De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 97]
| |
[Nummer 4]1647 P.C. HOOFT † 1947 | |
Dr. C. Kramer:
| |
[pagina 98]
| |
op lizze - ien fan de tuskenskeakels west dy't de sjonger fan de Friesche Rymlerye forbounen mei Petrarca en de Itaeljaenske en Frânske dichters út dy syn skoalle. De ynfloed fan dy Petrarquisten lit him by Gysbert jilde oant yn syn bêste wurken, fersen dy't ús oandogge as suver Frysk. Nimme wy bygelyks it tredde koeplet fan Wobbelke: O! 't hert ontfljuecht my beid' mijn eagen trog.
Ja 't rint uwt my ijn dy,
It tjocht uwt my ijn dy,
It ljeapt uwt my ijn dy,
Az ik dy sjog.Ga naar voetnoot1)
De dichter boartet hjir mei in byld dat Petrarca en de Petrarquisten húsriem wie. Yn syn tsjok wurk oer Ronsard poète lyrique - in dissertaesje dy't in twadde printinge bilibbe - neamt P. Laumonier it by de bylden, metafers en forlikings dy't de Florentynske dichter jerne brûkt. Neffens de sjonger fan Laura binne de eagen fan de minner de doarren fan syn hert en dy fan de leafste de kaeijen dêrfan; it hert fan de minner tsjocht út syn boarst en forhuzet yn dat fan de faemGa naar voetnoot2). Dit soe tsjinje kinne as in kommentaer op it niisneamde koeplet fan Wobbelke. It sil wol net suver tafal wêze dat yn ien fan syn bêst útfallen leafdefersen - dat wy mei rjocht en reden oanmerke meije as Petrarquistysk - Ontsleyn' hert, Gysbert in motyf bihannele hat dat wy ek by Hooft yn 'e mjitte komme. Dêrfoaroer kinne wy Reontse Ljeafde-gâl oon Frieske Lichtfirdigheyt hwat de ynhâld oanbilanget amper rekkenje ta de fersen dêr't Gysbert Hooft yn neifolge. Periosta is de sang fan in minner, - de dichter sels, - en dus tige subjektyf, wylst Reontse Ljeafde-gâl, needgjalp fan in troud frommis, yn noed oer de man dy't har bidragen hat, de ûnpersoanlikens hat fan in fragmint út in drama. Reontse wanhope wie Gysbert sines net om't er hjir ta boarne hie in Frânske roman dy't him yn- | |
[pagina 99]
| |
direkt yn oanreitsing brocht mei Etienne Jodelle's lyryske trageedzje Didon se sacrifiant. De skriuwer fan dy Frânske roman stie, lyk as Ronsard, syn master en model, tige ûnder Itaeljaenske ynfloed; ek by Petrarca seach er heech op, hwant oars hied er grif dy syn retoaryk net oernomd, dy't wy sels yn Gysberts forfrysking: Paris forlittende Enone merkbite kinne. Us Fryske sjonger hat tocht oan Enone, dy't yn har wanhope rôp: Wol-oon, wol-oon, smerten forgreatje sonder ophâdden. Suchtjen stoytje naet...Ga naar voetnoot1), doe't er Reonts sizze liet: Flueg hinne' oer-drovig suchtjen sonder eyn. Mar hy sil der wol gjin aen fan hawn hawwe dat er skoalle gie by Petrarca, dy't yn syn 117e sonnet syn suchten stjûrt nei Vaucluse, dêr't Laura wennet: ‘Myn suchten soene lâns in gaedliker paed gean kinne, dêr't har hope libbet. Hja geane dêr hinne hielendal forspraet; dochs komme hja elts dêr't ik har stjûr en net ien dy't der mist’.Ga naar voetnoot2) In kenner fan de Itaeljaenske skriftekennisse, Henri Hauvette, is fan bitinken dat op nimmen sa as op Petrarca fan tapassing is de útspraek fan Amiel, dat in lânsdouwe in sielesteat isGa naar voetnoot3). De natûr wie foar de minner fan Laura in dekor foar syn freugden en smerten, de spegel fan syn ynderlik libben. Yn eagenblikken fan drôvens en moedeleazens socht er iensume forlitten oarden op en mij de er de paden dêr't er fuotprinten fan minsken seach. Sà woe ek Enone dat de natûr part hawwe soe oan har rouwe, dat de iensume plakken dy't tsjûgen fan har formeits west hiene, en nou tsjûgen wiene fan har ûngelok, yn in aeklike wyldernis foroarje soene. Dêrom ek sette Gysbert Reonts del op it Fryske strân, lykmeallinne, let yn 'e joun, wylst de moanne weiwaerd efter in wolk en alles, fjild, wetter en loft, oertein wie mei in tsjuster brún. Wy sjogge dus yn Reontse Ljeafde-gâl hoe't Gysbert Japicx | |
[pagina 100]
| |
troch in Frânsk Renaissance-dichter in Petrarquistysk sjonger waerd. | |
II.Gysbert skoarre der tsjin oan, binammen yn syn minnefersen, syn eigen tinzen en fielings iepen en bleat to lizzen. It leafst forskûle er him efter syn persoanen. Dat sil wol mei de reden west hawwe dat er him jerne utere yn gearspraken. It lei dêrom foar de hân dat er fan Hooft krekt in fers neifolgje soe, skreaun yn dialoochfoarm. Dochs wie der jit hwat oars dat syn kar bipaelde. Arkadië en de pastorale poëzy wiene doetiids tige yn 'e swang; de dichter fan de Rymlerye waerd dêr boppedat hinnelutsen fan syn leafde ta de natûr, it Fryske bûtenlibben en it nocht dat er hie oan it tekenjen fan tafrieltsjes út it frijen fan boerefeinten en -fammen. Ier of let moast hy, minner fan Pales pronckje fen in Fjild, it bisykje mei de idylle, dêr't er in model fan foun miende to hawwen yn Cephalus en Amaryllus. Ut it petear tusken Cephalus, de foreale harder, en Amaryllus, de harderinne dy't fan de leafde neat witte wol, waerd doe berne de Bertsangh twissche AEmaryl in Gôris. Dat hjir neifolging is, stiet net yn 'e kiif. Mar de greate klassiken wiene by steat oarspronklikens en neifolging meiïnoar to forbinen. Ek Gysbert forstie dy kunst, dêr tsjûget in masterwurk as de Muwze-booste wol fan. Lit ús ris neigean of it him yn dit fers like goed slagge is. Al daelk merke wy tusken Hoofts fers en Gysbert sines oerienkomst op, mar ek ûnderskie. Cephalus en Gôris forlikenje beide de leafde mei in fjûr. Mar wylst Cephalus fan himsels allinne tsjûget: Mijn harte gloeijt als vuir van binnenGa naar voetnoot1),
forwyt Gôris AEmaryl: Du blieuwste yz-kâd in stjoer
Al baernste my gleon az in fjoerGa naar voetnoot2).
| |
[pagina 101]
| |
Yn Bocke' mûle waerd dat gearfette yn ien bounige fersrigel:
(Bjuester!) ick barn trog dijn kjealdGa naar voetnoot1).
Mar Enone fan Paris forlitten heare wy ek kleijend roppen: ‘Foy! foranderlijcke Weer-hone, y forstiete my foor myn oonheljen, jane my jon ijz foor mijn fjoer.’Ga naar voetnoot2) En dat laet ús op 'en nij, oer Guy de Tours hinne, nei Ronsard en Petrarca. De leafde biliket yntusken net inkeld it fjûr, it is ek in syktme. Dêroer túlken by Hooft, yn loftich en geastich petear, Cephalus en Amaryllus: A: Soud 't minne wesen?
C: Jae 't, soud ick vresen;
A: Die, hoor ick, plach een mensch te schenden.
C: Och 't is een swaere sieckte vol ellenden.
A: Ist sieckte die besmet?
C: Och ja sij altemet,
A: Soo wil ick dan mijn tret
Van u gaen wendenGa naar voetnoot3).
Gysbert wie gâns swierder op 'e hân. Gôris hat it slim to pakken, hy is oantaest troch min-sjochtme, dat hy soe mei de dichter fan Ljeafde sizze kinne: Heal dea! heal dea, trog Minn'-sjocht', Ljeafke!
Oon' dobbe ig het ljeafds wuwn' my brochtGa naar voetnoot4).
Gôris is der ek min oan ta, frâl hwannear't AEmaryl, dy't er wol trijeris moannet nei syn klacht to harkjen, har troch syn eameljen oer ‘dy swiete Min’ net formurwje lit. Dat's, mey in swird, myn hert trog-staet,
gûlt er. Har hurde wurden litte him fiele, heare en sjen: De Dead-dolg fen dy ljeafde-pleag.
De haedpersoan lykwols is hjir net Gôris, mar AEmaryl, net de feint dy't ôfstegere wurdt, mar de faem dy't him blau jowt. De dichter sels lit dat al útkomme yn de titel fan syn idylle, dêr't - krekt oarsom as wy forwachtsje soene | |
[pagina 102]
| |
- AEmaryl fóár Gôris stiet: Bert-sangh twissche AEmaryl in Gôris. Amaryllus en AEmaryl ûntrinne inoar ek gâns, alhoewol hja beide hjitte nei deselde Mantuaenske harderinne. Hwannear't wy oannimme meije, dat Cephalus Hooft sels wie, dy't hjir syn namme yn it Gryksk fortaelde, dan moat Amaryllus in Juffer west hawwe út it formidden fan de dichter. Yndied folget hja as in goed opfiedne dochter de rie fan har âlden, dy't har warskôgen har to hoedzjen foar de minne en it praet fan frijers gjin acht to slaen. Dan is AEmaryl wol hiel oars: dat is gjin stedske juffer út 'e hegerein, gjin frelle eptich yn harderinne-klean, mar in sljocht bûtenfanke lyk as Yntske. Har âlden hoecht hja der net by to heljen, hja kin it allinnich wol ôf; hja anderet fuortendaelk Gôris: hy sil syn treast wol fine by in oare harderinne, Galathaea. Krektsa woe Yntske Tjerne ôfskypje: Klegge Rins dijn neadenGa naar voetnoot1).
Ek oan har tael, har soms hwat botte útfallen, heare wy dat AEmaryl tichter by Yntske stiet as by Hoofts keine juffer. Gôris syn kleijen achtet hja gjin fiter, syn sizzen achtet hja gjin hier: syn ‘leljen’ rekket har dôf ear. Hja hat him troch: Ey loake het in leazen pert!
Nou is it wier dat it Frysk him dêr ek tige ta liende. Seit Gysbert sels net yn de tsiende psalm fan de godleaze: Hy schil om fromheyt naet in fijtter jaenGa naar voetnoot2).
Gôris, dy't Gysberts eagen meikrigen hat, nimt har ûnderwiles ris tige op, en, lyk as de dichter fan Wobbelke, ropt er optein út: Het biste moy!
Sa'n komplemint hoecht er har net mei oan to kommen: skientme's pronk, sa ringen forflein, Dat's az in wetter-borls op-toy.
Mar hwa hat hjir winlik it wurd? AEmaryl, de jonge, keine harderinne, dy't har tsjeppens leechleit, of de fromme Kalvinist, | |
[pagina 103]
| |
dy't ek al huze yn de minnedichter fan de Friesche Rymlerye? Hwat twingender Gôris syn bea wurdt, hwat mear nocht AEmaryl hat oan syn bearen: Wol biste den so deadlijck wuwn'?
freget hja him spotsk. Einlings, as hy har de knotte tatriuwt: ‘Hâd dear’, jowt hja him to forstean dat it har nearne net nei liket mei him to pearjen: O maet 't iz naerne ney so klear,
dat de minner giet - oars as by Hooft - alhiel forslein syn wegen: Doz gong ick (Herders bern)
Yn frucht-leas ljeafjen gled forlern.
Sa hat Gysbert neffens syn eigen aerd en oanliz yn dizze Bert-Sangh deselde stoffe bihannele as Hooft yn Cephalus en Amaryllus. Hy brocht syn persoanen neijer oan de natûr. Gôris is soms wol hwat útwrydsk yn syn leafdesbitsjûgingen; hy oerdriuwt syn lijen net in bytsje; mar yn AEmaryl is alles geef, suver Frysk. Ut al har dwaen en litten docht bliken dat hja hikke en tein is op it boerelân. Hja is yn-Frysk, útsein har namme; hja hie Yntske, Tetke, Swobke of sokssahwat hjitte hawwe moatten. Mei dizze jongfamme-figuer waerd de Bertsangh twissche AEmaryl in Gôris in weardige tsjinhinger fan Tjerne en Yntske, dêr't wy teffens yn werom founen de dichter fan Wobbelke en fan Ontsleyn' hert. | |
III.Fan Ontsteyn' hert en fan Wobbelke is sein dat it twa ‘suver-Fryske en neat-as-Fryske fersen’ binneGa naar voetnoot1). Dat oardiel liket my sêft sein oerdreaun, binammen hwat Ontsleyn' hert oanbilanget. Dat alteast kinne wy mei rjocht as in suver-Petrarquistysk fers oanmerke. Petrarquistysk is lyk as wy al sjoen hawwe de paradoxale tsjinstelling dy't Gysbert Bocke yn 'e mûle leit: | |
[pagina 104]
| |
(Bjuester!) ick baern trog dijn kjeald.
Petrarca, dy't ek net frij wie fan sokke antithesen, brûkt foar Laura it byld fan in iisskosse dy't him yn 'e brân setGa naar voetnoot1). Petrarquistysk is Bocke's hâlding foar de leafste oer, hy stiet foar har as yn fromme oanbidding, ‘mey fâd'ne hannen’. Hy sjocht as Petrarca tige heech by syn faem op. Laura waerd ommers ek fan Petrarca forhearlike as wie hja in hast boppeierdsk wêzen, in ingel dy't syn geast optilde nei de himelske oarden, him ealer en better makke en him de wei wiisde dy't laette nei it heechste goed. Petrarquistysk is de tsjoen dy't der fan Tjeafke's eagen útgiet op Bocke, dy't troch har ‘oon-gloerckjen’ syn hert forliest. Wy witte hokker bilangryk plak Laura's eagen by Petrarca ynnamen, dy moaije eagen, dêr't er apart trije fersen op makke en dêr't er nei har dea fan sei dat se syn sinne wiene. Der wie yn Laura har eagen eat dat fuortynienen de nacht ljocht en de dei tsjuster meitsje koeGa naar voetnoot2). Ronsard, de Frânske PetrarcaGa naar voetnoot3), jowt yn syn leafde-sonnetten deselde macht oan Cassandra har eagen: Un oeil puissant de faire jours les nuicts,
en oan Hélène de Surgères har loaitsen: Tes regards foudroyans me percent de leurs rais
La peau, le corps, le coeur comme poinctes de trais.
Hooft, har beider learling, praet yn in minnesang dy't aenst ús omtinken freegje sil ek al fan ‘uw vermogen ooghen’. Petrarquistysk is it thema fan it stellen fan de minner syn hert. Tjeafke stiel Bocke syn hert lyk as Laura Petrarca sinesGa naar voetnoot4). Ronsard achte dat Hélène him mear ûnthelle hie as de binde streupende soldaten dy't syn hûs plondere hiene; hja hie ommers syn hert stellen: Les soudars m'ont pillé; tu as ravy mon coeur.
Tu es plus grand voleur...Ga naar voetnoot5).
| |
[pagina 105]
| |
Petrarquistysk is einlings de fornimstige, faken precieuse foarm dêr't de dichter yn dit fers nei stribbe, in fornimstigens dy't my tinken docht oan de minner fan Cassandre, dy't yn in sonnet skriuwt: Je vous tiens mienne, et si ne suis pas mien.Ga naar voetnoot1)
Bocke seit fan Tjeafke: Dy my mijn eyn-salme' ontstelt.
Sjolle Kreamer spriek deselde tins hwat ienfâldiger út doe't er Tetke in tafriel út 'e tiid fan har frijen foar de geast brocht: 'k Wier ijn Dy my selm al quijt.Ga naar voetnoot2)
Rjochtstreeks forbân mei de greate Florentynske dichter sil ús Fryske sjonger wol net hawn hawwe. Nouris, yn Paris forlittende Enone en de Historje fen Dorilis in Cleonice, tsjinnen Frânske skriuwers, lette Renaissance-dichters en humanisten, him as forbinings-skeakels mei Petrarca, dan wer wiene it Hollânske dichters, binammen Hooft. Nou folget yn de Boalserter útjefte fan de Friesche Rymlerye, printe neffens Gysberts hânskrift, Ontsleyn' hert op de Bert-Sangh lyk as dêr ek nei elkoar komme de fiif fersen dêr't Roemer Visscher de boarne fan wieGa naar voetnoot3). Sa kaem ik derta to ornearjen dat Ontsleyn' hert, dat fers mei sa'n tige Pétrarquistysken ynslach, de Fryske sjonger mooglik fan Hooft ynspirearre waerd. | |
IV.Ontsleyn' hert is de bea fan in feint oan de faem dy't him it hert út it boarst stiel. Dat wie ‘mei gewelt’ tagien. It boarst hie hja him troch de macht fan har eagen iepen snien. Hja moat it him it hert mar gau weromjaen. In libben ‘sonder hert’ is ommers gjin libben. Ynienen bitinkt er him: it hoecht net; hy hat útfoun dat hja it ‘in better plak’ jaen kin. Hja mei it hâlde as hja it slút yn har hert: Mijn ijn dijn, in dijn om mijn.
| |
[pagina 106]
| |
Sjêdêr de koarte ynhâld fan Gysbert syn fers, mar gearfette mei omtrint deselde wurden dy't Hooft brûkt yn de foarste koepletten fan in minnesang, ek in bea oan de leafste, dat hja him dochs net it hert ‘mei gewelt’ út it boarst skuorre sil troch de macht fan har eagen. Hja mei it lykwols hâlde, krekt as Tjeafke Bocke sines, hwannear't hja it ‘in better plak’ jowt. Dat bettere plak is har boarst. Hielendal tofreden soed er ek dan net wêze. Dêrta is nedich, dat hja roalje, syn hert yn har boarst en har hert yn syn boarst. Hwant leafed ‘sonder hert’. - mient Hooft - is neat: Ghij die, met sulck geweldt, gaet wt mijn bosem rocken
Mijn teer gevangen hart, op weinich toeverlaets,
Gesworven heeft het lang genoech in ongelocken,
Ach rooft sijn plaetse niet, of geeft het beter plaets!
Maer is uw elpen borst soo vol van mededoghen
Als wel uw reden, en uw zeden geven schijn,
En alsser soetheit vloeyt wt uw vermogen ooghen
Soo huist mijn harte daer, en 't saller beter sijn.
Dan lust u, helder op te claeren al mijn treuren,
Godin? uw eedel hart weêr in mijn bosem voecht.
Dus verre streckt mijn wensch. Want of mij schoon mocht beuren
Uw lichaem sonder 't hart, noch bleef ick onvolnoecht.Ga naar voetnoot1)
Dat it lichem sûnder it hert neat is leart ús wol de skiednis fan Hippomenes en AtalanteGa naar voetnoot2). Hippomenes woun Atalante mei de glâns fan de gouden apels dy't Venus him joech, mar har hert wie net to keap. Hwat hie ek de Moanne oan Endymion, dy't nea wekker waerd út syn slomme; hja hie like goed de kâlde klippen patsje en streakje kinnen, Als 't lichaem daer de sin af elders is verwart. Nei dizze mythologyske útwreiding einget ek Hooft syn fers yn in puntdicht: | |
[pagina 107]
| |
Wilt ghij mij troosten Troost? als ghij mij leent uw lippen,
Soo laet mij eigendoom genieten aen uw hart.
By oerienkomst sjogge wy ek hjir ûnderskie tusken de twa dichters. Allebeide sizze hja yn har fers ‘sonder hert’ en wreidzje dêr oer út, mar Hooft hat it oer de leafde fan har dy't er syn ‘goadinne’ hjit en Gysbert tinkt oan it lijen fan Bocke, de foreale jongfeint. Hooft makket in rynsk brûkme fan de mythology, lyk as Ronsard yn syn sonnetten oan Cassandre en Hélène. Gysbert koe it - lokkich mar! - sûnder mythologyske bylden stelle, dy't ús út Bocke' mûle ek nuver yn 'e earen klinke soene. Dat foar Hooft leafde sûnder it hert neat wie, en ek neat wêze koe, spriek hast fansels om't leafde dêr't de siele gjin part oan hat alhiel net oerienkaem mei Petrarca's leafdesmystyk, dêr't Platonisme en Kristlike tinzen, oernomd fan de Troubadours, yn gearraend binneGa naar voetnoot1). Gysbert folget Hooft dêryn net. Bocke tinkt net oan Tjeafke' hert, mar oan syn eigen, dat er kwyt rekke wie; hy libbet sûnder hert, dat is him wol oan to sjen:
Sonder hert iz sonder libben.
Sonder libben libje' ick, klear.
't Flesck fortorret fen mijn ribben,
In ick layts jiette' om mijn seer.
Ljeafke, ljeafke ‘Hert-in-sinne-Tjeafke,
Jou my hert in sinnen weer.Ga naar voetnoot2)
Sierlik is de foarm dêr't Gysbert Bocke syn tinzen yn klaeit. Gjin wurd is der tofolle yn dizze strofe en elts wurd stiet op syn plak. Swietlûdich as muzyk rûzje de lûden yn it rym en de twaris en sels trijeris weromkommende en as refreinen klingeljende wurdforbinings, dy't oan de ein Bocke' bea sa twingend meitsje. Dat hoecht yn swietlûdigens net binefter to stean by it twadde koepiet fan Hooft syn Sang: Maer is uw elpen borst soo vol van mededoghen
Als wel uw reden, en uw zeden geven schijn,
| |
[pagina 108]
| |
En alsser soetheit vloeyt wt uw vermogen ooghen
Soo huist mijn harte daer, en 't saller beter sijn.
Gysbert Japicx bleau it plattelân trou, ek doe't er nei it foarbyld fan Hooft de wei fan Petrarca opgie. Tjeafke forskynt oan Bocke as it swietste fanke Fen uwz Boertt', Gea, Goa in Lannen.
Bocke sels lit him kenne as in Fries fan boerekomôf. Al hoe kreas en kunstich hy it ek sizze kin, syn leafdesbitsjûgingen moat er klam en krêft jaen. Realistysk is syn wurdkar, syn wize fan sizzen as er syn lijen útbyldet: it flesk fortoarret him fan 'e ribben. Mar dat hwat rûge en rouwe realisme is oertsjûgjender as Hoofts mythology. Bocke mient hwat er seit, dêr hoege wy gjin amerij oan to twiveljen. Hy liket my bisibbe oan Tjerne. Hy laket om, syn lijen, krekt as skamme er him der foar en woed er himsels en ús wysmeitsje dat it sa slim net wie. Dàt alteast is yn-Frysk. Yn syn soarte is Ontsleyn' hert in masterwurk, lyts mar geef, al kin ik de tins net fan my ôfsette dat it bitocht is om de lêste geastige en fornimstige fersrigel: Mijn ijn dijn, in dijn om mijn,
dy't fan dat boartlike minnefers in epigram makket. Professor Kalff neamde Gysbert Japicx ‘in weardich learling fan Hooft’.Ga naar voetnoot1) Mei dit oardiel kin ik meigean foar sa fier it de Bert-Sangh oanbilanget. Mar syn Ontsleyn' hert hoecht gjin bilies to jaen foar de Sang dy't Hooft makke oer syn ‘finzen hert’. Dêr lit de learling him kenne as in master.
Ljouwert, 1947. |
|