Sa mealle har tinzen fan Folkert nei Auke en fan Auke nei Folkert. Hie se mar hwat mear oanhâld, mar op dit stuit is sy de iennichste dy't bûten mei. De oaren binne sa fier noch net.
As se werom sil nei har sealtsje, sjocht se de sikenauto foar de yngong stean. Suster komt har foarby mei tekkenspul ûnder 'e earm.
‘Ik moat in nije pasjint ophelje,’ fortelt se, ‘by jimmes wei.’
‘Hoe hjit se?’ freget Bouk binyd. ‘Of is 't in man?’
‘Né, in frou. Namme wit ik net, de sjofeur hat it adres’. En dan drafket se nei de wachtsjende auto.
In ûrke neitiid is alles yn opskuor op 'e diphtery-ôfdieling. De nije pasjint is oankommen en 't skynt in slim gefal to wêzen. Se komt tominsten op in keammerke allinnich en der moat in suster by sitte. Ek hearre se oan 'e lûden op 'e gong, dat de stoomtsjettel rémakke wurdt. Hwa 't it dochs ris wêze mei?
As it measte hwat birêdden is, komt suster efkes op seal.
‘De nije pasjint hjit fan Piersma,’ seit se gau, ‘har man sit yn in N.S.B.-kamp.’
Bouk wurdt sa wyt as in doek. Wybrens Rim....
Suster fornimt lykwols neat. ‘Hat er gâns hwat útheefd?’ freget se noch, ‘of wie 't nochal in makkenien?’
‘Hy hat myn man de dea ynjage!’
It is binearjend stil as se dizze wurden sein hat en lang bliuwe se op 'e seal hingjen. Elts fielt, hwat in sé fan ellinde der efter leit. Ellinde en bitterheit.
Bouk sliept net folle de nachts. Op 'e ôfdieling is it ek drok en ûnrêstich, mar it binne dochs meast har eigen oerstjûre gedachten, dy't har út 'e sliep hâlde.
As se de oare moarns foar suster ôfwasket yn it lytse kokentsje, giet der op 'e gong in doar iepen en heart se in manljusstim. In momint stiet se ûnbiweechlik. Dat is 'm....
‘Ik kin har noch net misse, suster,’ heart se him sizzen, heas en oandien.
Yn trije stappen is se by de doar.
‘Ik koe Folkert ek net misse, Wybren!’ slingert se him yn 't gesicht.
Deawyt wurdt er, syn eagen great fan ûntsetting.