ek eigen skuld, bigreatlik. It fielen fan oerstallichheit is nea in animator ta greate dingen. Mar sa lang't de ôfdiene greatheit him kûshâldt, binne wy yn steat om him to bikleijen en oprjocht meilijen to hawwen. Sa lang't de skimen har mûlen ticht hâlde hawwe wy noch de yllúzje dat hja minsken binne en dat wij harren neffens minsklike noarmen to bioardieljen hawwe. Mar as it krimmenearjen bigjint raent de yllúzje wei en sjogge en rûke wij de skimmel, it kliemske fochte, it túch en de dompige geuren dy't opstige. Foar geastlike kliensearigens hawwe wij nea net folle earbied.
En mei dit foar eagen is de fraech hiel gewoan: Binne dizze lju de muoitepine fan it oanhearren wurdich? It andert is net slim to jaen. En dochs moat men soms sels tsjin waeksen bylden in barrikade oprjochtsje. Der binne noch altyd naïve sielen, dy't har oan 'e romantyk fan it Panopticum bidrinke en de rankune tsjin it libben fan it waeksen byld nedich hawwe om harren eigen rankune in rêchbonke to jaen, al is't dan ien fan elastyk.
It giet dus yn wêzen om de forantwurding fan de rankune. Ek wol in bytsje om it talint fan rankunearjen, mar oer aesthetyske problemen wolle wij it hjir net ha, al kin it wol efkes sein wurde, dat it ‘talint hwêrmei’ faek hiel hwat sizze kin oer de wearde en de hâldberens fan it ‘hwat’.
En as dan in Skym yn it Mienskipsfodtsje fan Maert 1947 syn rankune loslit op in rankuneuze utering fan de hear F.D. (yn De Tsjerne, fan Febr. '47, efterblêd) oer it forskinen fan in berneboek fan de heer Burgy, dan giet it, mei de erkenning fan de rankune oan beide kanten, om de frage, hwa't it measte rjocht op syn rankune hat, de skym yn syn tryste neidagen mei de forlerne greatheit foar eagen, of de hear F.D., dy't syn temperamint de gunst jown hat boppe syn rationeel ynsjoch, en dy't dêrbij der útflapt hwat oaren, dy't lyk as hij it slachtoffer wurden binne fan de ideology dêr't de hearen Burgy en de skimen út it Mienskipspanopticum har ienris sa noflik bij fielden, wol tinke, mar automatysk mei rationele motiven op harren tonge bismoare, omt der nou ienris in tiid komt dat men âlde skelen oersljochtsje moat. F.D., achte hearen Skimen, is troch de Grienen oer de grins brocht, fan it iene Lager nei it oare sleept en hat syn sounens der bij forspile. Dat wie yn 'e