| |
| |
| |
Sj. v.d. Schaaf:
Nachtlik aventur
Wy hiene kemeedzjespile mei it selskip ‘Waling Dykstra’, earne bûtenút; nou wie it oan it dounsjen ta, en ik hie myn moed net. It stik bitsjutte net folle; Steffen hie it útsocht en it nommen nei alle gedachten, om 't er sin hie oan in healwize fjildwachtersrol. Nou is Steffen ek op syn bêst yn healwize rollen; frjemd foar immen, dy 't oars mear stiif is as kemyk. It wie let wurden; twaris toanielforoarje kin hast net, as men om utens spilet en gjin goede help hat. De kastlein hie twa kneukelhouwers fan timmerfeinten op ús loslitten en sa moasten wy yn de skoften it measte sels dwaen.
Né, ik hie myn moed net. Ik hie forkearing sûnt in wykmannich; mar de faem wie net mei: gryppich. Nou fielde ik my hwat iensum; fansels, de froulju hjirre koene lang net tsjin har út en it dounsjen koe om my wol oergean. As myn sin barde stapten wy daelks meimenkoarren yn it autobuske en rieden werom. Mar dêr woene de oaren neat fan witte; ‘ien ûre’ sei Steffen tsjin Jabik, de chauffeur, ‘rekkenje dêr mar op.’ En dat wie somliken noch gau genôch.
Och, it wie it him net allinne, dat Jouk der net by wie. It spyljen hie my ek min foldien. Ik hie de rol spile fan in man, dy't troch alderhanne tafallen, lyk as in toanielskriuwer dy allinne mar optinke kin, biskuldige waerd fan it skaken fan in frommis. Binammen yn it twadde bidriuw gyng it der nuver om en ta; de skyn wie tsjin my en hwat ik fan de healwize pelysjeman to hearren krige, stiek net sa nau. Nou wie dat allegearre goed en wol; it wie toaniel en dus mar sabeare; lykwols, der siet in fint foaroan yn 'e seal, dûnkereagich, mei in útstrutsen troanje en it hier efteroer kjimd, dêr forbylde ik my fan, dat er my iderkear hwat spytgnyskjend oanseach. En ienkear, dêr doar ik in ied op to swarren, skodholle er, it ûngelok. Sjoch, sokke dingen, dêr mei'k net oer; en se jowe, tinkt my, ek gjin pas. Ik wit wol, dat Steffen better spilet as ik; lykwols, de minste bin ik dochs ek lang net. Afijn, yn it lêste bidriuw, doe't de healwize fjildwachter lang om let dochs
| |
| |
tajaen moast, dat er mis wie en it my hast kwea-ôf naem, dat hy him forsind hie, doe moast ik lulk sizze: ‘Fjildwachter Stapelsma, dit giet to fier; pas op of ik hâld de hannen net thús’, en by de lêste wurden hie ik dy forfelende keardel foaroan oansjoen. Mar hy hie him neat foroare, net in sprút. Wol hie ik sjoen, dat er daelks nei ôfrin fuortgien wie. It gefal siet my mear dwers as ik tajaen woe.
Doe't de dounsmusyk bigoun to spyljen, tocht ik der oan, dat it moai waer wie doe't wy kamen: stjerhelder en net kâld. Hwêrom soe ik hjir einliken bliuwe yn dizze neare seal? Ik wachte, dat de polonaise ôfroun wie en sei doe tsjin Steffen: ‘Ik stap mar op, hear; jimme helje my ûnderweis dan wol mei de autobus yn.’ Steffen loek oan 'e skouders. ‘Sels witte. Faeks bist wol foar de autobus thús.’
Dat wie sa'n echt flau-aerdich Steffen-grapke; it wie mear as trije ûren rinnen en op dat stuit sloech de klok krekt toalve ûre. Ik sei dêrom mar neat, helle myn jas efter it toaniel wei en in pear menuten letter stie ik bûten.
De moanne dreau nou heech boppe de hûzen. Fris wie it wol, mar it frear net, alhoewol it Jannewaris wie. It wie mar in lytse buorren mei yn 'e midden en op 'e beide einen in lantearne. Ik wie der samar út en pesjantele doe lykme allinne op 'e wei, dy't stadichoan iensumer waerd. Yn de buorren wie hjir en dêr noch wol in ljochtsje op, mar dêrbûten wie it oeral tsjuster; allinne de moanne stie glorieus oan 'e himel en ik koe fier foarút sjen op 'e stille dyk. Noch net sa lang lyn, doe wie it hjirre allegearre heide; mar der is sûnt in protte groun oanmakke en nou seach men hjir en dêr it silhouet fan in nij pleatske. Dochs kaem de heide op inkelde plakken noch wol oan 'e dyk ta.
It wie wol in aerdige kuijer. Ut en troch stou in knyn foar my oer de dyk en ik hearde yn 'e fierte ek wolris in houn byljen, mar dat wie alle libben dat men fornaem om dizze tiid. Minsken seach ik gjin ien.
En sa, stevich opstappend, fordwoun myn argewaesje linkendewei in bytsje. Hwerom soe ik my sa tiergje om dy smeulsk laitsjende fint? En ik tocht oan Jouk, dy faem út tûzenen; moarn soe ik gauris wer by har sjen. Hwa wit wie hja Snein wer better.
| |
| |
Ik moast tajaen, dat de minsken fakentiden har sin bidjerre om dingen fan neat. Moai waer, in bêste, droege, dyk, en moarn efkes nei Jouk ta, it like dochs allegearre goed. Né argewaesje fielde ik net mear; en dochs wie ik net alhielendal yn myn wêzen.
Trije kertier likernôch hie ik roun, doe kaem ik oer in brechje. Der stie in hûs nêst; en dat wie to'n earsten it lêste, dat ik foarby kaem. Ik wist, it soe in heal ûre duorje, ear't ik wer yn in biwenne oarde kaem, en ik hope dat it autobuske der dan ek wie.
De dyk roun stadich hwat op; net folle en rinnendewei wie it amper to fornimmen. Mar nêst it heechste punt wie in heidekop, dêrwei koe men moai fier sjen, dat wist ik. En doe't ik dêr oan ta wie, krige ik der ynienen aerdichheit oan en sjoch, hoe't it by nacht en moanneskynwaer like.
Ik klattere by in sânpaedtsje op en seach de kant fan de Sweagen út, dêr't gjin bosk is; mar 't foel ôf. It wie hwat dizenich en fiersicht hie men dêrtroch net. Hast soe ik al wer nei ûnderen ta; lykwols, ik liet myn eagen noch efkes fansiden gean en dêr, ynienen, seach ik in ljochtsje. It wie net iens fier ôf en it moast fan in hûs wêze oan 'e reed dy't, nei't ik wol wist, ûnder by de hichte lâns de wyldernis yngyng. It die my wol in bytsje nij, in ljochtsje hjirsa, om dizze tiid; mar dochs hie ik gjin reden om to tinken, dat der hwat ûngewoans wie. Der wie faeks in sike of in bern, dat holpen waerd.
By it paedtsje del rekke ik wer op 'e dyk en in lyts eintsje fierder wie ik al by de reed. Heech struwel stie by de yngong en dêr tuskenyn glânzge hwat yn it moanneljocht. It tocht earst, dat it wetter wie, mar doe tocht ik der oan, dat dêrsa amper sleatten binne. Ik die de tûken hwat oan 'e kant en jongeja, doe seach ik it; it wie in motorfyts, in swierenien.
Nou waerd ik dochs in bytsje nijsgjirrich. It laei my sa by, dat dizze motorfyts en dat ljochtsje, in eintsje de reed del, op de iene of oare manear hwat mei mankoarren to meitsjen hiene. Efkes sjen! Fansels, de bus moast my net ûntkomme; mar it wie noch foar ienen en yn fjilden noch wegen wie eat to sjen, dat op in auto like.
Strune moat ik neat fan ha. Ik achtsje it minderwurdich dwaen. Mar it wie gjin Sneintojoun en boppedat, as de man
| |
| |
fan dizze motorfyts to frijen wie, dan hied er it ding wol mei de reed útnimme kind. Né, hjir wie hwat oars oan 'e hân, dat koe net misse.
Ik hie noch mar in pear stappen de reed op dien, doe hearde ik ek hwat. Kjel bleau ik stean. Mar it kaem net fan deun by; it kaem fan it hûs, moast ik wol bigripe. Stil as in mûske gyng ik wer fierder.
En ja man, hoe tichter ik by it hûs kaem, hoe dûdliker ik de stimmen hearde. Né, dat wie bileaven gjin frijen, dat wie rûzje. In frommis rôp: ‘Dû bist in ûngelok en in dogeneat, dû hearst yn Ljouwert op it Blokhúsplein thús’, en doe wie der in rou manljuslûd, dat dêr tsjin yn gyng. In pear flokwurden hearde ik ek.
Efkes stie ik yn bistân. Soe 't mar net better wêze, nei de dyk werom to gean en gewoan troch to rinnen? Hwerom soe ik my yn in noedlik aventûr bijaen? Lykwols, der wie hwat yn my, dat trune my oan om to sjen, hwat der oan 'e hân wie.
It hûs wie in arbeidersklinte mei in skuorke der efter, dêr't nei alle gedachten in kou yn stie. Der hong net folle gerdyn foar de ruten dat ik koe der samar ynsjen. By de tafel seach ik in âldeftige frou stean, yn 't nachtjak en mei de hierren los. Dan wie der in fint, dy't mei de rêch nei it rút stie en mei de hannen op 'e tafel. Hwa 't it wie, seach ik net, mar it like my dochs ta, dat ik dat postuer wol earder sjoen hie. ‘Ik siz dy, dû krigest har net mei,’ rôp de frou yn it nachtjak; hja hie in skelle stimme, dy't my bang makke. Mar de man wie net bang. Hy helle in mes út 'e bûse en stiek dat yn 'e tafel. It wie in great knyft en it trille efkes, ear't it rjochtop stean bleau. It hert kloppe my yn 'e kiel. Hwat moast ik dwaen? Dêr sei dy keardel wer in swiere flok en de grize gyng my oer de grouwe, doe't ik syn drigeminten hearde. As hja lestich wie, hwat lette him om har kâld to meitsjen en stek de hiele hutte yn 'e brân der by! Dat sei er.
Doe, foar it earst, hearde ik in oare stimme, dy sei: ‘Ik moat wol mei, mem; oars barre der ûngelokken.’
De frou by de tafel gûlde; ik seach, dat hja gûlde en ik hearde it ek.
‘Hwat kinne wy dwaen?’ sei dy oare stimme wer. ‘Der is hjir gjin manskeardel, dy't ús helpe kin.’
| |
| |
‘Meitsje dy ré,’ sei de fint, en hy loek it mes út 'e tafel. ‘Pak yn hwatste nedich haste. Mei tsien menuten sette wy ôf op 'e motorfyts. Oars falle der deaden. Dit is myn lêste wurd.’
Hwêr hie ik dy fint dochs earder sjoen? Hy fortroude him hjir blykber wol aerdich goed; mar ja, dit wie ek it iennichste hûske oan de hiele reed en minsken kamen dêr by nacht fansels nea foarby.
Ik seach de dochter nou ek. Hja riisde langsum oerein út in stoel; har eagen stiene wiid iepen yn in wite troanje en op har wangen seach ik triennen blinken.
Doe joech de mem in needgjalp. ‘Dû giest net mei, dû giest net mei. Hy makket dy dea. Wy sjogge dy nea werom.’
Hja kaem op 'e fint ta. Dy die it mes yn 'e hichte. ‘Noch ien stap tichterby en dû giest der oan.’
It swit briek my út, alhoewol it winter wie en alhielendal net waerm. Soe ik in drama sjen? Sjoch, dêr kaem de dochter op 'e mem ta, om har tsjin te hâlden. Hwatte, soe't âld minske dochs de fint to liif?
Ik kloppe op 't rút; forheftich. Ik leau, it wie krekt op tiid. Ik moat my al raer forsinne, as de keardel net yn dyselde sekonde taslaen woe mei syn great knyft. Hy die it nou net. Linich as in kat draeide er him om en doe seach ik, hwa't it wie: dy dûnkereagige fint, mei de útstrutsen troanje en it efteroerkjimde hier, dêr't ik by it spyljen safolle argewaesje fan hawn hie. En doe wist ik ek, dat, hwat hy fan doel wie, him net slagje soe. Dit wie it amerij fan de wraek, en it waerd in edele wraek.
Fan de keamer út koed er my net sjen en hy fleach daelks op 'e doar ta. Ik loek my in stapmannich yn it tsjuster werom.
Ut de ljochte keamer kommend, seach er daelks grif net safolle bûten. ‘Hwa is dêr, fordomme? Hwat wolstû? Kom op!’
Hy bloes út in heech gat, mar ik hearde, dat er nou dochs bang wie. Ik krige der nocht oan. Ik stie in meter of fyftjin fan him ôf en fielde my wol feilich. Ik bin ien fan de hurdste rinners fan ús athletykklub. En ik sei: ‘Dit giet to fier; pas op, of ik hâld de hannen net thús.’
Hy antwurde daliks net. Hy like forstuivere.
Ik waerd oermoedich. ‘Dat hie ik dy joun oars al earder sein,’ rôp ik der húnjend oerhinne.
| |
| |
‘Soa, bistû it,’ sei de fint. ‘Kom op, as't in keardel biste.’
‘Goed,’ sei ik. ‘Mar earst it mes fuort.’
Hy kaem wer ta syn sûpe en stút.
‘Pak op, siz ik dy. Ik wol myn mes wol fuortsmite, mar dan krigest dû it yn 'e hûd.’
Bang bin ik net; mar hwêrom soe ik fjochtsje? Dêr jinter laei de motor. Sûnder motor koed er neat bigjinne. Gyng hy yn it hûs werom, dan gyng ik nei de motor. Gyng hy nei de motor, dan moast er it fanke litte hwêr't hja wie. Ik hie him folslein yn 'e macht. En sa daliks kaem de autobus.
‘Nou, goeije dan,’ sei ik, en sette de reed út. Hy bleau earst stean. Hoe fierder ik kaem, hoe hurder ik bigoun to rinnen. Doe't ik by it struwel kaem, bisocht ik daliks, de motor op 'e dyk to krijgen. It foel my net iens ta, it wie in swier ding. En dêr hearde ik ynienen ek rêdde fuotstappen de reed delkommen. Us maet hie my yn 'e rekken.
‘Ungelok’, rôp er. ‘Bliuw fan dy motor ôf, of ik doch dy dea.’
Gau biret draeide ik in fentyl los en retirearre. Hy rôp wer:
‘Dû kinst in tientsje krije, ast oppakst. Twa tientsjes.’
‘Ha ha,’ sei ik, ‘foar gjin hûndert goune.’ De man koe syn needlot net mear ûntgaen. Hwant de autobus kaem der oan. Ik hearde him. Ik lake as in houtakster by't maitiid. ‘Foar gjin tûzen goune, dogeneat datst biste.’
Oer it boskeguod hinne seach ik nou de ljochtskyn fan ús bus yn de dizenige loft. Ik hearde, dat de fint bisocht, syn motor oan to slaen. Mar it slagge him earst net. Ik song, ja, ik song. Dû redst it net, heite, tocht ik; dû redst it net. Hy grommele en flokte. Mar krekt, doe't de ljochten fan it buske mei in flap om 'e hoeke kamen, rattele de motor ek. Midden op 'e dyk gyng ik staen, de hannen yn 'e hichte; ik leau, dat ik rôp en dounse. Jabik syn hoarn joech lûd; hja hiene my sjoen. Doe draeide ik my om. Seach ik dêr in read efterljochtsje? Soed er wierliken ride kinne op in lege bân?
Dêr stie de bus. Ik die de doar iepen. ‘Wy ha joun sahwat spile fan in frommis, dat skaekt waerd,’ sei ik. ‘Mar hjirsa soe wrychtich in faem skaekt wurde. Dêr giet de dieder hinne.’ En ik wiisde de dyk út. It efterljochtsje wie fuort.
‘It mealt dy,’ sei Steffen.
| |
| |
‘It mealt my net,’ sei ik. ‘Ryd op, Jabik, syn motor is stikken.’
‘Ik seach in ljochtsje,’ sei Jabik, dy't gong sette.
Wy hoechden net fier to riden. Net folle mear as hûndert meter fierder lei de motor oan 'e dyk en omkoal der by. Jabik en ik stouden der hinne, mar de fint siet allinne noch mar mei ien foet ûnder de motor fêst en ynienen seach ik in mes blinken. ‘In stôk,’ rôp Jabik, ‘Steffen, in stôk.’
Ik wit noch net, hwêr't Steffen sa gau in stok weihelle; yn elts gefal, hy hie ien en hy joech de fint sa'n tik op 'e fingers, dat it mes op 'e groun foel. Hy wie ûndertusken lykwols ek los komd en naeide út, de heide op.
Nou wie ik net bang mear. Hy soe my net ûntkomme. It wie hege heide mei in protte gatten; ik stroffele in pear kear en hy rekke my hwat foar. Mar ik helle him gau wer yn. As in berchgeit sprong ik oer de bulten; en sjoch, dêr foel hy. Yn in sucht wie ik by him en sprong him op 'e nekke.
‘Dêr haw ik dy,’ sei ik. Ik pakte him by de kiel. ‘Ik sei dy al twa kear, dat ik myn hannen net thúshâlde soe. Op 'e seal lakeste my út; dû soest it oars fortoane as ik. Mar it is dy net slagge’. Ik hie in bêst sin. It lêste wolkje wie einlings weidreaun.
Hy jammere en drige. Mar hy koe neat mear dwaen. Dêr wiene Jabik en Steffen ek al en efter harren de oaren; en sels de froulju lieten har dit net ûntgean.
Mei bûsdoeken bounen wy him de hannen op 'e rêch; sa setten wy him yn it buske. In heal ûre letter hiene wy him ôflevere oan 'e pelysje.
De oare deis stie it forhael yn 'e krante. It wie in gefaerlik hear, stie der by; hy kaem wol út dizze omkriten fandinne mar wenne al in moai skoft yn Amsterdam, dêr't de pelysje him ek socht. Nou wied er oerkomd, om de faem, in widdous dochter, to heljen, dy't him foarhinne in kearmannich blau rinne litten hie. It hie raer gean kind; lokkich hie in jongkeardel, dy't dêr tafallich yn 'e buert wie, de man bihindere yn syn plannen en soarge, dat er pakt waerd.
In bin oars biskieden fan aerd, mar de wierheit moat sein wurde: dy jongkeardel, dat wie ik!
|
|