De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 40]
| |
BalansSa hawwe wy ús twadde maitiid hawn
en sizze licht hwat minder greate dingen
as doe't ús hannen bliid de earstelingen
forline simmer rispen op it lân.
Hjoed stean wy wol ris efkes yn bistân,
forslein by't sjen fan ús forrifelingen;
en ús forwachting sjocht net mear sa ringen
yn eltse flauwe flam in machtge brân.
Nou witte wy hoe lyts ús krêften binne
en kenne ússels: ta elts forrie by steat;
wy sil net fier mei eigen trou mear rinne.
Hwant yn binearing hat ús leauwe leard
dat by des Heare trou ús leafde allinne
bistiet, Sa bin wy nij ta 't libben keard.
|
|