hjit, wylst De Ljurk in krusing liket fan deselde fûgel út it bikende fers Ierdeljocht en de klyster út Hope.
Dizze hwat al to maklike neifolging wurdt hjir net signalearre, om oan to jaen dat Deelstra alle oarspronklikheit mist. Sonnetten lyk as Samoa Eilân, dat foaral yn syn kwatrinen de exotyske sfear moai suver en suggestyf opropt, en Oerderdún, dat ‘klankboerd fan der séën sang’, biwize it tsjindiel al. Ek Snitser Mar mei de expressive rigels:
De spinnen spanne 't fynste sulvertried;
In earste teapert kreaket yn 'e nacht.
hat gâns eigens, al steurt it kreupelrym yn 'e lêste strofe. Minder oertsjûgjend is de Ballade fan in Skyldwacht en de trije sonnetyske fariaesjes op it thema Maeije. Fan de twa frije fersen, dy't yn 'e bondel foarkomme. It Utein fan in Dôberfisker en Bloed Eker is it lêste fierwei swakst. It gedicht In Hoantserid, dat oars sa libben en boartlik ynset, lit nei syn trêdde strofe sjen, dat yn moderne poëzij it oerstappen midden yn in fers op in oar metrum in technyske flater is, dy't wiist op dichterlike koartsluting.
Ien gefaer, dat Aldert Deelstra yn 'e takomst hat to oerwinnen, wol ik hjir noch op wize. It is ien, dêr't mear jonge dichters foar bleat lizze: dat fan 'e oerlading. In klear foarbyld dêrfan jowt it slútfers Hiroshima. De twade en lêste strofe is:
Hwant ús, dy't sa yn 't Kainskwea bihurden,
Seit Hiroshima mear as Bethlehim!
En d' ierde - jamk ta Akeldama wurden -
Klampt har oan Mars - en nimmen fynt it slim.
Sa'n fers birêst op in rige trefwurden. Dy rige is hjir: Kainskwea - Hiroshima - Bethlehim - Akeldama - Mars. It binne de poëtyske ‘blikfangers’, dy't troch associaesje in totaelbyld oproppe moatte. Mar it associatyf formogen fan 'e lêzer/harker hat syn grinzen. Giet men, lyk as hjir, oer dy grinzen hinne, dan kriget it fers eat opsetliks, dat it gâns forswakket.
Kees Jongsma is foarst boer en dan pas dichter. Hy seit dat