De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 129] [p. 129] [Nummer 5] Anna Gerritsma: Keamer Lang foar dat ik hjir kaem gyng God hjir yn. Syn mylde sinneskyn weefde Er mei yn it raem fan bûnte kladen waerme gloed' fan parlemoer en sulverguod de swiere sêftbiklaeide stuollebank, de greate steande skimerlamp' ien waerme kleureskittering ta in harmonysk mozayk forweve. Stil bin ik fan forwûndering foar de Forheev'ne. Allinne thus Allinne thús dikerklús; hwa sjoch ik nei? troch de ruten fier om utens wurd ik wei. Twivel? Binne wij fan 'e twivel slein? Hat skiere ûnrêst ús oertein? O God, bikear ús twiiv'ljend hert. Hwant dy't Jo haetsje twiiv'lje net. [pagina 130] [p. 130] Oktober De blommen forkomme - de simmer wurdt wei - syn kleuren dy nimt wer de ierde him nei, hja sinke omlegen; nou stiet der - forstoarn is har pronk - omhegen in rotsjende stronk. Vorige Volgende