terpdobbe fan Nommenswarf, al dit makket him los fan 'e inkeld sinlike oanskôging en kriget syn ynhâld troch de wei fan it visionnaire. ‘It each forbynt, mar it bitinken mear.’ Ek de âlde nammen en doarpsanecdoaten dy't hjir en dêr troch de fersen dwale, hja meije somtiden de skyn hâlde fan it ûnbilangryk tafallige, faken komme hja dêrboppe ut en krije eat fan fragminten, oerwaeid út in forgetten mythe.
Dit ‘mythyske’ by Postma ropt soms sels in fier oantinken towekker oan de poëzij fan ien, dy't fierders syn folsleine antipode liket: A. Roland Holst. En, op gefaer ôf de stoffe to leverjen foar nije gelegenheitsgedichten, mar sûnder de irony dy't Postma sa hiem hawwe kin, mei men wol freegje: is der yn wêzen ûnderskied tusken Helena fan Troje en de Boerinne fan Surch, tusken de Kelte-kening Concobar en Aesge of Keimpe fan Blije? De Fryske dichter sels soe hjir foar it neist né glimkje. Hwant:
Der binne langsten, dy't as wylde fûgels
Flean' út elts hert dat macht hat ta it liet.
It saneamde frije fers, dat sûnder de gewoane poëtyske stylmiddels fan mjitte, rym of strofebou, inkeld op it rhythme oanwiisd is en dat de dichter al bioefenet sûnt 1923, doe't it rounom yn Europa in tiidlang yn 'e swang wie, fynt men yn It Sil Bistean wer rju foarbylden fan. Dat it hjir gjin moadeforskynsel of stylexperimint is, hoecht njonkelytsen gjin útliz mear. Earnehwer hat dit fers, mei syn iepen en earlik karakter en mei syn minimum oan ‘technyk’, yn dizze dichter inerlik oansluting foun.
Dochs kin men net sizze dat yn dit slach fersen de hichte birikt is, dy't ienkear helle waerd yn it greate gedicht ‘As ik opdroegen wurd’ út 'e foarige bundel Dagen. It bliuwt my to folle by commentaer yn rhythmysk proaza op alderhanne actualiteiten (Folksbiweging, De Bûthúsbank, Produksjeslach), wylst ek de exclamaesje ryklikernôch tapast wurdt, hwertroch it fers gauris oan suggestive krêft forliest.
Mar al hinget men der nei oer, dit frije fers qua stylproef mislearre to neamen (is in rigel as: O jimme tiidsforsetters! O jimme ‘it folts syn wêzen kenne litte’ wollers! dêrta gjin