De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 46] [p. 46] Klaes Dykstra: Ballade By âlds sahwat healwei Ljouwert en Grins Wenne lykme-allinne ‘minhear’..... Jit stiet forkrûmele d' âlde stins Mank forwyldere roazen en flear. Oer it sté forwaeit in sêft gerûs, Lyk fine fioelmuzyk..... En binnen yn 't swijend hûs Sjongt skiere romantyk. Dêr stiet in tûkje koetsebei Pordroege yn in faes; Dêrneist it giele deiboek mei Minhear syn lêst relaes: Oon 'e Muwntsewey iz dit my bard: It wier doeken lieafflycke vrou... Oon her schouders ley it hier so swart In her eagen gloercken so blau. Jea kâte fen in bjuester wâd, Dear it lock manck de struwcken song... Jea wier het schrael in lycke het âd, Lyckwol lake so tygge jong. It wier fen Augustus de foorste dey In wy binne de bosck yn gien, Oont in pleats, dear gloeyde de kuwtsebey Rea-kraeljend jiin it grien. Jea seag my liordich oon in ey! Her muwlle waerd read az in roos, Jiette gloeyender az de kuwtsebey... In wy leyne togear op it moos. [pagina 47] [p. 47] Her lidden waerdene jong in ruwn, Ick fielde her pruwze macht In ick hab her hiel myn lieafde juwn De goadganscke donckere nacht. Ick wier fen her in jea fen my Fenne juwne to de moarn... Maer alle lock drieuwt iens foorby, Her ljea binne schrael weer woarn. In mysterieus iz jea fordwuwn, Weerom lanze Muwntsewey In ick hab oorz nin oontinsse fuwn Az in toeckje kuwtsebey. It iz fen Augustus de foorste dey - Sawn jier fen quelling forgien - Weer hab ick hjoey oonne Muwntsewey Lang ney her to suchjen stien. Maer alle hoop iz leaze schyn, To lang doerre it libben wif... Juwn ming ick trogge baernde-wyn In mannig schoatjes forgif. In hab ick it focht ynne lorge stoart, Dan schatteret muwlck dy vrou... Oon her schouders ley it hier so swart In her eagen gloercken so blau. O, Wierheyt! fljug moarn az dighelfioer: Ick hab mysalme forjuwn; Ick juwch my oon it bosckwiiv uwr, Dat myn hert in siel dearby wuwn!... It ljocht falt waerm oer 't deiboek mei Minhear syn lêst relaes En strykt oer 't tûkje koetsebei, Fordroege yn 'e faes. [pagina 48] [p. 48] Forwyldere leit it âlde hûs In eintsje bisiden de dyk... Oer it sté forwaeit in sêft gerûs Lyk fine fioelmuzyk. Broas lok It ljocht falt hjoed sa kostlik oer de tunen En by de âld klinte lâns wynt reade roas; Foar 't blau forwege sêft de boekekrunen..... Mar och, wyt goed, al 't lok is koart en broas. Sa stiet it al biskreaun yn wize runen..... En hjoed: wy sliepe op licht-fearjend moas, Dêr 't de ealste groun him spriedt mei delte en dunen; Wyld-swiet op waerme seamen bloeit framboas. Mar wyt it goed, al 't lok is wif en koart, It tiert en wilet as papsûgers-blommen En lyk as hjerst de simmer folgje moat, Is nei geniet forlangst en pine op kommen. Sa touterje wy mei yn Libbens sok Op wankele kantelweach fan langst en lok. Allinne fan dij en mij Allinne fan dij en mij sjongt wyn to-nacht, Allinne fan ús is matroaze dream'rij, De ierde is fol fan lústerjen sacht Allinne fan dij en mij. Allinne fan dij en mij brekt weach yn skom, Allinne fan ús reauntet bjirks méloadij; Sinne en rein fortelle de blom Allinne fan dij en mij. [pagina 49] [p. 49] Allinne fan dij en mij, oant alles forgiet; Allinne fan ús is al wrâlds makelij... Hwant wy binne Leafde, en God Sels bistiet Allinne fan dij en mij. (Louis Untermeyer) Hwat net weromkomt In memoriam S. De âlde iivge Maeitiid giet Wer nij har drôve iivge wei, Mei tear-rea ljocht, dat sêft forbliedt, Yn 't útgean fan 'e dei. Heech oer my driuwt de moanneskiif, In skaed yn 't twieljocht toutert wach; Mar nea komt wer, 't is bûte kiif, Har leave eachopslach. (Bliss Carman) Vorige Volgende