| |
| |
| |
Sjoerd Spanninga:
Casanova
Hja: -
Hy: -
Myn langst sylt as skippen
| |
| |
| |
Winterdream
It sierlik hynder glânzge yn de glierjend jonge dei,
En draefde moai greatboarstich foar de belleslide.
Ticht by my siet in faem, dy't as it needlot swei,
Mar klaeid yn harmeling liet hja har blierkjend glide.
En bylkjend bingele en klingele de skellebeam
Syn rinkeljend getyngel oer de singeljende stream,
As sljuerken hein en fier op redens wûndere meidijen
Troch 't mearkelân fan God's bitsjoenende falleijen.
Oan d'iggen fongen reid en gêrs en tûken heimich fjûr,
As hong der in forhoalen driging en biswarring oer
De wytbikrôke krite, der't ús smelle paed troch gie.
In glisterige baen fan iis mank knisterige snie.
In hart dat dounse rank en derten út 'e boskseam' wei,
En sprong ús as muzyk op spande snaren efternei,
En oer in fjild, sa blau as wie 't sjineesk porslein,
Is lâns de himel ek noch in foarstinne mei ús tein.
In hear fan lange leaven hat foar har as spearen blonken,
En eltse fear dy niigde him en rûzele fan fonken,
En doe't ik stilhold, hat de sinne myn freondinne fuort
Har eigen gloarje as in keninginne op 'e holle set,
En 't hoars, dat foar de slide stie, waerd kostelik en kein
't Gereid mei klearebare goud- en sulverwurk bislein.
Wylst iet it ré hwat út myn hannen wei en haffele dat fyn,
Mar die 't sa skruten, as lei der in barnend herte yn...
| |
| |
| |
War dy!
Hoe komt dy steile tear dochs yn Jou steile holle?
Ha Jo to min tobak, of tinke Jo tofolle?
't Is wier, 't papier bliuwt noch mar tige krap,
Mar men moat ek hwat hâlde foar de poerlegrap.
Der binne krantelju, dy't soargje foar sensaesje,
En fierders jowt de radio in bult fordivedaesje.
Ha Jo forlet fan jild? Kom, weagje ris in gokje!
Dan glydt it bern wol linich yn it lytse rokje.
Wy lêze wer romans, en men skriuwt wer krityk,
En bouwt de ien hwat op, in oar dy brekt it bryk.
De illegalen ha fûleindich foar de frijheit fochten,
Mar de bretale bek dy naem patint fan alle rjochten...
Hwa spilet nou de moaije wize op de noardske balke:
- Foar jimme is de flut, dan krije wy de molke. -?
Durk swart jit by de polityk, en Metren by soldaten,
Ids hâldt fan't ien noch 't oar, mar beide yn 'e gaten,
Sont âlderwenst yn fol ornaet de foechforiene folken
As wylden dounsje op it strie, en slypje harren dolken.
Dêr strûzet wer sa'n wûnderwein, dêr in petroaljestel
De dyk lâns mei in feart, dat men forsideboartsjend kjel
De barm ynstout, hwant ja, wy ha mar ien pear skonken,
En party bikkelje wol graech, mar mei in oar syn bonken.
Inkeld de diplomaten binne in apart soart harsens ryk,
Al ha de measten dy forkoft, heal geheim en heal publyk.
Sa wrot de ien him blau, en brekt omtrint syn lea,
Fortsjinnet mei syn bodzjen in droege koarste brea,
En hat syn neef in boeijer, en rint wylst yn it brat,
Of komt by fette baentsjes trochgeans foarst oan bod.
De wysheit is fansels forspuid, in wurd út it forline,
Wy sille grif ús eigen wei - of grêf - wol fine,
Mar heech de wittenskip en 't minskelik forstân,
Dat helpt ús strakjes wol wer út - of yn - de brân.
En midden troch dit greate, godforgettene hielal,
Sûzet de ierde lâns har baen, dy kalken heinderbal,
En ploft der by gelegenheit soms in atoombom del,
Dan wurde wy aenst meiïnoar kremearre yn de hel.
It wennet op Jan Poeps plak dus net iens sa min,
| |
| |
Men grutet, dat it yn 'e takomst noch wol slimmer kin.
Mar binn' Jo snoader as in okse en slûger as in swyn,
Dan siicht it ek de bêste boeren by de boksen yn.
Der is in skriemend wé oer alle fjilden reind,
De wolven ha yn skieppefluezen it bitrouwen skeind,
Mar trueret jit de wrâld yn 't stikken spegelrút,
De nije dei rydt ta forwar al mei syn hazzewinen út,
En oan it tsjustere lewant fan nacht en iere moarn,
Hinget de kleare moanne weitsjend as in jagershoarn.
| |
Narcissus op sé
It libben is in faeije bark,
En Hein dy hat de munsterrol.
Wy tekenje as op in sark,
De gaezje dy komt letter wol.
Gjin skip is hast bylâns ús fearn,
Of 't hie twa lampen oan it want,
En gauris hat yn syn lantearne
It riedsel fan ús wêzen brând.
Nóch ha wy reven yn de waen,
Dy't nei de lêste wierheit jage,
Al binn' ús spoaren op de oséaen
Forwiske en ta rêst forfage.
De nacht driuwt ús de himel yn,
Mar deis dan keart de hel werom.
Op dizze breedten rûst gjin wyn,
Wol rôllet hjir de wanhoop om.
De stjûne stekt syn fûgelsnebbe
Aloan mar toarstich nei it wiet;
It seil wurdt fynder as in webbe,
It touwurk tin as sulvertried.
Bûch dy mar oer de boardrânn' hinne,
En sjoch dan yn it spegelglês,
Dat heint dyn oantlit yn de sinne,
As yn in klear en suver fers.
| |
| |
De wangen mei har taende kleur
Fan skoenjers út foarbye tiden;
Twa kaperbrieven mei de geur
Fan sâlte weagen op 'e siden. -
It keine klúfhout fan de noas, -
De beide bôgen fan de brauwen -
Oer harren klûsgat hingjend as
De ankers fan it selsbitrouwen -
't Is mar in flechtige forskining,
Dan skronfelje de foarmen wei,
En yn de djipten fan de dining
Fordwynt it skoander skilderij... -
Dyn namme kinst yn rinnend sân
En op it floeijend wetter skriuwe,
Mar fierders sil der oan it strân
Noch op de sé in oantins bliuwe...
Al hwat in minske docht oan goeds,
Dat krast men maklik op in neil,
Hwant trochstrings farre wy in koerts,
Dy't blyn is foar it eigen heil.
|
|