De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[binnenkant achterplat]
| |
Opheldering.
De foarsitter fan de Fryske Bibletheek docht ús to witten dat it hânskrift fan de Fryske ‘Simson’, nei't it yn 'e bisettingstiid troch it bikende Departemint yn Den Haech wegere wie, troch de skriuwer weromlutsen is, om it selsstannich út to jaen. De Fryske Bibletheek giet dus yn dit stik fan saken frij út. Efterôf die men ús to witten, dat Bigot en van Rossum it nou útjaen sille.
| |
Spul om de koaibosk.
It bistjûr fan ‘Us Frysk Berneboek’ stjûrt in réaksje op ús stikje oer Burgy yn it Jannewarisnûmer, dêr't boppe stie: ‘Posthume Hulde?’ Omt it ús bliken dien hat dat in great part fan de Tsjernelêzers mei ús fan miening forskilt oangeande de wurdearring fan nat. soac. skriuwers, sille tonei yn dizze rubryk lyksoartige stikjes mijd wurde. Wij dogge it bistjûr fan U.F.B. to witten, dat it net ús opset wie, harren leech to lizzen of to misledigjen. Yndied wie it opskrift min of mear forrifeljend. Mocht it bistjûr him wól misledige fiele, dan biede wij ús forûntskuldiging oan.
| |
De Reiddomp foar de T.O.N.
Drs. Fokke Sierksma, de literaire meiwurker oan de noardlike omrop, dy't ek gauris yn syn radiopraetsjes it omtinken freget foar Frysk wurk, sil ynkoarten in bisprek jaen fan de oant nou ta yn de Reiddomprige forskynde fersebundels.
| |
Trije tsjugen?
Yn New York is in oersetting forskynd fan ‘Drie Getuigen’, it bikende boek fan de skriuwer Sjoerd Leiker, Drachtster fan komôf. De Ingelske titel is: Three Witnesses. Leiker, dy't om 1940 hinne ek fersen en sketsen skreau foar ‘It Heitelân’ en ‘Yn ús eigen Tael’, hat sûnt net wer yn syn memmetael publisearre. Soe it foar ien fan ús útjowers greate biswieren opleverje om mei in Fryske oersetting fan dit yn wêzen sa Fryske boek to kommen? Wij kinne fansels net oer de saeklike kant oardielje, mar it fielt ús oan dat in Fryske útjefte grif syn wei nei it Frysklêzende diel fan ús folk (en dat is nochal great) fine soe.
| |
In nuver spul.
De bikende skriuwster, Beb Vuyck waerd yn 1941 de C.W.v.d. Hoogt-priis fan de Maatschappij der Nederlandsche Letterkunde oan takend foar har roman ‘Het laatste huis van de wereld’. Hja wie doe yn Indonesië en koe de priis net yn ûntfangst nimme. Yn 1946 weromkommen, krige hja to hearren dat de priis tonearsten ynhâlden waerd omt hja biskuldige waerd fan in anti-Nederlânske hâlding. It mei bikend achte wurde dat Beb Vuyck, sels Indo, har útsprutsen hat foar Linggadjati en bifreone is mei foaroansteande Indonesyske intellektuëlen. Guon leden fan de Maatschappij koene dat min forneare en tsjinnen in biskuldiging yn, dy't efterôf bliken dien hat sûnder groun to wêzen. Beb Vuyck is rehabilitearre en dus sil aenst, nei seis jier sahwat, de priis har officiëel útrikt wurde. Dat de skriuwster ûnderwilens net stilsitten hat, docht wol bliken: fan't hjerst komt bij De Haan yn Utert in nije roman fan har út: ‘Het hout van Bara’, en Vrij Nederland komt fan 't maityd jitte mei in bundel novellen: ‘De wilde groene geur’. F.D. |
|