Ien noch oar bringt as sadanich skientme towei. Hij stelt mei help fan dizze styl en dizze komposysje problemen, dy't mij narje, omt ik se net oplosse kin, sa bijgelyks yn ‘Darkness at noon’ de frage: moat it hert de harsens of moatte de harsens it hert diktearje. Mar dit hie hij ek yn in essay dwaen kind en dan soe ik dochs net fan skientme sprekke wolle. Yn it tredde plak lykwols konkretisearret hij dizze problematyk yn minsken dêr't ik, as ik dat winske, mei oan 't miel sitte koe. Hjir giet de saeklike ‘moaijens’ oer yn skientme. Omt ik hjir, yn dit of yn dat boek, minsken moetsje, dy't mij hwat to sizzen hawwe en dy't foar mij hwat bitsjutte - lykas ik dy soms op 'e strjitte of yn in kroech tafallich moetsje. Falt der oer dizze dingen eins noch wol mear to sizzen? Minsken, dy't elkoar moetsje, sizze elkoar eat of neat; dêroan foroarje kilo's papier gjin hândruk en gjin eachopslach. | |
[pagina 135]
| |
Skientme bidwelmet faek. Romantyk bidwelmet allyksa. In ofsier fan de Sicherheitsdienst waerd neist in jier of hwat bijgelyks bidwelme fan in Krystfeest mei syn kameraten, diese herrliche Kerle, mei kwinende kearsen en wiete eagen en hij foun dêr in oanlieding yn om yn lotsforbounens dizze romantyk om to setten yn massa-moart. Dizze skientme fan de romantyk is bij Koestler net troef; hja is bij him oanwêzich as in limyt. Nêst him is Malraux Hochromantik. Hwat der bij Koestler àl is: it propere balancement fan yntelliginsje en sentimint. En it fascinearjende is, dat hij algedurigen fjochtet om dit balancement. Peter yn ‘Arrival and departure’ lit him fan it duo Freud-Sonia alle sentimint ûntfytmanje, mar set troch om in lykwicht werom to winnen, dat him it libjen mûglik makket. Joseph docht yn ‘Thieves in the night’ neat oars as balansearje. En Roebasjow yn ‘Darkness at noon’ lûkt de iisderen konsekwinsjes fan syn yntellekt om to bilânjen bij.... it sentimint. Ik hâld fan dit balancement, omt it forabsolutearjen fan de twa poalen apart fan de wrâld in gekkehûs meitsje soe, of om biskieden to bliuwen: fan mij alteast in gek. Libje de skientme fan de forhâlding fan klear sentimint mei helder yntellekt! Libje de skientme as minsklike funksje! Koestler seit it sa: Oil your gun but keep your mirror clean.
Bijhwannear't ik immen moetsje dêr't ik kontakt mei haw, kin ik op 'en heechsten de faktoren analysearje, dy't it kontakt leinen. In boek dat foar mij skientme bitsjut, d.w.s. in boek dêr't ik kontakt mei haw sádanich dat it mij net wer forjit, kin ik ek analysearje. Dit is de útliz fan de skientme, nèt de forklearring derfan. Dêr is alderearst ‘Arrival and departure’, in roman dy't bisiket ôf to rekkenjen mei de psycho-analyse, spesiael mei Freud. In ex-kommunist, fan de Dútskers martele, sjocht kâns út to piken nei in neutrael lân. Hij moetet dêr in frou, wurdt foreale op har en kriget, as hja ôfreizget nei Amerika, in senuwkrisis. In froulike psychiater helpt him troch dizze krisis en tagelyk troch syn idealen hinne, dêr't er foar striden en lit hie. Meidat Peter lykwols net in planteftich minske is, forspilet er mei it ideael ek de motor fan syn libben. It falt him dan net swier mear om yn | |
[pagina 136]
| |
to sjen, dat de psycho-analytyske reduksje gjin rekken hâldt mei de mûglikheit, dat it hegere as produkt fan it legere in eigen struktuer en dus in eigen wearde ha kin dy't net fan dat legere ôfhinklik is. Mar hoe in nij ideael to finen? Hij jowt de feiten fan de psycho-analyse ta, mar mist der de mûglikheit yn op in nije libbensynstelling. Hij hat it der sahwat foar dat dizze nije ynstelling mûglik wêze sil troch in kombinaesje fan psychology en morael, mar hij wit de methoade net. Hij nimt de iennichste oplossing: hij siket de nije ynstelling net yn de theory, mar mei de die. Hij jowt him bij de alliearden oan en wurdt oan de ein fan it boek as parachutist mei in spesiale opdracht útsmiten, earne boppe Europa: a crusader in search of a cross. De psychology, dy't it der op oanlei dat alles, alles ‘sich wenden’ soe, bisiket hieltyd wer om de minske op himsels to basearjen. Jinsels mei jinsels forklearje bitsjut foar de praktyk - en sûnder dy praktyk is in minske in abstraksje - jinsels op jinsels fundearje. It is in twivelich hantwurk. Myn libben is objekt fan de psychology. Ik kin allinnich de psychology foroarje troch myn libben to foroarjen, mei myn libben troch dy psychologie hinne to brekken. De sprong yn 'e djipte - dy't Peter net allinnich metaphorysk docht - kin allinne fan dy twivel forlosse, omt it sentimint net sûnder in bistimming libje kin. Sûnder mear soe dizze sprong in stommiteit of in wanhoopsdie wêze. Mar Peter Slavek wit hwerom't er springt, dat is syn en Koestler syn yntelliginsje. En hij wit yn hokker rjochting as er springt. Dêr leit it flymskerp forskeel tusken nihilisme en ienfâldige minsklikheit. Nihilisme is eangstme dy't himsels formannichfâldet, wanhoop dy't bij it ravyn lâns hinne en wer sjit om it ravyn net to sjen. Dizze minsklikheit komt oan 'e rânne en siket it bêste plak út om to springen. Hja wurdt biskaet troch in moed dy't leaver springt as weromgiet of stilstiet. It libben as in birekkene sprong yn 'e djipte - dat is yn earste ynstânsje ‘Arrival and departure’.
Hwat is neffens Koestler it bêste plak dêr't Peter yn it tsjuster springe kin? De religy. In amerij of hwat ear't de masine fan 'e groun giet, dy't him útsmite sil, skriuwt hij de | |
[pagina 137]
| |
frou fan syn libben: ‘Since the Renaissance... our scientific reasoning has obtained greater perfection than... our intuition and ethical beliefs..... The age of quantitative measurements is drawing to its close. I'll tell you my belief, Odette. I think a new god is about to be born. That is the kind of thing one is only allowed to say at certain moments; but this is the moment, because in a few moments I shall depart. Praise to the unborn god, Odette. Don 't try to divine his message or the deform of his cult - this will be after our time. The mystics of to-day are as trite as the political reformers. For we are the last descendants of Renaissance-man, the end and not the beginning...’Ga naar voetnoot1). De parallel mei Debrot, dy't ek in nije god postulearret, is yn 't each fallend. Hat dizze nije god eins in heap om 'e hakken? Ja en né. Koestler wit sa goed as neat fan him ôf. Einliken aksintuearret dizze god allinnich mar it tsjuster fan de sprong. Mar dêr stiet foaroer, dat it de konsekwinsje is fan in glêsheldere redenaesje. Yn de psychology draeit de mins om syn eigen as, lûkt er him oan syn eigen hier omheech. Der moat in fêst punt wêze en dat hat alle ieuwen troch in god west. Mei syn new god brekt Peter troch de psychology fan syn tiid hinne. Lit him bitsjen. Hij doar mear oan as de psychologen. It is de fraech, oft ik ea in god dy't berne wurdt akseptearje sil. Koestler lit him dan ek mar foar rekken fan in fiere neiteam. Ynsafier is dit it omsilen fan in swierrichheit. Mar tagelyk is it de stienhurde erkenning fan de ympasse dêr't wij (bij religieuze saken hat men gjin argewaesje fan de wij-styl fan de domeny's) yn forkeare. En dy erkenning komt nei de analyse fan de ympasse. Peter springt en hij springt yn de earms fan in jit net berne god. Foar mij is dizze god | |
[pagina 138]
| |
ryklik dubieus, omt er hwat tofolle hat fan de minske. In nije minske hie mij leaver west, bijhwannear't der dan perfoarst hwat nijs komme moat. En dat dy needsaek der is, soe ik net fuortdaliks leagenje wolle. Dochs, al hoe'n dizenige takomstforwachting ek, dizze nije god is stienhurd. Omt Koestler stienhurd is. ‘Darkness at noon’ is yn dit opsicht parallel oan ‘Arrival and departure’. Roebasjow bilânnet yn 'e ein, as hij in libben lang de koele logika fan de Russyske revolúsje trochtocht hat, bij de takomstforwachting fan in steat dêr't de partijleden mûntseklaed yn drage. Sels fynt er in lette rêst yn in mystike sensaesje, dy't er allinnich mei it bigryp ivichheit forbine kin. As hij stjert, hat ek hij de oplossing net foun. Syn dea is in sprong, dy't tragysker is as de dûk mei de parachute fan Peter. Mar beide springe hja en hwat harren - dus hwat harren skepper - karakterisearret is, dat hja springe mei de eagen iepen. Koestler forwurket it moderne wrâldbyld sa folslein mûglik. Astronomy, sosiology, psychology en alles hwat mear of minder popularisearre dit wrâldbyld biskiedt, hat hij mei in bûtenwenstige yntelliginsje yn him opnomd. Hij docht dit sûnder de ‘display of erudition’, dêr't men jin somstiden bij Huxley sa oan ergerje kin. Syn mistike oanstriden misse bûtendat it healsêfte fan de man dy't it foun hat en de saek wol foar elkoar bokse sil, as alle minsken mar efkes braef stil binne en nei him harkje wolle. Koestler brûkt syn yntellekt en syn sentimint sa lang as er kin, springt yn 'e ein fan it punt ‘religy’ út, mar springt mei de eagen wiid iepen. Huxley docht syn eagen ta en lit himsels gliere op 'e rutschbaen fan in basis-leaze mystyk.
Koestler jowt gjin oplossing. Hij set allinnich de konsekwinsjes fan it moderne tinken út. Hwat bij him oplossingen lykje, binne op syn heechsten forlangens, mar forlangens mei rjocht en reden. Sadwaende is de skientme fan syn wurk net in foar alle ivichheit fêstlein geniet, mar in pynlike prikel. Hwêr prikelt hja ta, hwêr prikelet hja mij ta? Om de pine to bihâlden, om dizze problemen - d.w.s. konflikten - út to fjochtsjen. Koestler sitearret yn ‘Arrival and departure’ in pear rigels fan Donne, dy't mij de gearfetting lykje: | |
[pagina 139]
| |
There is no health; Physitians say that wee,
At best, enjoy but a neutralitie.
And can there bee worse sickness, than to know.
That we are never well, nor can be so?
De pine heart bij it libben. Hwant sadré 't men bisiket dy to fordôvjen, fornimt men dat men net mear libbet. De pine hjit problematyk. Koestler aktivearret mij om dy problematyk út to fjochtsjen. Troch to skriuwen? Né, troch to libjen. Men kin der al slim mar in ein oan meitsje. Komselden haw ik literatuer lêzen, dy't sa roerdend ticht bij it libben lâns giet. Dizze skriuwer tartet ta libjen net allinnich, mar ta forantwurde libjen. De rest is foar rekken fan de unborn god. |
|